Crow Agency (Montana)
Crow Agency | ||
De flagge fan 'e Krieë Stamme te Crow Agency. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Montana | |
County | Big Horn County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.616 (2010) | |
Oerflak | 18,8 km² (ynkl. wetter) 18,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 82,3 / km² | |
Hichte | 926 m | |
Oar | ||
Stifting | 1884 | |
Tiidsône | UTC –7 | |
Simmertiid | UTC –6 | |
Koördinaten | 45°36′05″N 107°27′35″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Crow Agency yn Big Horn County en yn 'e steat Montana. |
Crow Agency is in doarp (census-designated place) yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Montana oan 'e rivier de Little Bighorn en de autodyk U.S. Highway 87. It makket ûnderdiel út fan Big Horn County, en is it haadplak fan it Krieë Yndianereservaat fan 'e Krieë Stamme. Crow Agency waard yn 1884 stifte as in Yndiaansk agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA). It leit feitliks deunby it plak dêr't yn 1867 de ferneamde Slach oan de Little Bighorn útfochten waard. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie it doarp doe goed 1.600 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 25 juny 1876 fûn ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 sa'n 20 km súdsúdeastlik fan Crow Agency de Slach oan de Little Bighorn plak. Yn dy ferneamde fjildslach waard it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer ferpletterjend ferslein troch in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ûnder lieding fan Sittende Bolle en Mâl Hynder. Hjoed de dei hat it âlde slachfjild in monumintale status as it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn.
Yn 1884 waard Crow Agency stifte, doe't it Yndiaansk agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) yn it Krieë Yndianereservaat nei dat plak ta oerbrocht waard. Earder hie it agintskip fan 1869 oant 1874 fêstige west yn Fort Parker, sa'n 13 km eastlik fan wêr't no Livingston leit, en doe fan 1875 oant 1884 op in lokaasje dy't 106 km fierder nei it easten ta yn 'e delling fan 'e rivier de Yellowstone lei.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Crow Agency doe in befolking fan 1.616 minsken, wat in groei is fan 4,1% neffens 2000, doe't it doarp 1.552 ynwenners hie. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Crow Agency 4,6% âlder as 65 jier en 41,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 9,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 40,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 42,6% fan 'e leeftydskategory ûnder de 18.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 95,7% Yndianen; 2,6% blanken; 1,1% Latino's; 0,1% Aziaten; 0% swarten; 0,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. De Yndianen yn Crow Agency binne yn grutte mearderheid etnyske Krieën (Crow). It doarp is it haadplak fan it Krieë Yndianereservaat (Crow Indian Reservation), dêr't ek de federaal erkende Krieë Stamme (Crow Tribe) syn haadkertier hat.
Berne yn Crow Agency
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tuff Harris (1983), honkballer
- Clara Nomee (1938-2012), politika
- Jonathan Maxwell Beartusk (19??), keunstner
Stoarn yn Crow Agency
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Crow Agency hat in steppeklimaat, mei drûge simmers en noch drûgere winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C (nachts 12 °C), en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 1 °C (nachts –14 °C). Crow Agency kriget jiers trochinoar 403 mm delslach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|