Content-Length: 56149 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Tonnema

Tonnema - Wikipedy Springe nei ynhâld

Tonnema

Ut Wikipedy
It Tonnemafabryk

Tonnema & Co. is in pipermuntfabryk yn Snits yn de Nederlânske gemeente Súdwest-Fryslân (Fryslân) dy 't oprjochte waard yn 1902 en hjoed-de-dei in breder produksjepakket hat.

It bedriuw waard yn 1902 oprjochte troch de Nicolaas de Vries, dy 't it fak learde by de Friesche Suikerwerk en Pepermuntfabriek, yn de folksmûle 'Klontsjefabryk' neamd. De namme Tonnema hat it bedriuw te tankjen oan Gerrit Tonnema, in pleatslike winkelman, dy't foar it startkapitaal soarge en De Vries by steat stelde him fan masterfeint ta fabrikant te ûntwikkeljen. Oare fennoaten wiene de hearen Zandstra en Wip.

It wichtichste merk wie King, in merknamme dy't betocht wêze soe by in kuier troch Ingelân. Dat merk waard yn 1922 registrearre. King soe de ôfkoarting wêze fan 'Kwaliteit in Niets Geëvenaard'. Yn 1926 waard it dropmerk Italiano yntrodusearre destiids noch yn pûdsjes fan 100 gram. It waard oanpriizge as medisyn foar ferkâldenheid.

It fabryk wie fêstige oan de Gedempte Pol, hoeke Prins Hendrikkade, en ferhuze yn 1905 nei it Lytssân. Yn 1924 kocht De Vries de lêste fennoat (Anne Zandstra) út en kaam it bedriuw hielendal yn hannen fan de famylje De Vries. Om 1935 hinne droech De Vries de sizzenskip oer oan syn trije soannen. Yn datselde jier yntrodusearre Tonnema it sûkeladesnoepke Rocco. Yn 1956 waard it suetsje Rang yntrodusearre yn in frucht- en mentholfariant.

Yn 1988 waard Tonnema oernaam troch Van Nelle dat op syn beurt yn 1989 oernaam waard troch Sara Lee/Douwe Egberts. Yn 1990 waard Tonnema oernaam troch de Centrale Suiker Maatschappij. Yn 2005 is it in ûnderdiel fan Leaf Holland wurden en nei de fúzje fan Leaf mei Cloetta, yn 2012, (in Sweedske produsint fan suertsjes) is King yn hannen fan Cloetta. Yn 2002 waard de produksje fan kaugom út Amsterdam wei nei in fernijde fabryk yn Snits ferpleatst.

Yn it fabryk, oan de Oude Oppenhuizerweg, wurdt snobbersguod, sûkerhagel en kaugom produsearre. It Tonnemafabryk út 1955 is in yndustrieel monumint (mei de wetlike status fan ryksmonumint) as in wichtich foarbyld fan weropbouarsjitektuer. De âlde fabryksgebouwen oan it Lytssân binne sloopt en hawwe plak makke foar it appartemintekompleks De Eerste Rang.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Tonnema

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy