Abraham Ortelius
Abraham Ortelius (* 14 april 1527, Antwerpen - † 4 july 1598, Antwerpen) wie in kaartmakker en geograaf, mei as bynamme "de Ptolemaeus fan de 16e iuw".
Abram Orelius studearre yn Antwerpen Gryksk, Latyn en Wiskunde. Earst waard er kaartferkeaper en boekhanneler, mar hy learde wyls foar kaartmakker.
Yn 1570 kaam de earste útjefte fan syn wichtichste wurk, Theatrum Orbis Terrarum (Teater fan de ierdbol), út, dat nei alle gedachten de earste kear wie dat in bondel fan kaarten as boek útjûn waard. Oant likernôch 1612 wienen der 42 útjeften fan it boek, yn 7 talen: Latyn, Dútsk, Flaamsk, Frânsk, Spaansk, Ingelsk en Italjaansk.
Kaarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Wrâldkaart: Typus Orbis Terrarum 1570
-
Europa 1572
-
Palestinae 1570
-
De Nederlannen yn âlde tiden: Belgii Veteris 1594
-
Zelandiæ 1598
-
Grutte Oseaan
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Cartographica Neerlandica
- Abraham Ortelius op it webstee fan de Keninklike Bibleteek fan Belgje
- Kaarten fan Ortelius op de webside fan de bibleteek fan de Universiteit fan Amsterdam
- H.A.M. van der Heijden, Abraham Ortelius en de kaart fan de Nederlannen yn de Romeinske tiid, yn Hermeneus 71 (1999), pp. 184-195.
- Nederlânske Humanisten, art. 'Ortelius, Abraham (1527-1598)'