Content-Length: 112023 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Neutron

Neutron - Wikipedy Springe nei ynhâld

Neutron

Ut Wikipedy
Matearje bestiet op de lytste skeal út elementêre dieltsjes

In neutron is in subatomêr dieltsje sûnder elektryske lading dat foarkomt yn atoomkearnen. It is opboud út 2 down-quarks en 1 up-quark. Alle atoomkearnen op ééien nei befetsje neist ien of mear protoanen ek ien of mear neutronen. De ienige útsûndering is 1H (de meast foarkommende foarm fan wetterstof), wêrfan de kearn út allinnich ien proton bestiet. De massa fan it neutron is frijwol lyk oan dy fan it proton (it neutron is wat swierder), mar it neutron mist de positive lading fan it proton.

De rêstmassa fan in neutron is 1,00894 atomêre massa-ienheid (a.i.), dat is 1,67493 × 10-27 kg. It dieltsje kin frijkommme by kearnsplitsing, bygelyks yn kearnreaktors en by de eksploazje fan in atoombom, mar it is yn dizze frije tastân (dus bûten de atoomkearn) net stabyl. De ferfaltiid (oantsjutten mei τ) is 14:46 minuten. It ferrfalt ta in elektron, in proton en in elektron-antineutrino. Dit is in foarbyld fan β-ferfal (elektroanenemisje wurdt bêtastrieling neamd). Hast alle massa wurdt dêrby trochjûn oan it proton.

Neutroanen spylje in wichtige rol yn kearnreaksjes:

Se kinne ek brûkt wurde foar struktuerûndrsyk:

It neutron waard yn 1932 ûntdekt troch James Chadwick, dy't dêrfoar yn 1935 de Nobelpriis foar de Natuerkunde krige.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Neutron

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy