Medemblik is op 1 jannewaris 2007 ûntstien út de gemeenten Noarder-Koggelân, Wognum en de stêd Medemblik. In lytse stripe lân fan de âlde gemeente Wognum waard oerhevele nei de gemeente Hoarn. Yn 2006 waard besletten de fúzjegemeenten de namme Medemblik oan de nije gemeente te jaan, neamd nei it grutste plak yn it gebiet.
Op 1 jannewaris 2011 waarden ek de gemeenten Wervershoof en Andijk by de gemeente Medemblik weryndield. De gemeente hold doe deselde namme.
↑De Frysktalige nammen fan de buorskippen yn de tabel binne nammen dy't al yn it lemma oer de gemeente stiene. In boarne is by it meitsjen fan it lemma net opjûn. Datselde jild ek foar alle Westfryske nammen.