Content-Length: 80423 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Mixed_martial_arts

Mixed martial arts - Wikipedy Springe nei ynhâld

Mixed martial arts

Ut Wikipedy

Mixed martial arts (Ingelsk foar "mingde fjochtsporten"), gauris ôfkoarte ta MMA, is in fjochtsport dêr't in grut tal techniken út stjitsporten en wrakselsporten yn tastien binne.

Der is gjin wrâldsportassosjaasje foar MMA, en dêrmei ek gjin fêst reglemint, mar alle organisaasjes steane in grut tal fan stjit- en wrakseltechniken ta, lykas dústen, traapjen, gripen en werpen. MMA is fuortkaam út oare fjochtsporten dy't eleminten fan mear as ien oarspronklike sport trochinoar mjuksen, en dêr't gjin of hast gjin beheinings by wienen. Se hat lykwols al beheinings, foar de feiligens fan de sporters. Under oaren mei der net biten wurde, mei de tsjinstanner net út it fjild smiten wurde en meie kwetsbere plakken lykas de eagen, de nieren en de ljisken net oanfallen wurde.

De sport is begûn mei spesjalisten yn ferskate fjochtsporten, mar it die bliken dat sokke spesjalisten te swak binne by it befjochtsjen fan oare techniken. Dêrom wurdt der hieltyd mear treend op in mingeling fan stilen. De ûntwikkeling hat lykwols noch net laat ta suvere mingde-fjochtsportspesjalisten.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Mixed_martial_arts

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy