Content-Length: 116712 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/David_Weber_(skriuwer)

David Weber (skriuwer) - Wikipedy Springe nei ynhâld

David Weber (skriuwer)

Ut Wikipedy
David Weber
skriuwer
David Weber mei syn frou Sharon.
David Weber mei syn frou Sharon.
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Mark Weber
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 oktober 1952
berteplak Cleveland (Ohio)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction, fantasy
bekendste
  wurk(en)
Honor Harrington-searje
Star Kingdom-searje
útjouwer Baen Books
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
www.davidweber.net

David Weber (folút: David Mark Weber; Cleveland (Ohio), 24 oktober 1952) is in Amerikaansk skriuwer fan romans en koarte ferhalen dy't foar it meastepart ta it literêre sjenre fan 'e science fiction hearre. Hy is it bekendst wurden mei syn tige súksesfolle Honor Harrington-searje, dy't ta it subsjenre fan 'e militêre science fiction heart. Njonken science fiction hat Weber ek boeken en ferhalen skreaun dy't ta fantasy en alternate history rekkene wurde kinne. Hy ferkocht syn earste boek yn 1989 oan Baen Books, dat oant hjoed de dei syn útjouwer bleaun is.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weber waard yn 1952 berne yn Cleveland, yn 'e Amerikaanske steat Ohio. Hy is fan Dútsk etnysk komôf. Weber begûn foar it earst op 'e legere skoalle mei it skriuwen fan ferhalen. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, wurke er û.m. as tekstskriuwer, drukker en korrektor. Letter behelle er in mastertitel yn skiednis en de skiene keunsten.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weber syn earste romans kamen fuort út syn wurk as ûntwerper fan oarlochsspultsjes fan it strategyspul Starfire. Hy skreau ferskate koarte ferhalen dy't yn it ramt fan it Starfire-hielal pleatst wiene, en dy't ferskynden yn Nexus, it tydskrift dat troch Task Force Games, de produsint fan Starfire, útjûn waard. Doe't dy ferhalen yn goede ierde foelen, weage er him nei it opdoeken fan Nexus tegearre mei syn kollega Steve White oan it skriuwen fan 'e Starfire-roman Insurrection. Dat boek ferkochten se yn 1989 oan 'e útjouwerij Baen Books, dy't it yn 1990 publisearre. Insurrection wie it earste diel fan in tetralogy, wêrfan't it lêste diel, The Shiva Option, yn 2002 útkaam en de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times helle.

Syn grutste súkses belibbe Weber lykwols mei de Honor Harrington-searje, in rige wêrfan't yn 1993 it earste diel ferskynde, mei as titel On Basilisk Station. Dizze searje spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid in grut part fan 'e Molkewei kolonisearre hat, en giet oer Honor Harrington, in froulike ofsier yn 'e romtemarine fan it Keninkryk Manticore. Yn 'e opienfolgjende dielen fan 'e romansearje wurdt Harrington folge wylst se karriêre makket ûnder de oarloch fan Manticore mei de Folksrepublyk Haven.

De Honor Harrington-searje heart ta de militêre science fiction, en it ferhaal hinget der sterk ta oer om him yn wapenboukundige details en wiskundige berekkenings fan 'e faasje en banen fan projektilen lykas raketten en torpedo's te ferliezen, wat foar in protte lêzers de spanning sterk belúnje litte sil. De boeken binne boppedat skreaun yn it auktoriële perspektyf (mei in alwittende ferteller), wat ynherint in beskate ôfstân tusken de haadpersoanen en de lêzer ynbout. Nettsjinsteande dat hat Weber mei de rige in grutte en fêste skare fans witten te winnen. De Honor Harrington-rige hat ferskate spin-offsearjes fuortbrocht, wêrûnder de Crown of Slaves-rige, wêryn't Weber gearwurket mei Eric Flint, en de Star Kingdom-rige foar jongfolwoeksenen, dy't er tegearre skriuwt mei Jane Lindskold.

Njonken science fiction hat Weber ek fantasy skreaun, lykas Oath of Swords en The War God's Own, en alternate history, lykas 1632, op 'e nij mei Eric Flint. Hy is in fan fan militêre skiednis, dêr't er sadwaande faak eleminten fan yn syn wurk ynkorporearret. Nei eigen sizzen is er it meast beynfloede troch skriuwers as C.S. Forester, Robert A. Heinlein, Roger Zelazny en Anne McCaffrey. Hy besiket safolle mooglik science fiction-kovinsjes, om't er it wichtich fynt om streekrjocht feedback fan syn fans te krijen. Yn 2008 droech Weber syn persoanlik argyf oer oan 'e Ofdieling Seldsume Boeken en Spesjale Kolleksjes fan 'e Universiteit fan Noardlik Illinois.

Webber en syn frou Sharon, mei wa't er trije bern hat, wenje yn Greenville, yn 'e Amerikaanske steat Súd-Karolina. Hja hawwe ek in espel hûnen en guon katten. Syn skriuwwurk docht Weber it meast jûns en nachts. Yn in fideo-ynterview dat te sjen is op YouTube, fertelde Weber dat er in leke-predikant fan 'e Feriene Metodistyske Tsjerke is, en dat er yn syn wurk û.m. besiket om sjen te litten hoe't it ferskynsel religy sawol foar goede as kweade doelen brûkt wurde kin. Weber is lid fan it skriuwersbûn Science Fiction and Fantasy Writers of America (SFWA), en teffens is der in hertstochtlik oanhinger en lid fan 'e Amerikaanske wapenlobby NRA.

(As it net oars oanjûn wurdt, giet it om romans.)

  • Honorverse-searje (spilet yn it hielal fan Honor Harrington)
    • Honor Harrington-searje
      • romans
        • 1993 – On Basilisk Station
        • 1993 – The Honor of the Queen
        • 1994 – The Short Victorious War
        • 1994 – Field of Dishonor
        • 1995 – Flag in Exile
        • 1996 – Honor Among Enemies
        • 1997 – In Enemy Hands
        • 1998 – Echoes of Honor
        • 2000 – Ashes of Victory
        • 2002 – War of Honor
        • 2005 – At All Costs
        • 2010 – Mission of Honor
        • 2012 – A Rising Thunder
        • 2018 – Uncompromising Honor
        • 2024 – Toll of Honor
      • ferhalebondels (mei koarte ferhalen út it hielal fan Honor Harrington: net allegear skreaun, mar wol redigearre troch Weber)
        • 1998 – More Than Honor
        • 1999 – Worlds of Honor
        • 2001 – Changer of Worlds
        • 2003 – The Service of the Sword
        • 2008 – Worlds of Weber: Ms. Midshipwoman Harrington and Other Stories
        • 2011 – In Fire Forged
        • 2013 – Beginnings
        • 2023 – What Price Victory?
      • companionboek
        • 2013 – House of Steel (Weber syn sammele oantekenings oer it Honorverse, eftergrûnbeskriuwings en oare non-fiksje, mar ek de nije novelle I Will Build a House of Steel)
    • Crown of Slaves-searje
      • 2003 – Crown of Slaves (mei Eric Flint)
      • 2009 – Torch of Freedom (mei Eric Flint)
      • 2014 – Cauldron of Ghosts (mei Eric Flint)
      • 2021 – To End in Fire (mei Eric Flint)
    • Saganami-searje
      • 2004 – The Shadow of Saganami
      • 2009 – Storm from the Shadows
      • 2013 – Shadow of Freedom
      • 2016 – Shadow of Victory
    • Star Kingdom-searje (foar jongfolwoeksenen, oer Stephanie Harrington, in foarâlder fan Honor Harrington, en har yntelliginte, bûtenierdske beamkat Lionheart)
      • 2011 – A Beautiful Friendship (útwreiding ta roman fan in earder koart ferhaal fan Weber mei deselde titel)
      • 2012 – Fire Season (mei Jane Lindskold)
      • 2012 – Treecat Wars (mei Jane Lindskold)
      • 2022 – A New Clan (mei Jane Lindskold)
    • Manticore Ascendant-searje
      • 2013 – "A Call to Arms" (koart ferhaal publisearre yn 'e bondel Beginnings)
      • 2014 – A Call to Duty (mei Timothy Zahn)
      • 2015 – A Call to Arms (roman; mei Thomas Pope en Timothy Zahn)
      • 2018 – A Call to Vengeance (mei Thomas Pope en Timothy Zahn)
      • 2022 – A Call to Insurrection (mei Thomas Pope en Timothy Zahn)
  • Starfire-tetralogy (basearre op it Starfire-spul)
    • 1990 – Insurrection (mei Steve White)
    • 1992 – Crusade (mei Steve White)
    • 1997 – In Death Ground (mei Steve White)
    • 2002 – The Shiva Option (mei Steve White)
      • omnibusútjeften:
        • 2004 – The Stars at War (omnibus fan Crusade en In Death Ground)
        • 2005 – The Stars at War II (omnibus fan Insurrection en The Shiva Option mei 20.000 wurden ramtferhaal en tafoege materiaal dat by de eardere útjefte fuortredigearre wie)
  • Dahak-trilogy
    • 1992 – Mutineers' Moon
    • 1993 – The Armageddon Inheritance
    • 1996 – Heirs of Empire
  • Furies-searje
    • 1992 – Path of the Fury
    • 2005 – In Fury Born (in útwreide werútjefte fan Path of the Fury, mei dêroan tafoege ek in prequel-ferhaal)
  • War God-searje
    • 1995 – Oath of Swords
    • 1998 – The War God's Own
    • 2004 – Wind Rider's Oath
    • 2007 – Sword Brother (novelle)
    • 2012 – War Maid's Choice
    • 2015 – The Sword of the South
  • Empire of Man-tetralogy
    • 2001 – March Upcountry (mei John Ringo)
    • 2002 – March to the Sea (mei John Ringo)
    • 2003 – March to the Stars (mei John Ringo)
    • 2005 – We Few (mei John Ringo)
      • omnibusútjeften:
        • 2014 – Empire of Man (omibus fan March Upcountry en March to the Sea)
        • 2014 – Throne of Stars (omnibus fan March to the Stars en We Few)
  • New Multiverse-searje
    • 2006 – Hell's Gate (mei Linda Evans)
    • 2007 – Hell Hath No Fury (mei Linda Evans)
    • 2016 – The Road to Hell (mei Joelle Presby)
  • Safehold-searje
    • 2007 – Off Armageddon Reef
    • 2008 – By Schism Rent Asunder
    • 2009 – By Heresies Distressed
    • 2010 – A Mighty Fortress
    • 2011 – How Firm a Foundation
    • 2012 – Midst Toil and Tribulation
    • 2014 – Like a Mighty Army
    • 2015 – Hell's Foundations Quiver
    • 2016 – At the Sign of Triumph
    • 2019 – Through Fiery Trials
  • Out of the Dark-searje
    • 2010 – Out of the Dark (in útwreide ferzje fan 'e koarte novelle mei deselde namme dy't ferskynde yn 'e blomlêzing Warriors, ek út 2010, û. red. f. George R.R. Martin en Gardner Dozois)
    • 2021 – Into the Light (mei Chris Kennedy)
    • 2024 – To Challenge Heaven (mei Chris Kennedy)
  • Gordian Division-searje
    • 2019 – The Gordian Protocol (mei Jacob Holo)
    • 2020 – The Valkyrie Protocol (mei Jacob Holo)
    • 2022 – The Janus File (mei Jacob Holo)
    • 2023 – The Weltall File (mei Jacob Holo)
  • Ascent to Empire-searje
  • bydragen oan searjes fan oare auteurs
    • Starfire-searje (fan Steve White)
      • 1990 – Insurrection (mei Steve White)
      • 1992 – Crusade (mei Steve White)
      • 1997 – In Death Ground (mei Steve White)
      • 2002 – The Shiva Option (mei Steve White)
    • Ranks of Bronze-searje (fan David Drake)
      • 2001 – Foreign Legions (mei David Drake en Eric Flint)
      • 2002 – The Excalibur Alternative
    • 1632-searje (fan Eric Flint)
      • 2002 – 1633 (mei Eric Flint)
      • 2007 – 1634: The Baltic War (mei Eric Flint)
    • Bolo-searje (fan Keith Laumer)
      • 2005 – Bolo! (ferhalebondel; mei Keith Laumer)
      • 2005 – Old Soldiers (koart ferhaal)
    • Janissaries-searje (fan Jerry Pournelle)
  • oare romans
    • 1999 – The Apocalypse Troll
    • 2002 – The Excalibur Alternative (in útwreide ferzje fan it koarte ferhaal Sir George and the Dragon, dat ferskynde yn 'e blomlêzing Foreign Legions, út 2001, û. red. f. David Drake)
  • oare ferhalebondels
    • 2002 – The Warmasters (blomlêzing mei Ms. Midshipwoman Harrington fan Weber; Island fan Eric Flint en Choosing Sides fan David Drake)
    • 2008 – Worlds of Weber: Ms. Midshipwoman Harrington and Other Stories

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/David_Weber_(skriuwer)

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy