Content-Length: 58353 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/It_Libbensein

It Libbensein - Wikipedy Springe nei ynhâld

It Libbensein

Ut Wikipedy
It Libbensein
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1822, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel De Lapekoer fan Gabe Skroar
(no: Rimen en Teltsjes)

It Libbensein is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1822, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. It Libbensein is in oertinking fan 'e fergonklikheid fan it minsklik bestean, dêr't it ferstjerren fan in âldman yn beskreaun wurdt, eat dêr't Halbertsma, as dokter, faak genôch sels tsjûge fan west hawwe sil.

It Libbensein
Dêr leit er oan 't soere libbensein;
Dêr leit er, de wrâld is him ontflein.
Och, binn' dat no dy flinke lea,
Dêr't krêft en fjoer troch fleach en sea?
Sa ticht foar tweintich jierren,
No rank as spjucht'ge spjirren.


Dêr leit er, en ribosket stiif en krom,
En skrousk en ferskromm'le, yn 'e slom:
It fel ferwile en toar as hea:
Fan kjeld de neilen blau en rea:
Syn skonken, alear sa furdich,
Hoe lam binn' dy tsjintwurdich!


Dy stjerrende eagen dof of skel,
Wat sinke hja djip yn 'e holle del!
Syn wangen, ear'n sa blier en rea,
Dy lizze no sa dobbich en dea;
De fingers, tinner as rizen,
Mei wrinen en plomkes te tizen.
O! Harkje dat near gewein, dat gekjirm,
Dat rocheljend sykjen en getsjirm.
It lûd, foarhinne glêd en klear,
Bestjoert nin snipp're tonge mear;
Dy tomm'let yn 'e mûle,
As in bline yn 'e kûle.


Dêr leiste, myn earme âlde sloof,
Fij! Blyn en ferlamme, staf en doof.
Noch trije siken, dan is 't dien.
Hy leit ôf. Noch twa, noch ien...
Moaststo sa stil de wrâld ontslûpe?
Dy't altyd fleach, it ein bekrûpe?


Ja, 't glês wie ferrûn; hy is der west.
En wa, dy't de grime dea belêst?
't Is kening, skoaier, jong of âld,
De dea is master fan 'e wrâld;
De wrâld fergiet, en wy fersinke;
O! Lit út jimmer dêrom tinke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/It_Libbensein

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy