Content-Length: 131421 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Eskimo-Aleoetyske_talen

Eskimo-Aleoetyske talen - Wikipedy Springe nei ynhâld

Eskimo-Aleoetyske talen

Ut Wikipedy
Eskimo-Aleoetyske talen
algemien
oare namme(n) Inûyt-Aleoetyske talen
lokaasje noardlik Noard-Amearika en
de eastpunt fan Sibearje
tal talen 13
tal sprekkers 128.000 (2011)
taalbesibskip
taalfamylje gjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepen Aleoetysk
Eskimo-talen
taalkoades
ISO 639-5 esx

De Eskimo-Aleoetyske talen of Inûyt-Aleoetyske talen foarmje in taalfamylje wêrfan't it ferspriedingsgebiet de Beringstrjitte oerbrêget. De ûnderskate talen dy't ta dizze groep hearre, wurde sadwaande sprutsen yn sawol Aazje as Noard-Amearika. De Eskimo-Aleoetyske talen falle útinoar yn it Aleoetysk en de Eskimo-talen. Yn totaal omfiemet de taalkloft sa'n 13 talen (ôfhinklik fan wêr't men de grins tusken taal en dialekt leit), dy't yn 2011 mei-inoar 128.000 memmetaalsprekkers hiene.

De Eskimo-Aleoetyske talen wurde sawol yn Aazje as yn Noard-Amearika sprutsen. It wie lange tiid de iennichste taalfamylje dy't oan wjerssiden fan 'e Beringstrjitte ferspraat wie, oant yn 2008 de bân tusken de Na-Dené-talen fan Noard-Amearika en de Jenisejaanske talen fan sintraal Sibearje ûntdutsen waard, en de taalkundigen op grûn dêrfan de Dené-Jenisejaanske taalfamylje gearstalden.

De Eskimo-Aleoetyske talen yn Noard-Amearika (it taalgebiet op 'e Aleoeten en yn eastlik Sibearje ûntbrekt op dit kaartsje).

De Eskimo-Aleoetyske talen wurde sprutsen op it Tsjûkotka-skiereilân yn 'e eastlike punt fan Sibearje; op 'e Aleoeten; yn grut parten fan it westen, noarden en suden fan 'e Amerikaanske steat Alaska; yn it noarden fan it Kanadeeske territoaria Yukon en de Noardwestlike Territoaria; yn hast it hiele Kanadeeske territoarium Nûnavût; yn 'e kriten Nûnavik en Nûnatsiavût yn it noarden fan 'e Kanadeeske provinsjes Kebek, resp. Nijfûnlân en Labrador; en op Grienlân, dat bestjoerlik ûnder Denemark falt.

Hoewol't de Eskimo-Aleoetyske talen ta de lânseigen talen fan 'e Amearika's rekkene wurde, is dat inkeld in geografyske en gjin taalkundige yndieling. De Eskimo-Aleoetyske talen binne bewiisber net besibbe oan 'e (measte) oare taalfamyljes fan 'e Nije Wrâld. De fersprieding fan dizze talen fertsjintwurdiget dan ek in lêste prehistoaryske migraasjeweach fan minsken út Aazje wei nei Noard-Amearika ta.

Taalkundige Morris Swadesh suggerearre yn 'e sechstiger jierren dat der mooglik in bân tusken de Eskimo-Aleoetyske talen en de Wakasjaanske talen fan it Amerikaanske Noardwesten en Britsk-Kolumbia bestean koe, in teory dy't yn 2005 útwreide waard troch Jan Henrik Holst. De foaroansteande mar kontroversjele taalkundige Joseph Greenberg stelde yn 2002 foar om 'e Eskimo-Aleoetyske talen mei alle oare taalfamyljes út noardlik Jeraazje útsein de Jenisejaanske talen ûnder te bringen yn in taalkloft dy't de Jeraziatyske talen komme moatte soe te hjitten. Dat foarstel is yn wittenskiplike fermiddens noch lang net algemien akseptearre.

It Sintrum foar Lânseigen Talen fan Alaska (ANLC) is fan miening dat it Proto-Eskimo-Aleoetysk, de mienskiplike oertaal dêr't alle Eskimo-Aleoetyske talen op weromgeane, teminsten 4.000 jier lyn, en miskien noch wol earder, al útinoar fallen wêze moat yn it ierste statium fan it Aleoetysk en it Proto-Eskimo, de oertaal fan alle Eskimo-talen.

De Eskimo-Aleoetyske talen binne affiksaal polysyntetysk, wat sizze wol dat se in frijwol ûnbeheind tal affiksen oan wurden taheakje kinne. Dêrby wurde inkeld suffiksen (efterheaksels) brûkt en op ien útsûndering yn it Inûktitût nei alhiel gjin prefiksen (foarheaksels). Yn dizze talen moat elts wurd ien inkele woartel hawwe, dy't altyd oan it begjin stiet. Eskimo-Aleoetyske talen hawwe in relatyf beheind tal fan sokke woartels, yn it gefal fan it Middenalaskaansk Jûpik sa'n twatûzen. Oan sa'n woartel wurde dan guon affiksen festplakt dy't de betsjutting sekuerder meitsje of der dingen oan tafoegje en oaren dy't non-leksikaal binne en poer grammatikale saken útdrukke, lykas persoanen, namfallen of besitlikens. It tal namfallen ferskilt per taal, wêrby't fral yn it Aleoetysk it namfallesysteem troch de tiid hinne troch in proses fan ôfsliting flink redusearre is.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Eskimo-Aleoetyske_talen

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy