Content-Length: 84875 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Lillian_Stewart_Carl

Lillian Stewart Carl - Wikipedy Springe nei ynhâld

Lillian Stewart Carl

Ut Wikipedy
Lillian Stewart Carl
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lillian Stewart Carl
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 juny 1949
berteplak Columbia (Missoury)
etnisiteit Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, romantyske fiksje, SF,
detektives, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
Sabazel-rige
The Vorkosigan Companion
jierren aktyf 1982 – no
offisjele webside
www.lillianstewartcarl.com

Lillian Stewart Carl (Columbia, 22 juny 1949) is in Amerikaansk skriuwster fan santjin romans en in grut al koarte ferhalen en essays. Har fiksje heart ta de science fiction-, fantasy- en detektivesjenres. Dêrby wurket se in protte yn 'e romantic suspense- en paranormal romance-subsjenres, dy't detektiveferhalen, resp. fantasy kruse mei romantyk.

Carl waard yn 1949 berne as Lillian Stewart yn Columbia, yn 'e steat Missoury, dêr't se har iere jonkheid trochbrocht en dêr't ek se de legere en middelskoalle trochrûn. Nei't se mei har âldelju nei Ohio ta ferhuze wie, kaam se op 'e Upper Arlington High School yn Upper Arlington, in noardwestlike foarstêd fan Kolumbus, de haadstêd fan Ohio, dêr't se har hertsfreondinne Lois McMaster Bujold mette. Carl wist al ier dat se skriuwster wurde woe; de hiele middelbere skoalle troch wurke hja mei Bujold gear oan 'e ûntwikkeling alderlei lange ferhaallinen, dêr't se mar lytse stikjes fan útwurken, al monopolisearren se der faak de typmasine en de bânrekorder fan Bujold har geduldige heit foar. Nei't se yn 1967 de middelbere skoalle ôfrûne hie, gie se nei in universiteit yn Teksas. Se wie fan doel om skiednis te studearjen, mar helle úteinlik in bachelorstitel yn ûnderwiiskunde.

Nei har studintetiid sette Carl har nei wenjen yn noardlik Teksas en wurke se as yngenieursassistinte, bibletekaresse, krantekollemniste en universitêr skiednisdosinte. Ek mette se geofysikus Paul Carl, mei wa't se troude. Underwilens gie se troch mei skriuwen, earst poer út aardichheid, letter foar fanmagazines. Yn 1982 publisearre se har earste (betelle) koarte ferhaal, The Borders of Sabazel, yn 'e ferhalebondel Amazons II, by útjouwerij DAW Books. Sawol sysels as Lois McMaster Bujold wolle hawwe dat sûnder Carl har oantrún en help Bujold har karriêre as skriuwster nea wat wurden wêze soe. Uteinlik soe Bujold, dy't ien fan 'e bekendste science fiction- en fantasyskriuwsters fan 'e wrâld wurden is, har kammeraatske fier foarbystribje. Bujold droech út tank har twadde boek, The Warrior's Apprentice, oan Carl op, en Carl skreau yn 2008 tegearre mei John Helfers foar útjouwerij Baen Books The Vorkosigan Companion, in boek dat de lêzer de helpende hân biedt om him/har paadwiis te meitsjen yn 'e wrâld fan Miles Vorkosigan, de haadpersoan fan Bujold har rige de Vorkosigan-kroniken. Mei de The Vorkosigan Companion sleepte Carl yn 2009 in nominaasje foar in Hugo Award yn 'e wacht yn 'e kategory bêste oanbesibbe wurk. Behalven mei Lois McMaster Bujold is Carl ek tige befreone mei har kollega Patricia Wrede.

fantasy

  • Sabazel-rige
    • Sabazel (1985)
    • Winter King (1986)
    • Shadow Dancers (1987)
    • Wings of Power (1989)

paranormal romance

  • Lucifer's Crown (2003)
  • Blackness Tower (2008)

detektives

  • Time Enough to Die (2002)
  • Jean Fairbairn/Alasdair Cameron-rige
    • The Secret Portrait (2005)
    • The Murder Hole (2006)
    • The Burning Glass (2007)
    • The Charm Stone (2009)
    • The Blue Hackle (2010)
    • The Mortsafe (2012; koart ferhaal)
    • The Avalon Chanter (2014)

romantic suspense

  • Reid/Campbell-rige
    • Ashes to Ashes (1990)
    • Dust to Dust (1991)
    • Garden of Thorns (1992)
  • Memory and Desire (2000)
  • Shadows in Scarlet (2001)
  • Along the Rim of Time (2000)
  • The Muse and Other Stories of History, Mystery, and Myth (2007)

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • The Borders of Sabazel, yn: Amazons II (1982)
  • The Rim of the Wheel, yn: Isaac Asimov's Science Fiction Magazine (febr. 1984)
  • From the Labyrinth of Night, yn: Isaac Asimov's Science Fiction Magazine (aug. 1984)
  • Upon This Shoal of Time, yn: Amazing Stories (mrt. 1985)
  • Where Is Thy Victory?, yn: Isaac Asimov's Science Fiction Magazine (nov. 1985)
  • The King Under the Water, yn: Borderland #3 (1985)
  • Pleasure Palace, yn: Amazing Stories, (nov. 1986)
  • Out of Darkness, yn: Isaac Asimov's Science Fiction Magazine (apr. 1987)
  • The Test of Gold, yn: Alternate Generals (1989)
  • The Blood of the Lamb, yn: The Time of the Vampires (1996)
  • Cold As Fire, yn: Murder Most Medieval: Noble Tales of Ignoble Demises (2000)
  • Wild Honey, yn: Along the Rim of Time (2000)
  • The Muse yn: Realms of Fantasy (febr. 2002)
  • A Rose With All Its Thorns, yn: Past Lives, Present Tense (2002)
  • The Eye of the Beholder, yn: The World's Finest Mystery and Crime Stories III (2002)
  • A Mimicry of Mockingbirds, yn: White House Pet Detectives: Tales of Crime and Mystery at the White House from a Pet's Eye View (2002)
  • The Rag and Bone Man, yn: Murder Most Catholic: Divine Tales of Profane Crimes (2002)
  • A Dish of Poison, yn: Much Ado About Murder (2002)
  • Sardines for Tea, yn: Kittens, Cats and Crimes (2003)
  • A Stake of Holly, yn: Death by Dickens (2004)
  • The Necromancer's Apprentice, yn: Murder By Magic (2004)
  • The Blood of the Lamb, yn: The Time of the Vampires (2004)
  • Way Down in Egypt's Land, yn: Thou Shalt Not Kill (2005)
  • Over the Sea from Skye, yn: Alternate Generals III (2005)
  • The Diamonds of Golkonda, yn: Cross Plains Universe (2006)
  • The Avalon Psalter, yn: The Dimension Next Door (2008)

essays

  • It was Gorilla Warfare to Some Students, yn: Smithsonian Magazine (juny 1982)
  • The Roots of Fantasy, yn: Empire, (1985)
  • Pandering, Evasions, and Target Practice (mei-skreaun), yn: Amazing Stories (jann. 1989)
  • Scotch Mist, yn: Mystery Scene (okt. 1990)
  • Re-Writing Your Career, yn: Novelists' Ink (juny 1995)
  • Through Darkest Adolescence with Lois McMaster Bujold, or Thank You, But I already Have a Life, yn: Dreamweaver's Dilemma (1995)
  • Print-on-Demand Publishing: Hope or Hype, yn: Novelists' Ink (des. 2000)
  • Blending Imagation and Reality in Fort Worth, yn: Mystery Readers Journal (winter 2000)
  • Location, Location, Location, op: BookSense.com (okt. 2001)
  • Building Characters, yn: de Writing Exciting-audiosearje (2002)
  • Plotting and Planning, yn: de Writing Exciting-audiosearje (2002)
  • Dorothy's Dreadful Dinner, yn: A Second Helping of Murder (2003)
  • Writing a Spiritual Thriller, yn: Mystery Reader's Journal (maityd 2004)
  • Life is Brief, Art is Long, yn: Mystery Reader's Journal (maityd 2005)
  • Nessie on the Half-Shell, yn: Mystery Scene (hjerst 2007)
  • A Chapel of Un-ease in Scotland, yn: Mystery Scene (hjerst 2007)
  • A Scandal in Academia, yn: Mystery Reader's Journal (hjerst 2007)
  • Be-mused by the Past, yn: Mystery Reader's Journal (maityd 2008)

oar

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2009 Hugo Award nominearre bêste oanbesibbe wurk (mei John Helfers) The Vorkosigan Companion

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en External links, op dizze side.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Lillian_Stewart_Carl

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy