Content-Length: 107093 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Neustadt_an_der_Weinstra%C3%9Fe

Neustadt an der Weinstraße - Wikipedy Springe nei ynhâld

Neustadt an der Weinstraße

Ut Wikipedy
Neustadt an der Weinstraße
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 52.564 (31-12-2014)
Oerflak 117,1 km²
Befolkingstichtens 449 /km²
Hichte 136 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 13e iuw
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.neustadt.de

Neustadt an der Weinstraße, oant 1936 en fan 1945 oant 1950 "Neustadt an der Haardt", is in kreisfreie Stadt yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd leit oan de Dútske wynrûte (Deutsche Weinstraße) en is in sintrum fan wynbou. Alle jierren wurdt hjir it wynfeest organisearre en in wynkeninginne keazen.

Neustadt is in plaknamme dy't in soad foarkomt yn de Dútsktalige romte en dêrom stiet der regelmjittich in ôfkoarting achter de namme (bygelyks: a.d.W., .../Wstr.).

Yn it stedsgebiet, mar bûten de bebouwing, leit it kastiel fan Hambach (Hambacher Schloss). It slot wie yn 1832 it toaniel fan in stikmannich toochdagen fan de boargerlike opposysje tsjin de restauraasje fan it Dútske Bûn, dêr't de kym lein waard foar de maartrevolúsje yn 1848 yn de steaten fan de Dútske Konfederaasje en ferskate oare revolúsjes yn Jeropa.

De Hauptstraße yn Neustadt

Njonken de kearn Neustadt bestiet it stedsgebiet út noch in tal oare plakken. Winzingen heart al sûnt de 19e iuw by Neustadt en is hjoeddedei in gewoane wyk yn Neustadt. It wie in doarp fan wynboeren dat al yn 774 neamd waard en dêrmei folle âlder is as it yn de 13e iuw stifte Neue Stadt. Oant 1969 wiene de ûndersteande plakken noch selsstannich. Duttweiler waard yn 1974 as lêste plak by Neustadt foege.

  • Diedesfeld
  • Duttweiler
  • Geinsheim
  • Gimmeldingen
  • Haardt
  • Hambach an der Weinstraße
  • Königsbach an der Weinstraße
  • Lachen-Speyerdorf
  • Mußbach
  • Winzingen

Neustadt hat in âlde binnenstêd mei tal fan fakwurkhuzen. Ek de goatyske Egidiustsjerke út de 14e iuw mei in diel foar protestanten en in diel foar katoliken, de eardere Universität Casimirianum en it Steinhäuser Hof binne it besjen wurdich.

Bûten de bebouwing lizze meardere kastielen: it kastiel fan Hambach, de Wolfsburg, de boarch Winzingen, it kastiel fan Haardt en wat fierderop it kastiel Spangenberg.

Ek yn de doarpen binne gebouwen dy't it besjen wurdich binne, lykas de Johanneskirche, it Herrenhof en it Weiße Haus yn Mußbach en de Nikolauskirche, it Mithras-Heiligtum, de Alte Burg en it König-Ludwig-Pavillon yn Gimmeldingen.

De stêd hat de folgjende musea: it Stadtmuseum Villa Böhm, it Otto-Dill-Museum, it Pfälzische Bibelmuseum, it Weinbaumuseum Getreidekasten en it Eisenbahnmuseum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rynlân-Palts Flagge fan Rynlân-Palts
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

· · Berjocht bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Neustadt_an_der_Weinstra%C3%9Fe

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy