Skai Jackson (New York, 8 april 2002) is in Amerikaansk berne-aktrise fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Hja is it bekendst wurden mei har rol as Zuri Ross, yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje Jessie, dy't produsearre wurdt troch de Disney-studio's.

Skai Jackson
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Skai Jackson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 april 2002
berteplak New York (New York)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jackson waard yn 2002 berne yn New York. Hja sette har karriêre útein as bernemodel en wurke as sadanich mei oan withoefolle Amerikaanske reklamespotsjes.

Har earste grutte aktearrol hie Jackson yn 'e film Liberty Kid, út 2007, doe't se noch mar fiif jier wie. Neitiid spile se ek yn films as Rescue Me, út 2008, en The Rebound, út 2009. Ek yn 2009 wie Jackson as stimaktrise belutsen by de animearre pjuttesearje Bubble Guppies, yn 'e rol fan Little Fish. Yn 2010 en 2011 hie se gastrollen yn 'e tillefyzjesearjes Team Umizoomi, Royal Pains en Boardwalk Empire. Fierders wie se as figurante te sjen yn 'e films Arthur en The Smurfs (beide út 2011).

Yn 2011 waard Jackson cast yn 'e rol fan Zuri Ross, yn 'e Disney-komeedzjesearje Jessie, mei yn 'e titelrol Debby Ryan, en mei Peyton List as Jackson har âldere suster Emma Ross. Fierders hie Jackson yn 2013 in crossover-gastrol (as Zuri Ross) yn 'e Disney-rige Good Luck, Charlie. En yn 2014 wurke se as stimaktrise mei oan 'e earste ôflevering fan Ultimate Spider-Man. Yn 2015 waard bekendmakke dat de rige Jessie nei dat seizoen ophâlde soe, mar dat Jackson, List en Karan Brar deselde rollen wer opnimme soene yn in noch ûntitele spin-off-rige.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy