Content-Length: 122633 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Carl_Jung

Carl Jung - Wikipedy Springe nei ynhâld

Carl Jung

Ut Wikipedy
Carl Gustav Jung yn de Feriene Steaten (1910)
Tekening fan Carl Gustav Jung

Carl Gustav Jung (Kesswil, Switserlân, 26 july 1875Zürich, 6 juny 1961) wie in Switsersk psychiater en psycholooch. Jung wurdt beskôge as de earste psychiater dy't de minsklike geast seach as "fan natuere religieusk" en rjochte him op dat gebiet om te ûndersykjen. Jung is ek ien fan de bekendste ûndersikers op it mêd fan dreamanalyze en symboalisearing. Wylst hy folslein oan it wurk wie as arts, hat in grut part fan syn libbenswurk út it ferkennen fan mei syn wurk besibbe gebieten bestien, wêrûnder East-en westerske filosofy, algemy, astrology en sosjology, mar ek literatuer en de keunsten.

Jung wie de soan fan in dûmny. Hy folge yn Bazel it gymnasium en studearre dêr fan 1895 ôf medisinen. Yn 1902 promovearre hy op in stúdzje oer syn efternicht Hélène Preiswerk, dy't har presintearre as medium, mar letter troch syn mei-studinten fan bedroch betrape waard. Yn 1903 boaske hy mei Emma Rauschenbach (1882-1955). Hja krigen fiif bern.

Fan 1900 ôf wurke Jung as psychiater yn de Burghölzli-klinyk by Zürich, dy't ûnder direksje stie fan Eugen Bleuler. Hjir hâlde hy him ûnder oaren dwaande mei de psychologyske kant fan dementia praecox (letter skizofreny neamd) en ûntwikkele hy mei syn kollega Franz Riklin in oantal assosjaasje-testen.

Om diverske redenen naam hy yn 1909 ûntslach by de klinyk. Sa ergere hy him oan de antifreudiaanske hâlding fan âld-direkteur Auguste Forel, dy't dêr noch as adviseur oan it wurk wie, en it feit dat Bleuler dêr net tsjinyn gean woe. Ek fielde hy him passeare doe't syn kollega Riklin op advys fan Bleuler oansteld waard as direkteur fan in oare psychiatryske ynstelling. Fierders woe Jung him mear talizze op syn psycho-analytyske fyzjes en omdat er mei in rike frou troud wie, koe hy him as selsstannich analytikus in eigen praktyk opbouwe sûnder him om it jild te bekroadzjen.

Jung wie in tweintich jier jonger as Sigmund Freud, waans wurk troch him hiel bot op de foet folge waard. Hy moete Freud foar de earste kear yn 1906 en hat inkele jierren hiel nau mei him gearwurke. Freud seach Jung as syn troanopfolger. Lykwols krigen beide spul mei-elkoar troch in ferskil fan ynsjoch oer de psycho-analyze dat persoanlik waard en yn 1912 kaam it ta in breuk. Jung hat dy stap letter ferklearre yn syn koart dêrnei útkomd boek Wandlungen und Symbole der Libido en neamde syn eigen metoade sûnttiid analytyske psychology. Hy rekke yn in djippe persoanlike krisis, dêr't hy om-ende-by 1918 wer fan herstelde.

Yn 1933 waard Jung heechlearaar yn it Switserske Zürich en fan 1944 ôf wurke hy as sadanich oan de Universiteit fan Bazel. Hy ferstoar op 85-jierrige leeftyd.

Betsjutting en opfettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jung hat grutte ynfloed hân op it mêd fan de djiptepsychology, de analytyske psychology en de godstsjinstpsychology.

Neffens de opfettings fan Jung wurdt it gedrach fan de minske foar in wichtich part bepaald troch syn drang om te libjen. Troch Jung wurdt dy ynderlike libbensdrang, it libido neamd. Hy ferskilde mei Freud fan ynsjoch wat dêroan ten grûnslach leit, nammentlik dat dêr op it foarst plak net in seksuele oarsprong ten grûnslach leit (Freud), mar earder in religieuze (yn de romste sin fan it wurd). Hy wie fan betinken dat it wêzen fan de minske, útsein troch it persoanlike bewustwêzen ek, en gruttendiels, foarme wurdt troch wat hy it kollektyf ûnbewuste neamde, in as it wiere genetysk oererfd diel fan it ûnderbewust wêzen, in psychysk gebiet, dat neffens syn lear troch alle fertsjintwurdigers fan in ras of soart dield wurdt. Op grûn fan dizze útgongspunten ûntwikkele Jung de lear fan de argetypen. Dy argetypen, begripen lykas it skaad, de ivige jongere, de boaze geast, de held ensafuorthinne, binne om samar te sizzen oerlevere, funksjonele oer-driuwfearren of 'ûnderfinings' dy't de persoanlikheid fan de minske struktuer jouwe. Se drukke har út yn bylden dy't faak te finen binne yn ús dreamen, mar likegoed yn mearkes en myten en foarmje it boarnemateriaal fan eltse religy.

It sintrale doel fan Jungs psychology is it yndividuaasjeproses of de selsferwêzentliking. Neist it 'ik' of 'ego' ûnderkent Jung it 'sels': in totaliteit om it 'ik' hinne dat sawol it bewuste as it ûnbewuste diel fan de persoanlikheid omfettet. Dat ûnbewuste diel, it persoanlik ûnbewuste dus, stiet yn ferbining mei de djipper lizzende laach fan it kollektyf ûnbewuste, dêr't it persoanlike ûnbewuste yn wezen mar in lyts stik fan útmakket, neat mear as in soart boppelaach. It kollektyf ûnbewuste is in prinsipe net beheind, en de 'alderdjipste lagen' derfan sels binne nea bewust te meitsjen. De realisaasje fan it 'sels' is in proses dat kenmerke wurdt troch de ferieniging fan tsjinstellings yn de minske: goed en kwea, ljocht en skaad, binnen en bûten.

Jung is nei alle gedachten noch it meast bekend wurden troch syn typology. Yn syn boek Psychologyse typen út 1917 hat er de fjouwer basistypen fan de minsklike persoanlikheid útwurke. Hy stelt dêrby kontrastearjende funksjes foar elkoar oer: tinken en fielen, persepsje (waarnimming) en yntuysje, dêr't eltse funksje om saamar te sizzen de poal is fan in sirkel, dat it 'sels' neamd wurde kin. Ien fan dy poalen is by eltse basistype dominant. In bykommende, wichtige faktor is of de psyche nei binnen ta (yntrovert) of nei bûten (ekstrovert) rjochte is. Foar ûntwikkeling en hiel wurding yn de sin fan it yndividuaasjeproses, is it neffens Jung nedich, dat net allinnich it dominante basistype ûntwikkele wurdt, mar ek, fia de sydwertse poalen, it foar elkoar oer lizzende, dat him it meast yn it ûnbewuste befynt. Lykwols is it ús minsken net jûn om al dy gebieten folslein yn it 'ljocht fan it bewustwêzen' dwaan te krijen, jin kin dy ferljochte tastân inkeld benaderen. Op it paad dêrhinne kin neffens Jung de analyze fan dreamen in helpmiddel wêze, mar ek de analyze fan ús 'skaad'-figueren, lykas ús ûnbewuste manlike of froulike tsjinpoalen, de saneamde animus by froulju en de anima by manlju.

It systeem fan Jung is heechst yngewikkeld en syn wurk, lykas dat fan Freud kenmerke troch in grut tal nije konsepten en prinsipes.

  • Jung c.s. (1966) De mens en zijn symbolen. Rotterdam, Lemniscaat.
  • Brome, Vincent (1978) Jung - Waarheid en Legende, een biografie. Rotterdam, Lemniscaat.
  • Jung, C.G. (1976) Herinneringen, Dromen, Gedachten, een autobiografie. Rotterdam, Lemniscaat.
  • Jacobi, Dr. Jolande (1992)De psychologie van Carl. G. Jung, een inleiding tot zijn werk. Cothen, Servire.
  • Alt, Franz (1998) Das C.G. Jung Lesebuch - Ausgewählt van Franz Alt; Zürich/Düsseldorf, Walter Verlag.
  • Van der Post, Laurens (1976) Jung and the Story of our Time, Londen, The Hogarth Press.
  • Hannah, Barbara (2000) Jung, zijn leven en werk. Deventer, Ankh-Hermes.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Carl_Jung

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy