Content-Length: 125637 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Toljatti

Toljatti - Wikipedy Springe nei ynhâld

Toljatti

Ut Wikipedy
Toljatti
Тольятти
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Ruslân
Oblast Samara
Sifers
Ynwennertal 684.709 (2023)
Oerflak 314,78 km² km²
Befolkingsticht. 2175,2 ynw./km²
Oar
Stifting 1737
Tiidsône UTC+4
Koördinaten 53° 30' N 49° 25' E
Offisjele webside
www.krasnoe-selo.ru
Kaart
Toljatti (Jeropeesk Ruslân)
Toljatti

Toljatti (Russysk: Тольятти, somtiden ek Togliatti, oant 1964 Stavropol) is in stêd yn 'e Russyske Federaasje yn 'e oblast Samara. De stêd leit oan 'e lofter kant fan 'e Wolga op it plak dêr't de rivier in opslachmar wurdt. Toljatti leit likernôch 95 kilometer westlik fan 'e stêd Samara.

Toljatti is fan 'e oblast Samara de twadde stêd en it is de grutste Russyske stêd, dy't net in bestjoerlik sintrum is fan in Russysk dielgebiet.

De stêd waard yn 1737 troch Vasili Tatisjtsjev stifte as in delsetting foar de kerstene Kalmukken. It plak krige doe de namme Stavropol (Ставрополь, faak ek 'Stavropol-oan-'e-Wolga' om it te ûnderskieden fan Stavropol noardlik fan 'e Kaukasus, mar dy tafoeging hat nea offisjeel west)), mar ûntwikkele him mar stadich en yn 1924 rekke Stavropol sels de stedsstatus kwyt. Pas yn 1946 krige Stavropol de status fan stêd werom.

De Zjgûlevskaja Wetterkrêftsintrale (earder: Kûjbysjevskaja Wetterkrêftsintrale)

Op 21 augustus 1950 waard in dekreet fan it regear publisearre oer de bou fan in wetterkrêftsintrale oan 'e Wolga. Troch de oanlis fan de Opslachmar fan Samara kaam it grutste part fan 'e âlde stêd yn 1955 ûnder wetter te stean en tusken 1953-1955 waard op in oare lokaasje in folslein nije stêd boud.

Oant 1964 bleau de namme fan 'e stêd Stavropol. Op 28 augustus 1964 waard troch it Presidium fan 'e Opperste Sovjet besletten de stêd te ferneamen nei de doe krekt ferstoarne Italjaan Palmiro Togliatti. Togliatti moast fanwegen syn kommunistyske aktiviteiten Itaalje yn 'e jierren 1920 ferlitte en bleau oant it ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Moskou. Neitiid wie Togliatti de lieder fan 'e de Partito Comunista Italiano yn Itaalje. Palmiro Togliatti hie lykwols gjin bysûndere bân mei de stêd.

De fabriken fan AvtoVAZ

Ekonomysk wie de bou fan it AvtoVAZ-fabryk nei 1966 yn gearwurking mei Fiat fan ûnbidich belang foar de groei fan 'e stêd. Fanwegen AvtoVAZ krige de stêd ek de bynammen 'Autograd' of 'Russysk Detroit'.

Nei de fal fan it kommunisme krige de stêd te meitsjen mei in weach fan organisearre kriminaliteit. De maffia focht om de kontrole fan AvtoVAZ en Toljatti stie bekend as ien fan 'e Russyske stêden mei de heechste kriminaliteitsifers. Tusken 1995 en 2003 waarden yn Toljatti ferskillende persoanen út de sjoernalistyk fermoarde.

Yn 1996 waard yn 'e stêd in referindum holden oer de fraach of de stêd de histoarysk namme werom hawwe moast. De útslach wie dat 70% fan 'e stimgerjochtigen foar behâld fan de namme Toljatti keas. It hie fierder allegear neat útmakke, want de opkomst lei ûnder de 50% en dêrmei wie it referindum net jildich.

De mearderheid fan 'e befolking fan Toljatti bestiet út Russen. Gruttere minderheden binne Tataren, Oekraïners en Tsjûvasjen en Mordoovjers. De mearderheid fan 'e befolking is russysk-otterdoks, in minderheid is islamitysk.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1754 1897 1939 1959 1964 1970 1979
Ynwenners 5.695 5.969 9.345 61.281 123.400 250.853 502.036
Jier 1990 2000 2010 2020
Ynwenners 640.000 722.900 719.632 699.429

Sifers ôfkomstich fan 'e befolkingstabel fan it Russysktalige lemma

De stêd is te ferdielen yn trije rajons. It Tsentralni-rajon (2) leit tusken de oare twa rajons en waard noardlik fan it histoaryke Stavropol boud. Westlik leit it oarspronklik foar de wurknimmers fan it autofabryk boude Avtozavodski stedsrajon (1) (ek wol 'Avtograd' of 'Nije Stêd' neamd). Foar de bouwers fan 'e Kûjbysjevkaja Wetterkrêfsintrale (no de Zjgûlevskaja Wetterkrêftsintrale) waard yn it easten it Komsomolski stedsrajon (3) oanlein.

Nû. Namme Russysk Ynwenners (2021) Kaart
1 (rôze) Avtozavodski stedsrajon Автозаво́дский райо́н
426.982
2 (donkergiel) Tsentralni-rajon (Sintraal) Центральный район
153.580
3 (ljochtgiel) Komsomolski stedsrajon Комсомо́льский район
112.510

Toljatti is in yndustrieel sintrum en it bekendste bedriuw is it AvtoVAZ-fabryk, it grutste autofabryk fan Ruslân dêr't de Lada produsearre wurdt. Oare wichtige sektoaren binne de masinebou, de gemy- (werûnder de grutste ammoniakprodusint fan 'e wrâld) en de fiedselyndustry. De regio Samara-Toljatti is ien fan 'e ekonomysk bêst ûntwikkele gebieten fan Ruslân en hat ien fan 'e leechste wurkleazenssifers fan 'e federaasje. De enerzjy oan 'e stêd wurdt levere troch twa termyske elektrisiteitssintrales. De wetterkrêftsintrale is in produksjebedriuw foar de Russyske gruthannelsmerk foar elektrisiteit.

Kultuer en ûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Poppeteäter fan Toljatty

Toljatti hat seis universiteiten en hegeskoallen, ferskillende musea, in filharmony, in rige teäters en kultuerpaleizen.

Om't it hjoeddeiske Toljatti pas yn 'e jierren 1950 ûntstie binne der gjin wichtige monuminten. De hiele stêd waard op 'e nij boud en mar in pear gebouwen fan 'e âlde stêd binne bewarre bleaun.

It iennige grutte kompleks fan 'e âlde stêd dat noch bestiet wie it eardere sikehûs út de jierren 1868-1872. It sikehûs waard yn 1953 ferhûze nei it sintrale diel fan 'e nije stêd, mar by it ûnstean fan 'e opslachmar bleaune de heger lizzende gebouwen fan it âlde sikehûs frij fan it wetter. It kompleks waard in monumint en tsjinne ferskillende organisaasjes. Nei in skoft leech stien te hawwe is it kompleks oerdroegen oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke, dy't it yn 'e gebouwen it Kleaster fan 'e Weropstanning ûnderbrocht en twa tsjerken tafoege.

Ferkundigingstsjerke yn Fedorovka

Elts stedsdiel hat syn eigen arsjitektuer. Yn it sintrum binne noch in tal partikuliere houten hûzen út de âlde stêd bewarre bleaun, dy't by de oanlis fan 'e daam ôfbrutsen en yn it nije sintrum werboud binne. Mei de oanlis fan Avtozavodski (Автозаво́дский) waard yn 'e jierren 1960 útein set en dat rajon groeit noch jimmeroan. It stedsdiel bestiet út in soad wenblokken en tusken 1996 en 2002 waard dêr de monumintale Transfiguraasjekatedraal boud. It stedsdiel Komsomolski hat noch leechbou út it tiidrek fan Stalin en Chrûsjtsjov. It mikrodistrikt Sjljûzovoj (Шлюзовой; ûnderdiel fan it Komsomolski-rajon) wurdt fanwegen it Sovjet-klassisisme ek wol 'Lyts-Sint-Petersburch' neamd. Yn Fedorovka, in doarpke eastlik yn it Komsomolski-rajon, stiet de restaurearre Ferkundigingstsjerke út 1846.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Тольятти










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Toljatti

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy