It Latyn (Latyn: lingua Latina of Latine) is in âlde (en no deade) taal út de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't ta de Italjaanske tûke fan 'e stambeam beheart. It Latyn wie de taal fan de Romeinen en wie om de jiertelling hinne de wichtichste taal yn it Middellânske-Seegebiet.

Latyn
algemien
eigen namme Latine
skrift Latynske alfabet
taalstatus
offisjele status Fatikaanstêd
taalkoades
ISO 639-1 la
ISO 639-2 lat
ISO 639-3 lat

Skiednis fan de taal

bewurkje seksje
 
Lapis Niger, de âldst-bekende Latynske ynskripsje

De âldste Latynske tekst datearret nei gedachten út de 7e iuw of 6e iuw f.Kr. Yn dy iere tiid waard Rome sterk beynfloede troch de Etrusken, it oanbuorjende folk dat in grut gebiet bewenne benoarden Latium. De Romeinske religy en boukeunst bygelyks binne hiel bot inte op Etruskyske foarbylden. Ek it klassike Latynsk alfabet is basearre op it Etruskysk alfabet (dat op har beurt wer fan it Gryksk alfabet ôflaat wie). Wat de taal sels oangiet hat it Etruskysk net folle ynfloed hân op it Latyn, útsein inkele lienwurden, dêr't persona (masker) it bekendste fan is: it wurd dêr't it Fryske persoan wer fan ôflaat is.

Yn de rin fan de 2e iuw f.Kr. waard it Latyn stadichoan de literêre taal sa as wy dy tsjintwurdich kinne; de taal waard normaliseare, krige in konservative ynslach en yn de sinbou waard systematysker. De ôfstân ta de omgongstaal, dy't folkslatyn of fulgêr Latyn neamd wurdt, naam dêrtroch hiel bot ta. Benammen Sisero en Caesar hawwe yn de 1e iuw f.Kr. de toan set foar it klassike Latyn.

Trochdat Latyn de taal fan de tsjerke woarn waard, en de mûntsen yn de Midsiuwen de wichtichste wittenskippers wienen, waard it Latyn ek ta de taal fan de wittenskip. Nei't de universiteiten oergongen op de lânstaal hie it dy rol net mear, mar ek no noch wurdt Latyn yn ferskate lannen noch as skoallefak ûnderwiisd, lykas bygelyks yn Nederlân op de middelbere skoalle. De taal wurdt ûnder oaren ek noch brûkt by it takennen fan nammen foar planten en bisten.

Troch de iuwen, it Latyn seach syn útspraak yn ferskillende soarten ferbrutsen. Dêrom fint men no in konflikt tusken de oarspronklike útspraak en de Tsjerkeútspraak fan hjoeddei.

It grutste ferskil tusken de twa wurdt sjoen yn 'e útspraak fan letters 'C' en 'G', as hja foar in 'E' as in 'I' komme. Yn de Tsjerkeútspraak dy klinke as tsj en dzj, mar yn 'e oarspronklike taal, hja wurde altyd allinne as k en g heard.

Latyn is in taal dy't ryk mei namfallen is, en dêrom hawwe tiidwurden ferfoeging, as ek de haadwurden ferbûging hawwe. Yn 'e betide iuwen n.Kr. wie it Latynsk in grutte fiertaal foar it oerbringen tusken minsken yn hiel Jeropa.

 
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Latyne ferzje.
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy