Content-Length: 67796 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Moscowa

Moscowa - Wikipedy Springe nei ynhâld

Moscowa

Ut Wikipedy
It mausoleum fan de famylje Wageningen-Romein út 1895 of 1905.

Moscowa is in begraafplak en krematoarium yn de stêd Arnhim. De namme is ôflaat fan de pleats "Moskowa" (mei in "k") dy't fuort njonken it begraafplak stiet. It terrein wie ynearsten acht hektare grut, mar waard in oantal kearen útwreide nei de hjoeddeiske tritich hektare: der binne tusken de fjirtich- en fyftichtûzen minsken begroeven, yn ûngefear tweintichtûzen grêven.

De pleats Moskowa wie in ûntginningspleats en waard yn 1847 boud troch Hendrik Jacob Carel Jan baron van Heeckeren van Enghuizen, dy't ek it lângoed Sonsbeek kocht yn 1821.

Yn 1837 kaam it ûnderwerp fan in begraafplak bûten de beboude kom foar it earst op de wurklist yn de Arnhimske gemeenteried: oant dan waard gebrûk makke fan it begraafplak "Onder den Linden", mar de befolking fielde net folle foar dat plan. Yn 1864 waard it joadske diel fan it begraafplak oanlein, mar pas yn 1876 wie de earste begraffenis. Yn 1934 waard der in nij gedielte oan de oare side fan de wei taheakke, nei ûntwerp fan Dhr. Meier, dy't it grûnplan foarmjoech as in "flinter mei útsleine wjukken".
Yn 1968 waarden op it begraafplak in algemiene en in roomsk-katolike aula boud, dêr't de glês-yn-leadramen fan ûntwurpen waarden troch de grafikus Jan van Doorn (1911-1993).

Yn 1974 waard Moscowa útwreide mei in krematoarium, wêryn jierliks sa'n 1500 kremaasjes binne. Der binne ferskate struifjilden, in kolumbarium en urnengrêven. Dêrneist is it mooglik de jiske fan de ferstoarne te ferstruien op it grêf, of yn in grêf by te setten.
Yn it ferline stie op it begraafplak ek in lokaal foar de skyndeaden.

Moscowa hat as ien fan de pear begraafplakken yn Nederlân in mausoleum, dat sintraal yn it âlde gedielte boud is. It mausoleum heart ta oan de famylje fan Wageningen-Romein en is boud út hurdstien yn 1895 of 1905. It hat klassisistyske ynfloeden: de orizjinele doarren binne ferfongen, mar it stekwurk mei palmetmotiven stiet der anno 2009 noch altiten.

Bekende persoanen dy't op Moscowa begroeven binne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende persoanen dy't op Moscowa kremearre binne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Moscowa

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy