Content-Length: 86773 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Gastritis

Gastritis - Wikipedy Springe nei ynhâld

Gastritis

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Gastritis is in ûntstekking fan it mageslymflues. De ûntstekking kin de beskermjende wurking fan it mageslym ferminderje, wêrtroch't it maachsoer en fertarringsenzymen it maachflues oantaaste kinne. Gastritis jout in baarnderich gefoel, it 'soer' hawwe.

Mageslymflues ûnstutsen troch Helicobacter pylori

Ferskaat oan faktoaren kinne in gastritis jaan, de wichtichste binne:

  • Ynfeksjes, faak troch de baktearje Helicobacter pylori dy't by in soad minsken yn de mage húsmannet en ien fan mar in pear baktearjes is dy't maachsoer (sâltsoer) ferneare kinne.
  • Skansearring troch gemikaliën en medisinen (NSAID's).
  • Hommelse stressreaksjes
  • Ymmunologyske oandwanings

Gastritis jout meast net in protte klachten, mar kin op 'e lange doer slimme gefolgen hawwe lykas in maachswolm of in swolm yn it duodenum, mar ek maachkanker.

In mylde gastritis kin faak goed behanne wurde mei in soerbiner. At dat net genôch helpt kinne H2 blokkearders en fral protonpomprimmers de maachsoerproduksje foldwaande ferminderje om de ûntstekking de baas te wurden en komplikaasjes te foarkommen.
At NSAIDs geregeldwei brûkt wurde moatte, wurde dy medisinen meast al previntyf foarskreaun om de mage te beskermjen.

At Heliobacter pylori de ynfeksje feroarsaket wurdt in antibiotikum tagelyk mei in protonpomprimmer foarskreaun.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Gastritis

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy