Content-Length: 75040 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Nije_Tsjerke_(De_Helder)

Nije Tsjerke (De Helder) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Nije Tsjerke (De Helder)

Ut Wikipedy
Nije Tsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak De Helder
adres Nieuwe Kerkplein 2
koördinaten 52°57'N 4°46'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evang. Gemeente "De Ambassade"
Arsjitektuer
arsjitekt H.H. Dansdorp
boujier 1839
boustyl neoklassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21390
Webside
www.de-ambassade.nl
Kaart
Nije Tsjerke (De Helder)
Nije Tsjerke

De Nije Tsjerke is in as wettersteatstsjerke boud tsjerkegebou yn it sintrum fan it Noard-Hollânske plak De Helder. De grutte neoklassisisytske sealtsjerke datearret fan 1839 en waard boud neffens it ûntwerp fan wettersteatsopsichter Hermanus Hendrik Dansdorp yn gearwurking mei de provinsjaal ingenieur fan Noard-Hollân, Pieter Kock. Mei't âldere tsjerken yn 'e Twadde Wrâldkriich ferlern gyngen, is it hjoed-de-dei de âldste tsjerke fan De Helder.

Sûnt 1975 is de tsjerke mei de njonkenlizzende pastorije út 1875 in ryksmonumint. Ien fan 'e bekendste dûmny's fan 'e Nije Tsjerke wie François Haverschmidt, ek bekend as Piet Paaltjens.

Mei de oanlis fan 'e Rykswerf Willemsoord naam yn 'e 19e iuw yn it easten fan 'e stêd it tal ynwenners fan De Helder hurd ta en sa ûnstiene tusken it âlde doarp oan 'e westkust en de werf yn it easten nije wenwiken. Ek waard dêr in stasjon boud. Dêrmei ferskode de kearn fan De Helder en kaam de Westertsjerke wat apart te lizzen. Dêrnjonken waard de Westertsjerke ek te lyts en woe Definsje graach in tsjerke by de Rykswerf ha.

Oargel.

Lang om let waard der in Nije Tsjerke fuort by de poarte fan 'e rykswerf boud. Foar de bou waard subsydzje fan it Ministearje fan Wettersteat jûn. De arsjitekt wie wettersteatsopsichter H.H. Dansdorp, de toer is in ûntwerp fan C. van der Ster.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard De Helder in soad bombardearre. De Nije Tsjerke waard troch in delkommend Britsk fleantúch troffen, dat troch de Dútsers yn brân sketten wie. By de ynslach rekke it tek en de toer skeind, mar it gebou koe wer restaurearre wurde.

Oant yn 'e jierren 1970 waard de tsjerke brûkt troch de herfoarme gemeente, mar mei't der nije en gruttere tsjerken boud waarden, rekke de Nije Tsjerke oerstallich. De tsjerke waard oankocht troch de Folle Evangelyske Gemeente, dy't oant 1990 it gebou brûkte. Sûnt is de tsjerke fan 'e Evangelyske gemeente 'De Ambassade'.

De tsjerke besit in oargel út 1861 fan Van Dam. Yn it lêst fan 'e oarloch waard it oargel demontearre en opslein yn Hoarn. Nei de befrijing waard it oargel wer yn 'e tsjerke opboud. By in renovaasjes yn 2004 waarden kranten út de Twadde Wrâldkriich fûn, wêrmei't it oargel ynpakt wie. In stik of wat knipsels binne yn listen set.

Fan 1862 oant 1864 wurke François Haverschmidt as dûmny yn 'e tsjerke. Yn 'e selde tiid troude hy en waard syn earste wurk útjûn, de Sinterklaasvertelling. It is goed mooglik dat er dêr ek wurke hat oan it Oera Linda Boek. Bekend is syn sizzen: Wie nooit vlak aan zee gewoond heeft, weet eigenlijk niet wat of waaien is. Dy ferwizing nei syn jierren yn De Helder is werom te lêzen op in plakette, dy't oan 'e tsjerke hinget. It wie foar Haverschmidt bodzjen yn De Helder mei beheinde middelen en yn 1864 ferhûze de dichter nei Skiedam.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Nieuwe Kerk, Den Helder









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Nije_Tsjerke_(De_Helder)

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy