Content-Length: 206160 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/De_Jouwer

De Jouwer - Wikipedy Springe nei ynhâld

De Jouwer

Ut Wikipedy
De Jouwer
De Midstrjitte mei de Jouster Toer
De Midstrjitte mei de Jouster Toer
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 13.060 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Ferkearsieren E22 A6 A7
Postkoade 8500-8503
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 58' N 5° 47' E
Museum De Jouwer
Museum De Jouwer
Kaart fan De Jouwer
Kaart fan De Jouwer
Offisjele webside
Side De Jouwer
Kaart
De Jouwer (Fryslân)
De Jouwer
Kaart
De Midstrjitte mei de Jouster Toer
Himrik fan De Jouwer yn de eardere gemeente Skarsterlân

De Jouwer is in grut doarp yn it sintrale suden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. It is it haadplak fan 'e gemeente De Fryske Marren. Foarôfgeande oan 'e gemeentlike weryndieling fan 2014 wie it it haadplak fan Skarsterlân, en foar de weryndieling fan 1984 wie it it haadplak fan Haskerlân. De Jouwer is formeel in flekke, in plak dat eartiids mear rjochten hie as in sljochtwei doarp (mei bygelyks in merkrjocht), mar dat gjin stedsrjochten hie. Op 1 jannewaris 2023 hie De Jouwer 13.060 ynwenners. In ynwenner fan De Jouwer wurdt in Jouster neamd. De bynamme is Jouster keallepoat.

De Jouwer leit yn de Lege Midden fan Fryslân. Dat midden bestiet út feangebiet tusken de sângrûnen yn it easten oant de klaaigrûn yn it westen. Om de jiertelling bestie it gebiet dan ek út moerassen mei siggen en moerasbosken mei feanrivierkes. Troch ferlies fan lân troch de seespegelrizing waard sûnt de tsiende iuw it lân yn begûn mei it oanmeitsjen fan de feangebieten fan de Lege Midden.

Lânoanmakkerij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste bewenners wennen op de hegere stikken. Troch ûntwettering en ynklinkjen fan it fean moast it wensteed gauris nei heger lizzende stikken ferpleatst wurde. Soks barde bytiden faker as ien kear. Sa ûntstiene de typyske patroanen fan ûntginningsblokken en waaiers fan lange kavels dy’t eigen binne oan dy midsiuwske wize fan ûntginnen. De âldste bewenningsspoaren binne fûn op in sânkop by it hjoeddeiske Sniksweach. Om 1150-1250 ûntstiene de earste streekdoarpen yn it feanlânskip.

Striid tsjin it wetter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de tsiende iuw nei Kristus wie sprake fan sterke befolkingsgroei. Omdat de minsken ferlet fan branje hiene waarden de feangebieten al yn de Midsiuwen op grutte skaal ôfgrûven. Dat late ta boaiemsakjen. It sakjen waard noch fersterke troch de natoerlike sakking troch ynklinken fan it fean. It sakjen kin yn feangebieten neffens ûndersikers wol 2-5 meter west ha, oant in nivo fan 1-2 meter ûnder it gemiddelde seenivo.

Sa ûntstiene in soad marren. Net allinnich troch it op natuerlike wize fuortspielen fan feanlagen, mar ek mei troch it ôfgraven fan (heech)feangrûn troch turfwinning. Sa wie der yn Fryslân in oangeande striid tsjin it wetter. Yn de Midsiuwen wie dat benammen in taak fan de gritenijen. Oant fier yn de njoggentjinde iuw hat it lân yn de ‘Lege Midden’ alle winters splis stien. Ein 16de iuw waard de ‘Skarster Rien’ groeven foar de ôfwettering fan de Lege Midden. Troch tichtslykjen hie de Middelsee syn ôfwetteringsfunksje ferlern. Om 1750 wie hast alle heechfean ôfgroeven.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Jouwer yn 1728.
Heremastate is oriïntearre op de Midstrjitte en op de Sylroede. De Hurddraverdyk bestie noch net. De Skien wie der al, dy ferbûn De Jouwer mei de ferbiningwei oer de Pleistosene sânrêch nei Sint Nyk, Sleat en De Lemmer. Goed te sjen is de struktuer fan de Midstrjitte en it wetter fan de Jouster Sylroede/Hurdspytsje, in ferbining mei opfearten en stegen

De Jouwer leit foar in part op in sânrêch en op in âlde wetterkearing (ein fan de Midsiuwen) dy't fan It Tolhûs nei Haskerhoarne rûn, op de krún fan dy dyk waard de lettere Midstrjitte oanlein. Om 1400 hinne waarden in soad kanalen groeven foar Hamburchfarders. Dy sochten in plak op skreiershoek, dat troch kanalen en lûkhynders te berikken wie, omdat dizze plakken relatyf feilich wiene foar de freze Noarmannen. Doe is ek de Kolk groeven; fan de Kolk ôf waard in farwei Hurdspytsje nei It Hearrenfean groeven. Guon strjitnammen (lykas "Eeltsjebaes, Aukebaes en Hettebaes") ferwize noch nei de hellingen dêr't eartiids nije skûtsjes en preammen boud waarden, mar ek in soad reparaasjes dien waarden. Foar de Twadde Wrâldoarloch lei De Jouwer oan in grut tramwei-netwurk. Dêrtroch wie De Jouwer ferbûn mei Snits, De Lemmer en It Hearrenfean. De Stationsstrjitte is in strjitnamme út dy tiid. In nijsgjirrich detail is, dat der foar de oanlis fan dit spoar earst wegen oanlein wurde moasten. De Tramwei ferwiist der noch nei. Yn de tiid dêrfoar gie alle ferfier oer wetter. De Jouwer is yn de Midsiuwen ûntstien as útbuorren fan it tsjerkedoarp Westermar, dêr't allinnich de toer op it krektsa neamde âlde tsjerkhôf noch oan tinken docht. It plak is fanâlds gjin stêd, mar ek wer te grut om in doarp neamde wurde te kinnen. Nei Ald-Fryske tradysje wurdt sa'n plak in vlecke neamd. Oer de oarsprong fan de namme De Jouwer binne ferskate teoryen. Fakentiden wurdt tocht dat it fan de nôtsoarte hjouwer komt.[2][3] In oare teory is lykwols de namme fan it wurd ghebhara komt, dat Germaansk foar wetter is. De lêste is wierskynliker, fanwege de wetterrike omkriten fan De Jouwer. Oant de achttjinde iuw wie it wetter de bêste ferkearsferbining. Der wiene amperoan diken, útsein op de pleistosene sânrêgen as fan Tsjerkgaast, Sint-Nyk, De Rylst en De Heide nei De Jouwer. In oare ferbining wie der oer in tal diken lykas de Alde Slachtedyk fan Aldskou nei de Jouwer en de dyk fan Haskerhoarne nei Aldehaske en fierder nei it easten. It boezempeil fan de marren rûn op de Jouwer oant Heremastate. Dêr wiene slûzen. It peilferskil mei it Hearrenfeanske Kanaal waard mei slûzen by Stobbegat oplost.

Nei 1820 waard begûn mei de oanlis fan in net fan Rykswegen. Ljouwert krige ferhurde diken as ferbining mei Harns, Grins, Oerisel en ek mei Snits, dat nei it suden troch in Rykswei mei de Lemmer ferbûn waard. Yn oansluting dêrop liet it provinsjaal bestjoer fan 1842 ôf in grut tal ynterlokale diken oanlizze. Yn 1882 waard in dyk oanlein fan De Jouwer oer It Hearrenfean nei De Gerdyk. Fjouwer jier letter kaam der in tramferbining fan De Jouwer nei Snits. Yn 1901 krige De Jouwer in ferbining oer Sint Nyk nei de haven fan de Lemmer. Dêr koe mei de Lemmerboat oer de Sudersee nei Amsterdam reizge wurde.

De komst fan de auto, de bus en de foltôging fan de Ofslútdyk yn 1932 foarmen de opmaat foar in nei-oarlochske perioade wêryn’t it trochgeande diken geande wei oanpast waarden oan it snelferkear. Ien fan de wichtichste sneldiken wie de yn fazes fanôf febrewaris 1938 iepene, A7 (de eardere Rykswei 43) dy’t fan de Kop fan de Ofslútdyk oer Boalsert, Snits De Jouwer, It Hearrenfean en Drachten rjochting Grins rint. Yn oansluting dêrop kamen der ek sneldiken tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Foar De Jouwer wie de ferbining troch de Iselmarpolder mei it westen fan Nederlân fan belang foar de groei fan de Flekke.

De Jouwer ûntstie net as delsetting fan boeren, mar by it hjoeddeiske Heremastate. De flekke hat dêrtroch altyd in bysûndere posysje yn de omkriten ynnomd. Op it plak dêr’t de Jouster Sylroede en it Hurdspytsje (de Oerspitting) elkoar moeten, by ‘t Syl, waard guod oerslein en ûntstie hannel en fêstigen har ambachtslju.

Museumwinkeltsje "De Witte Os" fan Egbert Douwes

De Jouwer krige in sintrumposysje yn de omjouwing en krige yn 1466 earst wykmerkerjochten en yn 1492 it jiermerkerjocht: de Jouster Merke, in ferneamde jiermerk dy't noch alle jierren de fjirde tongersdei fan septimber hâlden wurdt. Keapjlu en ambachtslju kamen nei de merk, en trochdat in part fan harren har yn de Jouwer nei wenjen sette woeks De Jouwer. Ien fan de Jouster keaplju wie Egbert Douwes, dy't yn 1753 in winkeltsje yn kofje, tabak, tee en koloniaal guod iepene, wat útwoeks ta Douwe Egberts. De oanwêzigens fan ambachtslju late ta de ûntwikkeling fan yndustry, lykas klokmakkerij en skipsbou, wat wer mear spesjalisearre ambachtslju oanluts, lykas koperslaggers. Hjirút kaam om 1900 hinne wer in bloeitiid fan it goud- en sulversmeien. De bebouwing ûntstie yn in lintfoarm, de Midstrjitte. Yn 1614 wie De Kolk grûven dy’t mei in slûs yn ferbining stie mei it Hurdspytsje en De Skipsleat. Fanút de Kolk rûnen opfearten yn súdlike rjochting nei de Midstrjitte. Oan dy opfearten stiene bedriuwen en pakhuzen. De Midstrjitte waard as wichtichste strjitte fan De Jouwer al oan it bejin fan de 17de iuw ferhurde mei balstienen en klinkers en aon de Midstrjitte kamen hearehuzen en winkels. Mei stegen waarden de efterlizzende terreinen mei de bedriuwkes en opfearten ûntsluten. De Midstrjitte hie dan ek in hiel soad stegen Der ûntstie net in sintraal lizzend plein. De earste merken waarden hâlden foar Heremastate. De Jouwer wreide him yn de 16de en 17de iuw út troch hannel, skipfeart en ambachten. De groei koe mar ien kant út, lâns de dyk en it wetter yn de rjochting fan Westermar. Yn de earste helte fan de sechtjinde iuw waard de dyk fan Westermar oer Haskerhoarne, Alde- en Nijehaske nei de Terbantster skâns oanlein as simmerdyk.

Om 1750 wie hast alle heechfean ôfgroeven, mar de troch ûntwettering en ynklinking fan it fean ûntstiene wetterplassen joegen in soad wetteroerlêst yn de lânbougebieten. Johan Vegelin fan Claerbergen, grytman fan Doanjewerstâl (oant 1772) en lid fan Deputearre Steaten, stelde him as doel om de wetteroerlêst te bestriden om sa de lânopbringsten te ferheegjen. Hy wie ferantwurdlik foar it binnen de polder bringen fan alle dêrfoar yn oanmerking kommende gebieten yn Haskerlân. Sa waarden yn 1704 de Heremapolder en de Swarte polder oanlein. Neidat yn 1717 de polder Haskerdiken oanlein wie, waard in jier letter begûn mei de oanlis fan de grutte doarpspolder fan Haskerhoarne, Westermar en de Jouwer benoarden it Hurdspytsje. In ûnderdiel fan it wurk wie it oanlizzen fan in nije slûs (‘De Daam’). De gebieten om Alde- en Nijehaske, dy’t yn de twadde helt fan de achttjinde iuw troch turfstekken feroaren yn wetter, waarden pas yn de jierren ‘70 fan 19de iuw ynpoldere. Yn 1920 waarden sels de marren drûchlein. Yn 1735 waard de polder fan Boarnsweach oanlein. Datselde jier waard in begjin makke mei de oanlis fan de Haulster- en Vegelinbosken op plakken dêr’t it heechfean ôfgrûven wie en sân oerbleau. De boskoanlis wie bedoeld foar de produksje fan hout en ikeskors, dêr’t loaistof foar de learloaierijen op De Jouwer fan makke waard. De bosken hiene ek in funksje fan fermaak.

Diken en polders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 18de ieu waard ek in begjin makke mei de oanlis fan nije lândiken en it ferbetterjen en koarter meitsjen fan besteande diken en paden. Yn 1716 waard de Nije Haskerdyk / Tolwei oanlein neist de Krûmhaskerdiken. Yn 1723 waard troch de grytmannen fan Haskerlân en Lemsterlân de Vegelinswei oanlein. Dy dyk sluet oan op de dyk dy’t fan Ljouwert mei in pont by Aldskou nei Akkrum en rûn dêrwei oer de om 1550 oanleine Krûmhaskerdiken nei it suden. Sa ûntstie in bettere ferbining mei it bestjoerssintrum Ljouwert. It oant dan ta ûnbewenne en moerassige gebiet oan de noardkant fan De Jouwer waard sa tagonklik.

Yn de twadde helte fan de 19de iuw waard it ferfeante lânskip fierder ynpoldere. De Haskerfeanpolder waard drûchlein krektas de Grutte Sint Jânsgeaster Feanpolder. De wetterbehearsking om de Jouwer wie noch beheind, it lân stie winterdeis splis. Nei de bou fan it Woudagemaal by Teakesyl (1918) en letter it Hooglandgemaal (1964) wie de peilbehearsking in feit. Troch de jierren hinne binne in tal polders útfeante, lykas de Haskerfeanpolder en Ouwsterhaule. Yn de krisisjierren fan de jierren 30 fan de tweintichste iuw wie der in soad warberens op De Jouwer. De turf, dy't ûnder oare fan it troch turfgraven ûntstiene Nannewiid besuden Aldehaske kaam, waard ferfierd op preammen en waard op De Jouwer oerladen yn skûtsjes. Dit oerladen barde op it plak dêr't no tsjerke "de Oerdracht" stiet.

It ferfier gie eartiids meast oer wetter. Troch de lizzing op in krúspunt fan wetters ûntwikkele De Jouwer him om it hjoeddeiske Heremastate en de oergong fan de Jouster Sylroede en it Hurdspytsje. De regiofunksje blykte út it merkrjocht. Neist hannelslju fêstigen har ek in soad ambachtslju.

De Helling

As hannelsplak oan it wetter wie De Jouwer in gaadlik plak foar skipsbouwers. De ferneamdste skipsbouwers wiene Eeltsje van der Zee (‘’Eeltsjebaas’’) en syn soan Auke Holtrop van der Zee (‘’Aukebaas’’) . Se bouden boeiers, jachten en oare houten skippen op de Jouster helling oan de Sylroede.

De beamkwekerij oan de Bûtsingel fan Kryn Wybrens wreide him letter út mei grienten en fruit, wêrûnder in soad ierdbeien. Fierders waarden heesters en blommen kweekt. Simmerdeis wurken der tsientallen minsken. De kwekerij fan waard letter de Taconistún neamd. De kweekte sûkerei waard yn in eigen fabryk ferwurke. Doe’t de kwekerij yn 1927 stoppe, begûnen in tweintich ‘túntsjefeinten’ mei in eigen kwekerij. It grutte oanbod late ta in eigen Jouster grienteôfslach.

Klok- en meubelmakkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de Jouwer wienen in soad klokmakkers fan Fryske klokken. Faak hie in ‘klokbaas’ syn wurkplak yn ien fan de Jouster stegen. De ynventaris fan in âlde klokmakkerij wurdt bewarre yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum. Neist it oerwurk moasten ek de klokkasten makke wurde. In soad ambachtslju leinen har dan ek ta op it meitsjen fan meubels. Bekende grutte meubelfabriken wiene De Vrij en Zijlstra en Van der Veer.

Eardere gieljitterij

Krektas kastmakkers wiene ek de giel- of koperjitterijen taleveringsbedriuwen foar de klokmakkerijen. Sa wiene der fabriken as fan Piter de With en Gieljitterij Keverling. It bedriuw fan Keverling waard yn de tweintichste iuw ûnderdiel fan museum De Jouwer, dat ek in grutte klokkekolleksje hat.

Douwe Egbertsfabryk

De grutste wurkjouwer fan de flekke soe it bedriuw fan Douwe Egberts wurde. It begûn as winkeltsje oan de Midstrjitte. Yn it winkeltsje ‘De Witte Os’ waard benammen kofje, tee, tabak en sûkelarje ferkocht. It winkeltsje soe útgroeie ta in ûndernimming fan wrâldformaat en waard yn de tweintichste iuw de grutste wurkjouwer fan De Jouwer. Douwe Egberts wie dan ek ferantwurdlik foar de sterke groei fan De Jouwer nei de Twadde Wrâldoarloch.

Bedriuweterreinen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bedriuweterreinen fan De Jouwer binne fan âld nei nij: Tolhúswei, Sewei, Wâldfinnen en De Ekers.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynwennertal fan 'e Jouwer is sûnt de jierren 1950 fertrijefâldige. Yn de tsien jier fan 1993 oant 2003 hat de oanwaaks sels mear as 1000 ynwenners west. Dat is foar Fryske begripen in hiel soad. It tydlike tebekrinnen fan it ynwennertal nei 2003 waard feroarsake troch it sluten fan it asylsikerssintrum.

Jier 1913 1954 1959 1964 1969 1974 1993 1999 2000 2001 2002 2003 2004 2005 2006 2007 2011 2016 2021
Ynwenners 3.726 4.334 5.332 6.107 7.180 9.002 12.077 12.760 12.838 13.033 13.091 13.081 12.904 12.800 12.896 12.902 13.015 13.013 13.175
Hobbe fan Baerdt Tsjerke
  • Sint-Matteüsskoalle (roomsk basisûnderwiis)
  • Dr. E.A. Borgerskoalle (kristlik basisûnderwiis) ûnderbrocht yn Brede Skoalle De Jouwer Súd
  • Westermarskoalle (iepenbier basisûnderwiis)
  • It Haskerfjild (kristlik basisûnderwiis)
  • Dr. G.A. Wumkesskoalle (kristlik basisûnderwiis)
  • Twa Fjilden (iepenbier basisûnderwiis) ûnderbrocht yn Brede Skoalle De Jouwer Súd
  • Iepenbiere Skoallen Groep Sânwâlden (middelber ûnderwiis)
  • Bornego Kolleezje (Kristlike Skoallemienskip foar Ath./Havo/Mavo/Vbo De Jouwer)

Sportferienings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1466 krige De Jouwer merkrjocht en yn 1492 kaam dêr it rjocht om in jiermerk te hâlden by. Sa ûntstie de Jouster Merke, in ferneamde jiermerk dy't noch alle jierren de fjirde tongersdei fan septimber hâlden wurdt.

Keapjlu en ambachtslju kamen nei de merk, en trochdat in part fan harren har yn de Jouwer nei wenjen sette woeks De Jouwer. Ien fan de Jouster keaplju wie Egbert Douwes, dy't yn 1753 in winkeltsje yn kofje, tabak, tee en koloniaal guod iepene, wat útwoeks ta Douwe Egberts. De oanwêzigens fan ambachtslju late ta de ûntwikkeling fan yndustry, lykas klokmakkerij en skipsbou, wat wer mear spesjalisearre ambachtslju oanluts, lykas koperslaggers. Hjirút kaam om 1900 hinne wer in bloeitiid fan it goud- en sulversmeien.

Fryske Ballonfeesten

Fierder is De Jouwer ferneamd om har Fryske Ballonfeesten en it grutte tal loftballonbedriuwen. De Jouwer wurdt dan ek wolris 'Balloon City' neamd.

De Fryske Ballonfeesten wurde al fan 1985 ôf hâlden. Der stige elke dei sa'n 35 hiteluchtballonnen op fan de Nutsbaan op De Jouwer. Alle jierren binne der in protte toeristen om it evenemint te besjen. Neist it omheech gean fan de ballonnen binne der ek altyd optredens fan artysten.

Yn park Heremastate op De Jouwer wurdt sûnt 1954 in tradisjonele boerebrulloft neispile, lykas dat troch de hegerein om 1850 dien waard. It bart op de woansdei as de ballonfeesten begjinne.

Hurddraverij en ringriden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De woansdei as de ballonfeesten begjinne wurdt hurddraafd op hynders sûnder seal, en middeis is der ringriden.

Romantyske merk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus wurdt de Romantyske merk holden. De Jouwer lit him dan ien dei omdope yn in echte Mont Martre Merk. Mear as 250 diskes tsjoene de Midstrjitte om ta in merk. De keunst- en sammelmerk biedet in soad nostalgyske produkten út mem en beppe har tiid. De merk hat al in lange tradysje yn Fryslân en is nei mear as fyftich jier útgroeid ta in echt Frysk barren.

  • Alle simmers wurdt yn de lêste wike fan de basisskoallen, de Jeugd Fakânsje Dagen organisearre. Op dizze berneboartersdagen komme alle dagen hast 750 bern ôf. It waard yn 2016 foar de fiifentweintichste kear organsiearre.
  • Yn de moanne jannewaris wurdt sûnt 1986 de Nijjiersrevu fan De Jouwer opfierd.
  • It Jouster Kuierke is in histoaryske rûnlieding mei gids.

List fan Jousters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Loftfoto út 1921

De noard- en westside fan de Jouwer lizze leech. Der ûntstiene dêrtroch mar in pear bebouwingslinten ûntwikkele oan eardere diken en sânrêgen, lykas De Broek, Sniksweach en Terkaple. De lettere bebouwing barde fanút de besteande Midstrjitte en de Geert Knolwei. Boeren groeven fan de parallel oan de Midstjitte rinnende rinnende Kolk en it Hurdspytsje in opfeart nei harren pleats. Mei de groei fan De jouwer rekken de stikken grûn tusken de Jouster opfearten sa ticht beboud dat der tsientallen ticht beboude stegen en gloppen oan de Midstrjitte ûntstiene. Letter kamen der mear huzen oan de heaksk op de Midstrjitte en Knolwei rinnende Skien en Hurddraversdyk. Nei 1950 kamen der wenwiken oan de súdkant fan de Midstrjitte en tusken 1970-1985 oan de noardkant. Dy nijere wiken hawwe faak in soad wetter mei kronkeljende diken. De yndustryterreinen kaamen oan de A6 en A7, mei in kluster fan bedriuwen oan de noardwestkant by de fabriken fan Douwe Egberts.

plan Wyldehoarne

Op De Jouwer binne 9 wenwiken (fan âld nei nij).

Ofbyld:Joure Midstraat 08.JPG|thum|260px|Midstrjitte De histoaryske Midstrjitte foarmet it hert fan de Jouwer. Dizze winkelstrjitte is fan 2001-2004 alhiel fernijd en kin wer besjen lije. Oan dizze Midstrjitte stiet ek de Jouster Toer. Oan de ein fan de Midstrjitte is it park mei dêryn it gemeentehûs. It gemeentehûs is fêstige yn de Herema State.

List fan strjitten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Parken en natoergebieten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
't Lytse Parkje (Ter Huivra) mei de tsjerketoer fan Westermar
Natoergebieten (omlizzend)
  • De Jouwer hat syn eigen skûtsje yn de SKS-kompetysje. Skipper op de Oeral Thús is sûnt 2018 Rinus de Jong.
  • Fan 1982-2007 waard op De Jouwer it WK solexracen hâlden dat in soad toeristen luts.
  • De Jouwer hat twa mûnen, Penninga's mole en De Griene Mole.
  • De Jouster Wettertoer wurdt sûnt 1990 bewenne.

Iepenbier Ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It eardere tramstasjon fan De Jouwer

Oant de jierren 1930 lei De Jouwer oan it spoar en koe men mei de tram nei Snits, De Lemmer en It Hearrenfean ride.

Alle linen wurde riden troch Arriva.

De Jouwer fan A-Z

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Analyse Raamwerk: Ruimtelijke ontwikkeling Joure Van standaard naar maatwerk - Ceciel Oud - Gemeente Skarsterlân (stedebou) en Erik Overdiep - HOLAndschapsontwerp (oktober 2011)
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. "tresoar.nl," Friesland, Jacob van Deventer, 1545-1559, facsimile Kaartnr. KvF 51d ter, Tresoar
  3. "tresour.nl," Friesland, Groningen en Drenthe, kaartnr. 13367, Tresoar

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/De_Jouwer

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy