Content-Length: 150427 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Monoteisme

Monoteïsme - Wikipedy Springe nei ynhâld

Monoteïsme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Monoteisme)
In manuskript fan 'e Koraan, út 'e sânde iuw.

It monoteïsme is de foarm fan godstsjinst dêr't mar ien god by erkend en/of fereare wurdt. De bekendste monoteïstyske religyen binne it kristendom, it joadendom en de islaam. Monoteïstyske religyen kinne op twa manearen ûntstean: itsij troch in iuwenlange stap-foar-stap-ûntwikkeling út polyteïsme wei troch filosofyske skôging, itsij mei in abrupt skokeffekt troch in profetyske oprop ta it útslutende erkennen en tsjinjen fan 'e "Iene God".

Untstean troch filosofyske skôging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it gefal fan in ûntstean fan monoteïsme troch in stadige ûntwikkeling fanút in earder polyteïsme (meargoaderij) binne der altyd guon tuskenstappen. De meast foarkommende dêrfan binne henoteïsme en monolatry. Henoteïsme hâldt it leauwen yn in oergod yn, dy't oan it haad stiet fan it panteön mei alle oare goaden. Monolatry is it útslutende tsjinjen fan ien beskate god as dejinge dêr't men op betrout, wylst men it bestean fan in grut tal oare goaden net ûntkent. It monoteïsme kin dan ûntstean út in henoteïstysk of monolatrysk polyteïsme op grûn fan it religieus-filosofyske betinken dat alle goaden manifestaasjes of ferskillende aspekten binne fan ien heechste oppergodheid.

Dy opfetting bestie bygelyks yn Grikelân en it Midden-Easten yn 'e hellenistyske tiid (350-100 f.Kr.), û.o. by wiisgearen as Plato en Aristoteles, en tsjintwurdich komt it noch foar yn in part fan it hindoeïsme. Men moat dêrby wol beseffe dat it yn sa'n gefal nea om in strang monoteïsme yn 'e Westerske, kristlike sin fan it wurd gean kin; de oergong tebek nei henoteïsme en monolatry bliuwt yn 'e regel floeiend. Ek is filosofyske skôging ornaris eat dêr't mar in lyts part (de elite) fan in befolking tiid of begryp foar hat, sadat dit soarte fan monoteïsme de legere klassen (of kasten, yn it gefal fan it hindoeïsme) nea berikt.

Untstean troch in profetyske oprop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It monoteïsme dat op abrupte wize ûntstien is troch in profetyske oprop, is it monoteïsme dat yn 'e Westerske wrâld it bekendst is. Dit strange monoteïsme komt, yn elts gefal hjoed de dei, ek fierwei it meast foar en foarmet de basis fan it joadendom, it kristendom en de islaam, en ek fan it sikhisme, it bahaïsme, guon hindoeïstyske sekten en in tal lytsere godstsjinsten.

Farao Achenaton en syn húshâlding yn 'e sinnestrielen fan Aton. (De 2e f. l. is Tutanchamon, de soan fan Achenaton.

It ierste monoteïsme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De alderearste – of teminsten de âldst bekende – foarm fan monoteïsme ûntjoech him frjemd genôch min ofte mear op beide manearen, nammentlik troch de filosofyske skôging fan ien man, dy't dêrnei syn ideeën oan syn ûnderdienen oplei, eat dat foar harren grif as in grutte skok kaam.

Hjirby gie it om 'e saneamde Amarna-tiid yn it âlde Egypte. In farao út 'e Achttjinde Dynasty, Amenhotep IV, dy't regearre fan 1364 oant 1347 f.Kr., sa'n hûndert jier foar't Mozes syn jahwistyske leauwe stifte, helle nammentlik ien god út it Egyptyske panteön en foarme dêr in monoteïstyske kultus om hinne. Dy god wie Aton, de ferpersoanliking fan 'e sinneskiif, en oant it begjin fan 'e Achttjinde Dynasty net in godheid op himsels, mar in aspekt fan 'e sinnegod Amon-Ra. Amenhotep (dat betsjut "Amon is tefreden") feroare syn namme yn Achnaton ("Dy't Aton behaget") en ferhuze de haadstêd fan it ryk fan Tebe nei it nij boude Achetaton ("Ljochtlân fan Aton"), de hjoeddeiske ruïnestêd Tell el-Amarna.

It is net alhiel dúdlik oft de Aton-kultus wol echt monoteïstysk wie. Wat de farao Achnaton sels oangong, wie dat wierskynlik wol sa. Foar de elite om 'e farao hinne sil it lykwols mear yn 'e rjochting fan in monolatrysk polyteïsme gien wêze, en foar it sljochtwei folk wie it nei alle gedachten in henoteïstysk polyteïsme. Hoe dan ek, nei Achnaton syn dea waarden syn herfoarmings troch syn opfolgers, Smenchare en de bekende Tutanchamon (berne as Tutanchaton), rigoereus weromdraaid en fan 'e ein fan 'e Achttjinde Dynasty ôf waard Achnaton as in ketter beskôge; syn namme waard fuortskrast út ynskripsjes en op offisjele keningslisten kaam er net mear foar.

Relaasje tusken God en minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It monoteïsme, alteast yn syn strange foarm, hat gjin holistysk wrâldbyld, sa't polyteïstyske religyen dat ornaris hawwe. Oanhingers fan monoteïstyske leauwenssystemen geane der dus fanút dat God út fûneminteel oare matearje bestiet as de minsken. Sadwaande bouwe sokke godstsjinsten logyskerwize al gau safolle mear romte yn tusken God en de minske, dat der in ûnoerbrêchbere kleau ûntstiet.

Relaasjes tusken monoteïstyske en oare religyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boppedat is it monoteïsme fan natuere in yntolerante godstsjinst, want as der mar ien god bestiet, moat dat wol betsjutte dat alle oare goaden – dy't dêrom "ôfgoaden" neamd wurde – ûntkend, of sels te fjoer en te swurd bestriden wurde moatte. Dat is sels of soms nammenste mear it gefal as it dêrby giet om oare (of yn elts gefal as oars beskôge) monoteïstyske goaden. Lykas bekend hat dat idee yn 'e lêste fjouwertûzen jier in spoar fan bloed troch de skiednis fan 'e wrâld lutsen.

Fûnemintalisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dy ynboude yntolerânsje yn it monoteïsme hat yn 'e lêste twahûndert jier de opkomst fan in streaming feroarsake dy't yn alle grutte monoteïstyske religyen foarkomt (en dêrbûten folle minder): it fûnemintalisme, dat it weromkearen nei de fûneminten fan 'e oangeande religy foarstiet. De Britske publisiste Karen Armstrong hat der op wiisd dat it iroanyske is dat fûnemintalisme krekt anty-monoteïstysk of sels idolatrysk is, omdat dêrby net mear God sintraal stiet, mar fergoade tinkbylden, lykas it Hillige Lân (by joadsk fûnemintalisme), de Bibel en "gesinswearden" (by kristlik fûnemintalisme), de histoaryske islaam (by islamitysk fûnemintalisme) of de Gouden Timpel fan Amritsar (by sikhistysk fûnemintalisme).

It feroarjende godsbyld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Men moat jin reälisearje, dat ek by monoteïsme net altyd persiis deselde god fereare wurdt; de minsklike godsfoarstelling is krekt as alle oare minklike tinkbylden bleatsteld oan 'e feroarings fan 'e tiid. De iere kristenen, bygelyks, sille in hiel oare godsfoarstelling hân hawwe as de kristenen fan hjoed de dei, allinnich al om't it foar minsken fan hast twatûzen jier lyn folslein ûnfoarstelber wie dat der ea astronauten op 'e Moanne omkuierje soene.

Boppedat binne troch de hiele skiednis hinne ferâldere godsfoarstellings of guon dy't om oare redens net mear foldiene, op in soms tige rigoereuze wize ôftanke om ferfongen te wurden troch in modernere teology. It gefolch dêrfan is fansels dat it godsbegryp ek by monoteïstyske religyen in grut ferskaat oan betsjuttings omfettet, wêrfan't gauris ferskillende yn deselde tiid njonken inoar foarkomme en wêrfan't sommigen inoar tsjinsprekke of sels útslute. Fûnemintalisten soene dat fansels ûntstride, om't fûnemintalisme fan natuere in histoarysk refyzjonistysk is. Hjoeddeiske kristlike fûnemintalisten leauwe dêrom bygelyks yn 'e ûnlogyske en bewiisber ûnwiere noasje dat de aartsfaar Abraham, de Israelityske foaroanman Mozes, de profeet Jesaja, Jehannes de Doper, de apostel Paulus en alle oare bibelske figueren allegearre op persiis deselde manear yn God leauden as sy dat sels dogge; mei oare wurden, dat der in objektive en ûnferoarlike godsfoarstelling bestiet. Yn it echt is eltse foarstelling fan God subjektyf en dêrom allinne al tige by tige feroarlik.

Foar de opkomst fan it - bûtengewoan ynfloedrike - fûnemintalisme hienen de measte monoteïsten abslút gjin muoite mei dy feroarlikens fan it godsbegryp. Foar harren wie it fanselssprekkend dat har foarstellings fan God allinne mar provisoarysk wêze koene, om't de minsklike ideeën oer God folslein losstienen fan 'e ûnbeskriuwbere wurklikheid dy't dermei symbolisearre waard. In Midsiuwsk mystikus gie dêr sels safier yn, dat er sei dat dy uterste wurklikheid, dy't de minsken "God" neame, sels net iens yn 'e Bibel neamd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Armstrong, K., Een Geschiedenis van God - Vierduizend Jaar Jodendom, Christendom en Islam, Amsterdam, 1993.
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor's Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • ―, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Smith, H., De Religies van de Wereld, Utert, 1999.








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Monoteisme

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy