Content-Length: 160457 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/G%C3%BBam

Gûam - Wikipedy Springe nei ynhâld

Gûam

Ut Wikipedy
Guåhån
Flagge fan Gûam Wapen fan Gûam
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gûam
Offisjele taal Ingelsk, Tsjamorro
Haadstêd Hagåtña
Steatsfoarm Presidinsjeel represintative demokrasy. Gebietsdiel fan de F.S.A.
Gebiet
% wetter
541,3 km²
-%
Ynwenners (2010) 159.358
Munt Amerikaanske dollar (USD)
Tiidsône UTC +10
Nasjonale feestdei -
Lânkoade GU
Ynternet .gu
Tillefoan 1-671
Kaart fan Gûam

Gûam (Tsjamorro: Guåhan) is in Oseanysk eilân, ûnderdiel fan de regio Mikroneezje. It eilân foarmet in ôfsûnderlik territoarium fan de Feriene Steaten en is net ûnôfhinklik. De haadstêd is Hagåtña.

Guam leit yn de Grutte Oseaan benoarden de Karolinen en besuden de Noardlike Marianen. It is it súdlikste eilân fan de Marianen. Op Gûam wurdt it Tsjamorro sprutsen en wat minder ek it Ingelsk.

Gûam ûntfangt de measte toeristen fan alle eilannen yn Mikroneezje.

Krektas alle eilannen fan de Marianen waard Gûam al om 1500 f.Kr. bewenne troch de Tsjamorro, dy't grif út it gebiet fan it hjoeddeiske Yndoneezje kamen. Yn 1521 kaam Gûam foar it earst yn kontakt mei Europeanen, doe't Ferdinand Magellaan de Utamac-baai op Gûam binnenfear. Sûnt 1668 besochten de Spanjerts om de Tsjamorro te bekearen. Yn de mear as tweintich jier oarloch dy't folge gie it befolkingsoantal troch de helte. Yn 1898 waard Gûam troch de Amerikanen ferovere yn de Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Gûam beset troch de Japanners. Yn 1944 waard Gûam werovere troch it Amerikaanske leger, dat nei de oarloch in treddepart fan it eilân yn besit hold. Pas yn 1986 krigen lâneigeners nei in rjochtssaak einliks in skeafergoeding tawiisd.

Gûam is 549 km² grut en hat 175.000 ynwenners (2008, rûsd). Mei syn oerflakte is Gûam it grutste eilân fan de Marianen en ek fan Mikroneezje. It heechste punt op Gûam is de Mount Lamlam (406 m).

Yn 1985 waard yn Tumon Bay in Sineesk park boud mei in stiennen byld fan Konfusius.[1]

Yn 2008 wennen der sa'n 175.000 minsken op Gûam. De grutste etnyske groep bestiet út de autochtoane Tsjamorro. Se foarmje 37,1% fan de befolking. Oare folken binne: Filipino (25.5%) en blanken (10%). De oerbliuwende minsken binne fan Sineeske, Japanske of Koreaanske komôf. It grutste part fan de befolking, sa'n 85%, is Roomsk-katolyk.

Op Gûam is in lytse Sineeske mienskip. De haadstêd Hagåtña] hat in Sineeske buert. De Sinezen yn Gûam hawwe ferskillende ferienings oprjochte:

De Feriene Steaten hawwe op Gûam in wichtige marine- en loftmachtbasis, Andersen Air Force Base neamd.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Guam komme ûndersteande sûchdieren foar:

De Pteropus tokudae, in flearmûs is hast seker útstoarn.

Troch de yntroduksje fan de brune beamslang (Boiga irregularis) waard de floara en fauna fan Gûam slim ûntregele. Op it eilân komd middels in militêr transport oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch, hat dizze slang al foar dit útstjerrren fan inkele diersoarten soarge, wêrûnder de Mikronesyske iisfûgel (Halcyon cinnamomina cinnamomina) en de Gûammonarch (Myiagra freycineti). De brune beamslang hat gjin natuerlike fijannen op it eilân (mar hat wol bargen en faranen as fijân) en dêrtroch is it soarte eksplosyf groeid nei sa'n 2000/km². De befolking sjocht de bisten lykwols amper meidat it soarte benammen nachts aktyf is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://visitguam.org/Runtime/ChinesePark.aspx

 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/G%C3%BBam

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy