Content-Length: 143762 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Botany

Botany - Wikipedy Springe nei ynhâld

Botany

Ut Wikipedy
In njoggentjinde-iuwske botanyske yllústraasje fan 'e Aziatyske rysplant.

Botany of plantkunde is de foarm fan biology dy't him dwaande hâldt mei it bestudearjen fan planten. Biologen dy't har dêrop talizze, wurde botanisy (inkeltal: botanikus) of plantkundigen neamd. De term "botany" komt fan it Aldgrykske wurd βοτάνη, botanē, dat "greide", "gers" of "foer" betsjut. Tadisjoneel omfiemet de botany ek:

Hoewol't no dúdlik is dat algen en skimmels gjin planten binne, hearre de fykology en de mykology noch altyd ta it wurkmêd fan it Ynternasjonaal Botanysk Kongres. Tsjintwurdich bestudearje botanisy sa'n 400.000 soarten organismes, wêrûnder likernôch 260.000 soarten faskulêre planten (Tracheophyta) en ûngefear 248.000 soarten blommen.

Botany giet werom op it iere herbalisme út 'e prehistoarje, wêrby't minsken besochten om ytbere, genêskrêftige en giftige planten te ûnderskieden en letter ek om dy te kultivearjen. Dêrmei is it ien fan 'e âldste tûken fan 'e wittenskip. Yn 'e Midsiuwen waarden yn krûdetunen, dy't faak oanlein waarden by kleasters, planten fan medisinale wearde ferboud. Letter kamen dêrút fanôf de 1540-er jierren de earste botanyske tunen fuort, as ûnderdiel fan universiteiten en oare ûnderwiissintra. Troch datsoarte tunen waard de wittenskiplike stúdzje fan planten makliker makke. It besykjen fan iere ûndersikers om harren planten te beskriuwen en te klassifisearjen stie oan 'e widze fan 'e taksonomy, en late yn 1753 ta it ûntstean fan it moderne twanammige systeem fan 'e grutte Sweedske biolooch Carolus Linnaeus, dat oant hjoed de dei tsjinst docht.

Yn 'e njoggentjinde en tweintichste iuw waarden nije techniken ûntwikkele foar it wittenskiplik ûndersyk nei planten, wêrûnder ferskate metoaden fan optyske mikroskopy en elektroanemikroskopy, dy't it waarnimmen fan libbene sellen en gromosomale analyze mooglik makken. Mei de moderne kennis fan molekulêre erflikheid binne botanisy sûnt de 1980-er jierren dwaande west om it DNA fan plantesoarten te ûntraffeljen, sadat se akkurater klassifisearre wurde kinne. Oare moderne ûndersykmêden binne bgl. de stúdzje fan anatomy, groei en differinsjaasje, fuortplanting, biogemy, metabolisme, sykten, ûnderlinge evolúsjonêre relaasjes, genetika en taksonomy by planten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Bibliography, op dizze side.










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Botany

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy