Content-Length: 78441 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Denitrifikaasje

Denitrifikaasje - Wikipedy Springe nei ynhâld

Denitrifikaasje

Ut Wikipedy
De stikstofrûntegong

Denitrifikaasje is in wichtich proses yn de stikstofrûntegong dêr't baktearjes nitraat omsette yn stikstofgas. Dêrtroch kin dy foarm fan stikstof net langer brûkt wurde troch planten. Denitrifikaasje is de algemiene term foar it omsetten fan nitraat ta stiktof (N2). Nitraat wurdt foarme troch de oksidaasje fan stikstof. Dat proses wurdt nitrifikaasje neamd, dêr't ammoanium ta nitryt omsetten wurdt en dat nitryt ta nitraat omsetten wurdt. Dêrfoar fynt der ammonikifaasje plak, dêr't ureum en dea organysk materiaal omsetten wurde ta ammoniak en dêrnei ta ammonium.

Denitrifikaasje wurdt dien troch denitrifisearders, guon heterotrofe en inkelde autotrofe baktearjes. Dy baktearjes brûke it nitraat as oksidator. Dat fynt allinne plak is der gjin (anoksysk) of hast gjin (hypoksysk) soerstofgas oanwêzich is.

Yn de natuer bart dat proses oeral dêr't nitraat en troch denitrifisearders oksidearbere organyske of anorganyske stoffen yn anoksyske of hypoksyske tastannen ta beskikking komme, sa as bygelyks yn sompen, de boaiem, rivierôfsettings en marren. Troch guon baktearjes kinne, bygelyks wetterstof (H2), swavel (S), diwetterstofsulfide (H2S), ammonium (NH4) en izer (II) (Fe2+) mei nitraat (NO3) ûnder foarming fan stikstof (N2) oksidearre wurde.

Foarbylden fan denitrifisearjende baktearjes binne:

By de prokarioaten komme in soad soarten foar dy't denitrifisearje kinne, benammen by de alfa-, beta- en gammaklasse fan de proteobaktearjes.

Denitrifikaasje bart yn de folgjende stappen:

nitraat (NO3) → nitryt (NO2) → stikstofmonokside (NO) → distikstofmonokside (N2O) → stikstof (N2)

De reaksje is:

2 NO3 + 10e + 2 H+ + 10 {H} → N2 + 6 H2O

Dêryn stiet {H} foar reduksje-ekwifalinten, dy't út de oksidaasje fan organyske of anorganyske stoffen fan komôf binne. By denitrifikaasje komt njonken N2 altyd noch in lytse hoemannichte N2O as tuskenstof frij. By denitrifikaasje wurdt soer (H+) brûkt, dêr't de soergraad (pH) omheech troch giet.

By autotrofe denitrifikaasje dêr't bygelyks swevel brûkt wurdt as ûntfanger, wurdt H+ makke, dêr't de soergraad (pH) sakket.

2 H2O + 5 S + 6 NO3- → 3 N2 + 5 SO42- + 4 H+

Denitrifikaasje wurdt brûkt yn rioelwettersuveringsynstallaasjes foar it fuortheljen fan nitraat. It omsetten fan nitraat ta stikstofgas kin ek brûkt wurde foar it fuortheljen fan nitraat út drinkwetter.










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Denitrifikaasje

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy