Content-Length: 127016 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/David_Hilbert

David Hilbert - Wikipedy Springe nei ynhâld

David Hilbert

Ut Wikipedy
David Hilbert yn 1912

David Hilbert (Keningsbergen (East-Pruisen, no Kaliningrad, Ruslân), 23 jannewaris 1862Göttingen, 14 febrewaris 1943) wie in Dútsk wiskundige en wurdt rekkene ta de meast ynfloedrike wiskundigen fan de njoggentjinde en begjin 20e iuw. Allinnich al syn eigen ûntdekkingen soenen him dizze eare jaan, mar benammen syn liedingjaande rol yn de wiskunde duorjende syn heule libben en de troch him opsette 'kweekskoalle' fan jonge talintfolle en letter faak tige wichtige wiskundigen, binne wat him ûnderskiede. Hy wie it grutste part fan syn libben heechlearaar yn de wiskunde oan de Universiteit fan Göttingen. Hilbert wie ek in oantal jier redakteur fan it Dútske wiskundige tiidskrift Matematyske Annalen.

Bydragen oan de wiskunde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy is ûnder oare bekend troch syn bydragen oan de:

Dêrneist is hy de grûnlizzer fan de funksjonaal- of lineêre analyze, wêryn Hilbertromtes in sintrale rol spylje, en hy is ferneamd om syn 23 problemen foar de tweintichste iuw, dy't hy opjoech by in foardracht op it Ynternasjonaal Wiskundekongres fan 1900.

Minder bekend is dat Hilbert yn 1915 op it spoar wie fan de prinsipes fan de algemiene relativiteitsteory mar dat foardat hy syn konklúzjes publisearje koe Albert Einstein him foar wie. Hilbert wie dêr net botte rouwich om en gunde Einstein syn primeur. Letter wurken se sels gear om de wiskundige aspekten fan dizze teory fierder út te wurkjen.

Hilbert spile in haadrol yn de grûnslaggenstriid fan de wiskunde, tusken it formalisme sa't dat troch Hilbert en Weyl foarstien waard, en it yntuysjonisme fan de Nederlânske wiskundige L.E.J. Brouwer. Hilbert hie in spesjaal programma opsteld om te kommen ta in folsleine en konsistinte aksiomatisaasje fan de heule wiskunde. Folslein wol sizze dat fan alle syntaktysk korrekte útspraken binnen in formeel systeem de wierheid of ûnwierheid bewiisd wurde kin. Konsistint wol sizze dat út dit systeem gjin ûnderling stridige útspraken ôflaat wurde kinne. Hilbert woe de konsistinsje fan wiskundige systemen ôfliede út de ferûnderstelling dat de "einige rekkenkunde" (yn it kontroversjeel dielsysteem fan de wenstige rekkenkunde fan de positive hiele getallen) konsistint wie. Hilbert fatte syn optimisme, om úteinlik te kommen ta in folsleine beskriuwing fan de wiskundige grûnslaggen, gear yn syn fermneamde útspraak: "Wir müssen wissen - Wir werden wissen!" (Wy moatte (it) witte - wy sille (it) witte!)
It formalisme krige lykwols in swiere klap te ferduorjen troch de publikaasje yn 1931 fan de ûnfolsleinheidsstellingen fan Gödel, dy't wiisden op de ûnûntkombere beheinings fan formele systemen dy't minimaal de elemintêre rekkenkunde befetten. De striid gie lykwols troch en der waard pas yn de jierren 50 in kompromis berikt, wêrby't meardere gesichtspunten mooglik bliuwe.[1]

Wiskundige begripen, stellingen en ûnderwerpen, neamd nei David Hilbert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. L.E.J. Brouwer. Een biografie Bert Bakker, Amsterdam, 2001 ISBN 90-351-2185-6; siden 454-479
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory David Hilbert fan Wikimedia Commons.








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/David_Hilbert

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy