Content-Length: 86128 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Skiednis_fan_Azerbeidzjan

Skiednis fan Azerbeidzjan - Wikipedy Springe nei ynhâld

Skiednis fan Azerbeidzjan

Ut Wikipedy

It artikel oer de skiednis fan Azerbeidzjan beskriuwt de skiedkundige ûntjouwing fan sawol de republyk Azerbeidzjan as dat fan it 'gruttere Azerbeidzjan'.

Yn de rin fan de skiednis hawwe ferskate kultueren en folken hearske oer Azerbeizjan, ûnder oaren: Perzen, Griken, Romeinen,Arabieren, Turken, Mongoalen, Britten en Russen.

Ynearsten waard it gebiet bewenne troch Kaukasyske Albanezen en Skyten yn de 9e iuw f.Kr. Dêrnei hearsken de Meden dy't troch de Achaemeniden om 550 f.Kr. ferslein waarden. Yn 330 f.Kr. oerweldige Aleksander de Grutte op syn beurt de Achaemeniden. Nei it tiidrek fan de Grykske Seleusiden (dy't de gebieten fan Aleksander urven) ûntstie der in ier ûnôfhinklik keninkryk Armeenje dat fan 190 f.Kr. oant de 8e iuw bestean soe, oant de Arabieren der in ein oan makken. Yn de 11e iuw waarden de Seljuk Turken de oerhearskjende macht. Yn de 13e14e iuw hie it gebiet te krijen mei ynvaazjes troch Mongoal-Tartaren.

De Safawiden, dy't it yn de 16e iuw foar it sizzen krigen, leinen de foar it grutste part Soennityske befolking it sjiïsme op en strieden tsjin it Ottomaanske Ryk. Nei de fal fan de Safawiden yn 1722 ûntstienen ferskate lytse kanaten yn it gebiet dat no Azerbeidzjan neamd wurdt. Dizze kanaten wienen hieltyd mei inoar yn kriich en koenen gjin fûst meitsje tsjin de omlizzende steaten. Yn de rin fan de 18e iuw kaam it hieltyd mear yn de Russyske ynfloedsfear te lizzen en begjin 19e iuw waard it ûnderdiel fan it Russyske ryk fan de tsaren.

Doe't op de ein fan de Earste Wrâldkriich de Russyske tsaar ôfsetten waard en der in flinke boargeroarloch wie (Russyske revolúsje), waard yn Azerbeidzjan de Azerbeidzjan Demokratyske Republyk stifte. Dizze republyk wie de earste demokratyske moslimrepublyk yn de wrâld en soe twa jier lang, fan 1918 oant 1920 bestean. It Reade Leger makke in ein oan de selsstannigens en Azerbeidzjan waard diel fan de Sowjetuny.

Oant en mei 1991 soe Azerbeidzjan by de Sowjetuny heare. Dat jier stoarte de Sowjetuny yn en krige it har ûnôfhinklikens werom krektsa as de neistlizzende buorlannen Armeenje en Georgje. Al gau ûntstie kriich mei Armeenje oer de kristlike enklave Nagorno-Karabakh. Yn 1994 foel Armeenje Azerbeidzjan oan en oermastere de enklave, dy't sûnt dy tiid troch har beset holden wurdt. Yn de kriich foelen mear as in miljoen slachtoffers, en moasten 800.000 mensen flechtsje.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Skiednis_fan_Azerbeidzjan

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy