Content-Length: 58349 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Cochem_(Verbandsgemeinde)

Cochem (Verbandsgemeinde) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Cochem (Verbandsgemeinde)

Ut Wikipedy

Cochem is in ferbânsgemeente yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts, dy't yn 2009 oprjochte waard. Bestjoerlik sintrum is de stêd Cochem. Op 1 july 2014 waard de gemeente útwreide mei de seis plakken fan de eardere ferbânsgemeente Treis-Karden.

In ferbânsgemeente is yn Rynlân-Palts in gearwurkingsferbân fan saneamde Ortsgemeinden, earder selstannige gemeenten dy't ek nei de weryndielings fan de jierren 1970 fierhinne harren selsstannigens holden. De plakken hawwe in eigen (keazen) boargemaster en in ried, dy't op folslein frijwillige (ehrenamtlich) basis wurkje. In Ortsgemeinde hat lykwols gjin gemeentehûs en ek gjin amtlik apparaat.

De ferbânsgemeente is út soarte profesjoneel fan karakter, hat in gemeentehûs, beskikt oer in amtlik apparaat en hat in betelle en keazen boargemaster en in keazen ried, dy't út frijwilligers bestiet. De ferbânsgemeente is ferantwurdlik foar in tal oerkoepeljende taken en foar de útfiering fan de besluten, dy't de lokale ried nommen hat. Yn 'e regel hat it bestjoer fan de ferbânsgemeente syn sit yn it grutste plak fan de gemeente.

Under de ferbânsgemeente falle de ûndersteande plakken:

  1. Beilstein
  2. Bremm
  3. Briedern
  4. Bruttig-Fankel
  5. Cochem
  6. Dohr
  7. Ediger-Eller
  8. Ellenz-Poltersdorf
  9. Ernst
  10. Faid
  11. Greimersburg
  12. Klotten
  1. Lieg
  2. Lütz
  3. Mesenich
  4. Moselkern
  5. Müden
  6. Nehren
  7. Pommern
  8. Senheim
  9. Treis-Karden
  10. Valwig
  11. Wirfus

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Cochem_(Verbandsgemeinde)

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy