Bakkefean
Bakkefean | ||
Bakkefeanster Feart | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.890 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 20,34 km², wêrfan: - lân: 20,25 - wetter: 0,09 km² | |
Befolkingsticht. | 93 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 04' N 6° 15' E | |
Offisjele webside | ||
Side Bakkefean | ||
Kaart | ||
Bakkefean is it meast eastlike doarp fan de gemeente Opsterlân súdeastlik fan Drachten. Yn 'e himrik fan Bakkefean leit ek de buorskip Allardseach. Oan de Allartseagerdyk leit it trijeprovinsjepunt, dêr't de grinzen fan Fryslân, Grinslân en Drinte gearkomme.
Bakkefean is in brinkdoarp. De brink leit yn it sintrum fan it doarp.
Bakkefean hat 1.890 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch't Bakkefean op in âlde sânrêch leit en boppedat by in trochgong yn it fean, luts it plak al sûnt de Stientiid ferkear. It doarp waard it earst yn 1231 neamd, doe't de Fryske helptroepen fan de biskop fan Utert en Drinten dêr in fjildslach útfochten hienen.
Yn de 13e iuw wenne hjir de kluzener Doda. Syn neifolgers ferienigen harren mei kleaster Mariëngaard en sa ûntstie de úthôf Mariengaard, leveransier fan turf. Yn de Tachtichjierrige Oarloch (1583) waard it doarp, mei de tsjerke, troch de Spanjerts ferwoaste. It hjoeddeistige Bakkefean is ûntstien oan de feart by de feanûntginning yn 1660. It is dêrtroch in echt streekdoarp.
Besuden en súdwestlik fan in dobbe oan de Miumer, krekt efter de Bakkefeanster dunen, binne restanten fan in fol-midsiuwsk doarp fûn. It doarp moat al foar 1230 ferdwûn wêze.
Fan 1932 oant 1988 stie de Folkshegeskoalle Allardseach yn 'e buorskip Allardseach, dy't yn 'e himrik fan Bakkefean leit.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei njoggen oaren waard keunstner Hendrik Nicolaas Werkman yn 1945 yn Bakkeveen fusillearre troch in Dútsk fjoerpeloton, trije dagen foar de befrijing fan Noard-Nederlân. De redenen foar syn arrestaasje en eksekúsje binne noait goed dúdlik wurden. Hy leit begroeven op it begraafplak fan Bakkefean en yn it doarp stiet in monumint as oantinken oan de tsien fusillearden.
Skâns en Slotpleats
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de slotpleatsbosk leit de Stjerreskâns, in seishoekige skâns dy't grif yn de 18e iuw oanlein is. It fermoeden bestiet dat hy nea in militêre funksje hân hat en foar oefendoeleinen oanlein is, alhoewol't de skâns oan de iuwenâlde Beakendyk leit; yn eardere tiden ien fan de pear heger lizzende trochgongen op de moerassige rûte fan de Fryske stêden nei Drinte. Dat soe betsjutte kinne dat de Stjerreskâns wol in ferdigeningsfunksje hân hat.
Neist de neamde Stjerreskâns leit in grutte, ûndjippe heidemar. Winterdeis as der riden wurde kin is it iis al gau fertroud en kin der op dizze stjerrebaan riden wurde tsjin de boskrâne fan de Slotpleatsbosk.
It histoaryske lângoed de Slotpleats datearret út 1818. Tsjintwurdich is it in teehûs en it startpunt fan de ekskurzjes fan Natuermonuminten yn de bosken by Bakkefean. Efter de Slotpleats stiet it âlde koetshûs dat nei in renovaasje as VVV-kantoar brûkt wurdt. De Slotpleats sels is yn 2006 restaurearre en de tunen en hôven om it lânhûs binne yn âlde swidens opknapt.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bakkefean hat in Pleatslik Belang en it doarpsblêd hjit De Slúswachter. In doarpshûs hat Bakkefean net.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iepenbiere basisskoalle De Oanrin
- Kristlike basisskoalle Betrouwen
- Pjutteboartersplak De Dúnkabouters
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 453 | 1032 | 1110 | 1133 | 1224 | 1350 | 2034 | 1915 | 1875 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tjeerd Halbes (1740-1800), lânbesitter en politikus
- Nicolaas Anne van Wijk (1899-1967), VVD-politikus, boargemaster
- Riemer van der Velde (1940), foarsitter fuotbalklup
- Eddy Schurer (1964), hurdfytser
- Folkert Idsinga (1971), VVD-politikus
- André van Tuinen (1974), fuotballer
- Walt Klink (2002), akteur[3]
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dodo festival (augustus)
- Iepenloft Rommelmerk (ienris yn 'e moanne, april-novimber)
- Doarpsfeest (juny)
Gea en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bakkefean leit middeniyn in boskryk gebiet mei ôfwikseljende heide- en sânflakten dy't op de grins mei Grinslân en Drinte lizze. Eastlik fan it doarp leit It Mandefjild; oant 1925 ta in grut heidefjild oant de Drintske grins ta, mar doe foar it grutste part oanmakke. In trijetal organisaasjes beheart de gebieten: Natuermonuminten, Steatsboskbehear en It Fryske Gea. Ut in skieppekoai op de oangrinzjende heide fan Allardseach wei wurdt de heide fan Bakkefean troch in skieppekudde beweide. Der rinne ek Exmoor-ponnys en Skotske Heechlanners frij yn it heidegebiet om.
Bakkefean leit yn it eastlike streamgebiet fan it rivierke Keningsdjip dat eastlik fan Bakkeveen ûntspringt. De beekdelte fan dit Keningsdjip wurdt opnij ynrjochte wêrby't de beek syn oarspronklike kronkeling weromkrije sil.
Bakkeveen stiet tsjintwurdich foaral bekend as rekreaasjegebiet mei attraksje- en fakânsjeparken. Troch it toerisme hat Bakkefean in goed foarsjenningsnivo lykas in grutte supermerke en goede busferbinings mei Drachten en Assen. Der is no ek in spesjaal boskpaad foar rolstuollen. It paad is sawat 1.5 km. lang en begjint en einicht by de útsjochtoer flakby it swimbad Dúndelle.
Attraksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Doalhôfpark mei útsjochtoer
- Dúndelle - iepenloftswimbad
- 't Mandeskar - atelier, feantershúske en in bysûndere tún.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
PKN-tsjerke De Mande
-
Bakkefeanster Feart
-
Houtwâl
-
Weverswâl
Publikaasje(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerard smit "Het Groote Mandeveld" (2021)
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Madurodam hat it gebou fan de Folkshegeskoalle Allardseach yn 't lyts.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Bakkefean.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
· · |