Content-Length: 143068 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Boargeroarloch

Boargeroarloch - Wikipedy Springe nei ynhâld

Boargeroarloch

Ut Wikipedy
De Earste Slach by Bull Run, ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch.

In boargeroarloch of boargerkriich, soms ek wol in binnenlânske oarloch of yntern konflikt neamd, is in oarloch wêrby't de stridende partijen diel útmeitsje fan itselde lân. Boargeroarloggen wurde gauris útfochten om religieuze, etnyske of polityk-ideologyske redens, mar soms is it simpelwei in striid tusken twa rivalisearjende groepen dy't beide de macht yn in lân hawwe wolle. De oantsjutting 'boargeroarloch' is in lienfertaling fan it Latynske bellum civile, dat yn 'e Aldheid brûkt waard om te ferwizen nei de ferskate boargeroarloggen fan 'e Romeinske Republyk. De term betsjut net dat der boargers by de striid belutsen binne (hoewol't dat faak wol sa is), mar dat de oarloch útfochten wurdt troch steatsboargers fan itselde lân.

As wapene konflikt binne boargeroarloggen faak barbaarsker en fan hegere yntinsiteit as 'gewoane' oarloggen. Der binne faak ûngeregelde militêre of paramilitêre groepen by belutsen, en der wurde gauris slachtings ûnder de boargerbefolking by oanrjochte en ek oare oarlochsmisdieden by begien, oant sels genoside ta. Fierders liede boargeroarloggen net selden ta in lange, slepende striid, dy't wat langer wat dreger te beëinigjen wurdt om't ferbittering op 'en doer in wichtige rol begjint te spyljen. Sadwaande is it tol oan deaden en ferwûnen fan in boargeroarloch faak heger as dat fan 'e trochsneed oarloch.

Sineeske kommunistyske soldaten yn 'e rinfuorgen yn 1946, ûnder de Sineeske Boargeroarloch.

Yn 'e measte moderne boargeroarloggen wurdt yngrepen troch machten fan bûten (d.w.s. bûtenlânske steaten of aginten fan bûtenlânske steaten), itsij om 'e boargeroarloch oan 'e gong te krijen of te hâlden, itsij om him te beëinigjen, itsij beide. Yngripen troch in oare steat yn in boargeroarloch om de striid te beëinigjen, wurdt yntervinsje neamd. Histoarikus Patrick M. Regan skreau yn 2000 yn syn boek Civil Wars and Foreign Powers, dat yn likernôch twatrêdepart fan 'e 138 boargeroarloggen yn 'e wrâld tusken 1945 en 2000 yngrepen waard troch bûtenlânske regearings om in ein oan it bloedferjitten te meitsjen. De Feriene Steaten wiene neffens Regan by 35 fan dy yntervinsjes belutsen.[1] Tsjintwurdich foarmje de Feriene Naasjes faak it platfoarm om yn in boargeroarloch te ynterveniëarjen, troch in fredesmacht te stjoeren.

Sûnt de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch hawwe boargeroarloggen yn trochsneed fjouwer jier duorre, in dramatyske taname yn doer, yn ferhâlding ta de oardel jier dy't it gemiddelde wie yn 'e perioade 1900-1945. Hoewol't it tal boargeroarloggen sûnt de midden fan 'e njoggentjinde iuw likernôch gelyk bleaun is, hat de langere doer soarge foar gruttere materiële skea en mear deaden en ferwûnen, net inkeld ûnder de leden fan 'e stridende partijen, mar ek ûnder de boargerbefolking. Ek binne der trochdat de konflikten langer oanhâlde, mear boargeroarloggen tagelyk oan 'e gong as foarhinne. Sa wiene der yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw nea mear as fiif boargeroarloggen tagelyk yn 'e wrâld geande, wylst dat oantal yn 'e 1990-er jierren mear as tweintich bedroech.

Sûnt 1945 binne der wrâldwiid mear as 25 miljoen minsken omkommen by boargeroarloggen, wylst nochris hûnderten miljoenen dertroch as flechtlingen om utens of yn oare dielen fan it eigen lân bedarre binne. Boargeroarloggen hawwe boppedat resultearre yn 'e folsleine ekonomyske ynstoarting fan lannen as Angoala, Bosnje, Burma, Kambodja, Libanon, Mozambyk en Oeganda, dy't pas nei lange jierren fan weropbou wer by de wâl oan it opklauwen binne. Lannen as Afganistan en Somaalje lizze noch altyd folslein yn pún troch boargeroarloggen, en wurde wol as mislearre steaten beskôge.

Bekende boargeroarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In checkpoint yn Beirût, ûnder de Libaneeske Boargeroarloch, yn 1982, bemanne troch it Libaneeske leger en Amerikaanske mariniers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Regan, Patrick M., Civil Wars and Foreign Powers: Outside Intervention in Intrastate Conflict, Ann Arbor (Michigan), 2000 (University of Michigan Press), ISBN 978-0 47 21 11 251.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Boargeroarloch

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy