Octavio Paz
Octavio Paz (Spaanske útspr.: [okˈtaβjo pas], folút: Octavio Paz Lozano; Meksiko-Stêd, 31 maart 1914 – dêre, 19 april 1998) wie in ferneamd Meksikaansk dichter, essayist, diplomaat, oersetter en toanielskriuwer. Syn wurken hearre fierhinne ta de streamings fan it surreälisme en it eksistinsjalisme, en fertoane ynfloeden fan it marksisme, it hindoeïsme en it boedisme. Syn bekendste gedicht is it masterwurk Piedra de Sol (De Sinnestien), út 1949. Yn 'e jierren fyftich en sechstich tsjinne er syn lân as diplomaat, en wied û.m. abassadeur yn Yndia. Ut protest tsjin it bloedich delslaan fan studinteprotesten troch it Meksikaanske regear joech er dat amt der yn 1968 oan. Yn 1990, acht jier foar syn dea oan kanker, waard him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.
Octavio Paz | ||
skriuwer | ||
Octavio Paz yn 1988. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Octavio Paz Lozano | |
nasjonaliteit | Meksikaansk | |
berne | 31 maart 1914 | |
berteplak | Meksiko-Stêd (Meksiko) | |
stoarn | 19 april 1998 | |
stjerplak | Meksiko-Stêd (Meksiko) | |
etnisiteit | Meksikaansk | |
wurk | ||
taal | Spaansk | |
sjenre | poëzij, essay's, toaniel, non-fiksje | |
perioade | midden & 2e helte 20e iuw | |
streaming | surreälisme, eksistinsjalisme | |
bekendste wurk(en) |
El Laberinto de la Soledad Piedra de Sol | |
prizen | Cervantespriis 1981 Nobelpriis 1990 | |
jierren aktyf | 1933 – 1998 | |
offisjele webside | ||
www.octaviopaz.mx |
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Octavio. De earste efternamme (fan heitekant) is Paz, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Lozano. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Paz of oars Paz Lozano brûkt wurde.
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeOctavio Paz waard berne as de soan fan Octavio Paz Solórzano en Josefina Lozano. Syn heit wie yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch (1910-1920) in aktyf tsjinstanner fan presidint Porfirio Díaz. Paz waard yn in begoedige fermidden grutbrocht yn it doarp Mixcoac, dat no opslokt is troch Meksiko-Stêd, troch syn mem, wa har âldelju oft út Spanje wei nei Meksiko ta emigrearre wiene, syn muoike Amalia Paz en syn pake oan heitekant Ireneo Paz, in liberale yntellektueel, romanskriuwer, útjouwer en eardere oanhinger fan presidint Díaz. Op syn fyfde brocht Paz in jier mei syn famylje troch yn it Amerikaanske Los Angeles. Letter studearre er yn Meksiko-Stêd oan it Colegio Williams.
Paz kaam al ier yn 'e kunde mei literatuer troch de bibleteek fan syn pake, dy't folstie mei Meksikaanske en Jeropeeske klassiken. Yn 'e tweintiger jierren lies er sadwaande al Spaanske dichters, lykas Gerardo Diego, Juan Ramón Jiménez en Antonio Machado, dy't in grutte ynfloed útoefenen op syn iere wurk. As tiner, yn 1931, doe't er sterk beynfloede waard troch de Ingelske dichter en skriuwer D.H. Lawrence, publisearre Paz syn earste gedichten, wêrûnder Cabellera. Twa jier letter, yn 1933, doe't er njoggentjin jier wie, brocht er syn earste dichtbondel út, ûnder de titel Luna Silvestre ("Wylde Moanne"). It jiers tefoaren hied er doe mei guon freonen al syn earste literêre tydskrift, Barandal, oprjochte.
Iere karriêre
bewurkje seksjeYn 1937 joech Paz syn rjochtestúdzje deroan en sette er ôf nei Yukatan, om op in skoalle te Mérida te wurkjen mank de soannen fan gerniers en lânarbeiders. Dêr begûn er oan it earste fan syn lange, ambisjeuze gedichten, Entre la Piedra y la Flor ("Tusken de Stien en de Blom yn"), dat er foltôgje soe yn 1941 (en op 'e nij beseach yn 1976). Yn dat dichtwurk beskreau er ûnder ynfloed fan it wurk fan 'e modernistyske dichter T.S. Eliot de maatskiplike sitewaasje fan 'e earme Meksikaanske plattelânsbefolking, dy't útrûpele waard troch de gjirrige lânhearren.
Yn datselde jier (1937) waard Paz útnûge op it Twadde Ynternasjonale Skriuwerskongres ta Ferdigening fan 'e Kultuer yn Spanje, dêr't er, ûnder de Spaanske Boargeroarloch, syn solidariteit betoande mei de republikeinen tsjin it faksisme fan generaal Franco. Nei syn weromkear yn Meksiko wie Paz yn 1938 belutsen by de oprjochting fan in nij literêr tydskrift, Taller ("Wurkplak"), dêr't er oant 1941 yn publisearre. Ek yn 1937 troude er mei Elena Garro, dy't er twa jier earder kennen leard hie en dy't tsjintwurdich beskôge wurdt as ien fan 'e bêste auteurs fan Meksiko. Hja krigen ien dochter, Helena, mar it houlik einige yn 1959 yn in skieding.
Yn 1943 sette Paz útein mei in stúdzje oan 'e Amerikaanske Univeriteit fan Kalifornje te Berkeley (University of California at Berkeley), en twa jier letter waard er opnommen yn 'e Meksikaanske diplomatike tsjinst. Yn dy hoedanichheid wurke er earst in hoart yn New York, en waard er yn 1945 nei Parys ta stjoerd, dêr't er El Laberinto de la Soledad ("It Labyrint fan Iensumens") skreau, in rûnom priizge essay fan 'e lingte fan in boek oer de Meksikaanske identiteit, en ek de dichtbondel Libertad bajo Palabra ("Frijheid ûnder Ede"), dêr't syn bekendste gedicht en masterwurk Piedra de Sol ("Sinnestien"), letter oan tafoege wurde soe. Yn 1952 reizge er foar de earste kear nei Yndia ta en datselde jiers waard er in skoft stasjonearre yn 'e Japanske haadstêd Tokio, en letter yn it Switserske Sjenêve. Paz kearde yn 1954 werom nei Meksiko-Stêd. Yn 1959, it jier fan syn skieding, waard er fannijs nei Parys ta stjoerd, wat him goed útkaam mei't syn minneresse, de Italjaanske skilderesse Bona Tibertelli de Pisis, dêr ek krekt hinne ferfearn wie.
Lettere karriêre
bewurkje seksjeYn 1962 waard Paz beneamd ta de Meksikaanske ambassadeur yn Yndia. Dêre skreau er ferskate wurken, wêrûnder El Mono Gramático ("De Aap Dy't Grammatika Underwiisde"), dat yn it Spaansk pas yn 1974 útjûn wurde soe, en Ladera Este ("Eastlike Skeante"). Yn 1965, nei't er syn relaasje mei Tibertelli de Pisis beëinige hie, troude er mei Marie-José Tramini, dy't oan syn dea ta by him bliuwe soe. Paz joech syn diplomatike oanstelling op yn oktober 1968, nei it bloedbad dat it Meksikaanske regear oanrjochtsje litten hie ûnder demonstrearjende studinten op it Plaza de las Tres Culturas yn 'e wyk Tlatelolco fan Meksiko-Stêd. Neitiid ferbleau er hoartsje yn Parys, en yn 1969 kearde er werom nei Meksiko, dêr't er yn 1970 mei in groepke lykstimde yntellektuëlen it tydskrift Plural oprjochte.
Fan 1970 oant 1974 beklaaide Paz in heechlearaarskip oan 'e Universiteit fan Harvard, yn 'e Feriene Steaten. Yn syn boek Los Hijos del Limo ("De Bern fan 'e Sompe") samle er syn universitêre lêzings út dy jierren. Nei't it Meksikaanske regear yn 1976 it near lei op Plural, rjochte Paz yn it stee dêrfan it blêd Vuelta op, dat frijwol deselde ynhâld krige en dêr't er oan syn dea ta redakteur fan bleau. Fan 'e ein fan 'e jierren santich ôf krige er einlings en te'n lêsten ynternasjonale erkenning, mei de Jeruzalimpriis foar literatuer oer yndividuële frijheid (1977), in earedoktoraat fan 'e Universiteit fan Harvard (1980), de Miguel de Cervantespriis (1981), de Neustadtpriis foar literatuer (1982) en ferskate oare prizen en ûnderskiedings. Uteinlik waard syn karriêre as skriuwer en dichter yn 1990 bekroane mei de Nobelpriis foar de Literatuer.
It lêste part fan Paz syn libben waard oerskade fan in heechoprinnende deilisskip mei syn eardere freon, de foaroansteande Meksikaanske skriuwer en histoarikus Carlos Fuentes. It brekpunt waard foarme troch it sandinistyske regear fan Nikaragûa, dat Paz bestried en Fuentes stipe. Yn 1988 printe Paz yn syn tydskrift Vuelta in oanfal op Fuentes ôf troch de essayist en histoarikus Enrique Krauze, wêryn't dy Fuentes syn Meksikaanske identiteit yn 'e kiif stelde. Dêrtroch boaze in ûnienichheid oan ta in wiere fete, dy't oanhold oant Paz syn ferstjerren oan kanker op 19 april 1998.
Wurk
bewurkje seksjeDichtbondels
bewurkje seksje- 1933 - Luna Silvestre ("Wylde Moanne")
- 1938-1946 - Puerta Condenada
- 1937 - La Rama
- 1942 - A la Orilla del Mundo
- 1949 - Libertad bajo Palabra ("Frijheid ûnder Ede")
- wêrûnder (letter tafoege)
- 1957 - Piedra de Sol
- Fryske oersetting: De Sinnestien (fert. Klaas Bruinsma, 1984)
- 1957 - Piedra de Sol
- wêrûnder (letter tafoege)
- 1962 - Salamandra ("Salamander")
- 1966 - Blanco ("Blanko")
- 1969 - La Centena (blomlêzing út eardere poëzij)
- 1969 - Ladera Este ("Eastlike Skeante")
- 1974 - El Mono Gramático ("De Aap Dy't Grammatika Underwiisde")
- 1975 - Pasado en Claro
- 1976 - Vuelta
- 1979 - Poemas ("Gedichten"; samle fersen 1935-1975)
- 1987 - Árbol Adentro
- 1989 - El Fuego de Cada Día
Essay's en essaybondels
bewurkje seksje- 1950 - El Laberinto de la Soledad ("It Labyrint fan Iensumens")
- 1956 - El Arco y la Lira
- 1957 - Las Peras del Olmo
- 1965 - Cuadrivio
- 1966 - Puertas al Campo
- 1967 - Corriente Alterna
- 1967 - Claude Levi-Strauss o el Nuevo Festín de Esopo
- 1968 - Marcel Duchamp o el Castillo de la Pureza
- 1969 - Conjunciones y Disyunciones
- 1969 - Posdata (ferfolch op El Laberinto de la Soledad)
- 1973 - El Signo y el Garabato
- 1974 - Los Hijos del Limo ("De Bern fan 'e Sompe")
- 1974 - La Búsqueda del Comienzo
- 1979 - El Ogro Filantrópico
- 1979 - In-mediaciones
- 1982 - Sor Juana Inés de la Cruz o las Trampas de la Fe
- 1983 - Tiempo Nublado
- 1983 - Sombras de Obras
- 1984 - Hombres en su Siglo ("Minsken en Harren Iuw")
- 1985 - Pasión Crítica
- 1988 - Primeras Letras (bondel essay's út syn jonkheid)
- 1990 - Pequeña Crónica de Grandes Días
- 1990 - La Otra Voz: Poesía y Fin de Siglo ("De Oare Stim: Poëzij en de Ein fan de Iuw")
- 1991 - Convergencias
- 1992 - Al Paso
- 1993 - La Llama Doble
- 1994 - Itinerario
- 1995 - Vislumbres de la India
Toanielstikken
bewurkje seksje- 1956 - La Hija de Rappaccini ("De Dochter fan Rappaccini")
Oersettings
bewurkje seksje- 1957 - Sendas de Oku (oersetting fan poëzij fan 'e Japanske dichter Matsuo Bashō (1644-1694))
- 1959 - Antología de Fernando Pessoa (oersetting fan poëzij fan 'e Portegeeske dichter en skriuwer Fernando Pessoa (1888-1934))
- 1973 - Versiones y Diversiones (oersetting fan poëzij fan ferskate dichters)
Paz yn it Frysk
bewurkje seksjeTeminsten twa gedichten fan Octavio Paz binne nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertalings fan Año Nuevo en Piedra de Sol hat Bruinsma ûnder de titels Nijjiersdei, resp. De Sinnestien yn 1983 en 1984 publisearre yn ûnderskate nûmers fan it tydskrift HJIR.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |