Content-Length: 109404 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Dalai_Lama

Dalai Lama - Wikipedy Springe nei ynhâld

Dalai Lama

Ut Wikipedy
Gendun Drup, de 1e Dalai Lama
Tenzin Gyatso, de 13e Dalai Lama

De Dalai Lama fan Tibet is de heechste spirituele lieder yn it Tibetaansk Boedisme. De Tibetanen neame him ek wol Yishin Norbu (Tibetaansk: ་ཡིད་བཞིན་ནོར་བུ; Wylie: Yid-bzhin Nor-bu) of Gyalwa Rinpoche (Tibetaansk: རྒྱལ་བ་རིན་པོ་ཆེ; Wylie: Rgyal-ba Rin-po-che). Eartiids wie hy ek de heechste politike lieder fan Tibet. Tsjintwurdich stiet Tibet ûnder Sineesk bewâld dat ôftwongen waard troch de ynvaasje fan it Sineeske leger ûnder Mao Tse-toeng yn 1959. Troch de Tibetanen en in protte minsken wrâldwiid wurdt dat bewâld net erkend en wurdt de Dalai Lama noch hieltyd as harren politike lieder beskôge.

De Dalai Lama heart by de jongste en grutste fan de fjouwer Tibetaanske Boedistyske skoallen, de Gelug-tradysje. Oant deselde skoalle heart de Panchen Lama.

Mei Dalai Lama wurdt net ien persoan oantsjutten mar is in rige fan opinoar folgjende lieders. Dizze opfolging giet net, krektas mei de measte oare liedersposysjes troch fererving of troch ferkiezings, mar troch werberte. De Tibetaanske boedisten leauwe dat de Dalai Lama de werberte is fan de foargeande Dalai Lama. Om dat te ûndersykjen besykje Muontsen de mooglike kandidaten; as part fan bewiis jildt bygelyks dat it bern foarwerpen werkent dy't fan de eardere Dalai Lama west hawwe. De kandidaat wurdt úteinlik troch de Panchen Lama befêstige. Ek jout de Dalai Lama yn it libben dat dêroan foarôf giet, oanwizings, bygelyks oer syn takomstige famylje, berteplak en bertehûs.

Tenzin Gyatso is de tsjintwurdige Dalai Lama.

List fan Dalai Lama's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Gedun Drub (1391 - 1474)
  2. Gedun Gyatso (1475 - 1542)
  3. Sonam Gyatso (1543 - 1588)
  4. Yonten Gyatso (1589 - 1616)
  5. Lozang Gyatso, "de grutte fyfte" (1617 - 1682)
  6. Tsangyang Gyatso (1683 - 1706)
  7. Kelzang Gyatso (1708 - 1757)
  8. Jamphel Gyatso (1758 - 1804)
  9. Lungtok Gyatso (1806 - 1815)
  10. Tsultrim Gyatso (1816 - 1837)
  11. Khendrup Gyatso (1838 - 1856)
  12. Trinley Gyatso (1856 - 1875)
  13. Thubten Gyatso (1876 - 1933)
  14. Tenzin Gyatso (1935 - hjoed de dei)








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Dalai_Lama

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy