Content-Length: 92428 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Oaljefant

Oaljefanten - Wikipedy Springe nei ynhâld

Oaljefanten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oaljefant)
Savanne-oaljefant yn in dieretún

De Oaljefanten (Elephantidae) binne in famylje fan sûchdieren yn it skift fan de Slurfdieren (Proboscidea). De namme wurdt ek wol brûkt foar gâns it skift omdat dat mar ien famylje hat.

Oaljefantfoetôfdruk nommen yn it Nasjonale Park Chobe (Botswana)

Oaljefanten, hoe grut se ek binne, binne yn it Tertiêr mei de Seekij evoluearre út de Klipdaske. De moderne oaljefantsoarten binne likernôch fjouwer meter heech en wage sa'n 5.000 (Aziatyske Oaljefant) oant 7.000 (Savanne-oaljefant) kilo. De noas is útwoeksen ta in slurf, dy't de oaljefanten as in lidmaat mear brûke. Dit hawwe se nedich omdat de fjouwer grouwe poaten allinich noch foar it dragen fan har swiere liif boud binne.

De Aziatyske oaljefant waard oant foar koart noch in soad brûkt by swier wurk, en hie dêrby in funksje lykas yn Jeropa it hynder. De Afrikaanske oaljefanten lieten harren net foar minskewurk ynsette.

Alle soarten waarden oant yn dizze tiid bejage om harren ivoar; strikte konvinsjes, dêr't de measte lannen harren oan hâlde, hawwe dêr fierhinne in ein oan makke. De Afrikaanske oaljefanten stean byelkoar op 600.000 eksimplaren en foarmje hjir en dêr alwer in pleach; de Aziatyske soarte hat noch mar 40.000 fertsjintwurdigers en docht it net sa goed.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Oaljefant

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy