Content-Length: 115706 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Samuel_D._Sturgis_(1822-1889)

Samuel D. Sturgis (1822-1889) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Samuel D. Sturgis (1822-1889)

Ut Wikipedy
Samuel D. Sturgis
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Samuel Davis Sturgis
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 juny 1822
berteplak Shippenburg (Pennsylvania)
stoarn 28 septimber 1889
stjerplak St. Paul (Minnesota)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18461886
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (1865)
befel Am. IXe Korps
Am. 6e Kavaleryrezjimint
Am. 7e Kavaleryrezjimint
konflikt(en) Meksikaansk-Amer. Oarloch
Apache-Oarloggen
Amerikaanske Boargeroarloch
Nez Persé-Oarloch
treffen(s) Slach by Buena Vista
Slach by Wilson's Creek
Slach by Antietam
Slach by Fredericksburg
Slach by Brice's Crossroads
Slach by Yellowstone Park
Slach by Canyon Creek

Samuel D. Sturgis (folút: Samuel Davis Sturgis; Shippenburg (Pennsylvania), 11 juny 1822St. Paul (Minnesota), 28 septimber 1889) wie in Amerikaansk militêr fan mingd Ingelsk-Dútsk etnysk komôf, dy't yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, de Amerikaanske Boargeroarloch en de Nez Persé-Oarloch tsjinne. Fan 1869 oant 1881 hied er it befel oer it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, mar ûnder de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêryn't dat rezjimint in ferpletterjende nederlaach litte, wie Sturgis yn detasjearre tsjinst, en waard de 7e Kavalery oanfierd troch syn ûnderbefelhawwer, luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sturgis waard yn 1822 berne yn Shippenburg, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as de soan fan James Sturgis (1785-1855) en Mary Brandenburg (1788-1872). Hy hie in ien jier jongere broer, Henry Bascom Sturgis, en in jongere suster mei wa't er twa jier skeelde, Elizabeth Sturgis Leebrick.

Mei tweintich jier sette Sturgis yn 1842 útein mei in ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Hy studearre ôf yn 1846 as lid fan in klasse dêr't ek John Gibbon, George B. McClellan en George Stoneman ta hearden, dy't letter, ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, foar it Noarden fjochtsje soene, en A.P. Hill, Thomas "Stonewall" Jackson en George Pickett, dy't foar it Suden fjochtsje soene. Nei syn ôfstudearjen waard Sturgis mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint.

Iere tsjinstjierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1845-1848) focht Sturgis mei it Amerikaanske 1e Kavaleryrezjimint yn 'e Slach by Buena Vista, dêr't er troch de Meksikanen kriichsfinzen nommen en acht dagen fêstholden waard doe't er op in ferkenningsmisje wie. Nei de oarloch waard er yn it Wylde Westen legere, en waard er efterinoar befoardere ta earste luitenant en kaptein. Fan 1851 oant 1861 focht Sturgis yn Nij-Meksiko en Arizona yn 'e Apache-Oarloggen.

Yn 1851 troude Sturgis mei Jerusha Wilcox (1827-1915), mei wa't er yn West Ely, yn Missoury, yn 'e kunde kommen wie. Mei har krige er seis bern: dochters Nina Linn (1852-1930), Ella Marie (1859-1925) en Mary Agnes (1865-1943) en soannen James Garland (1854-1876), Samuel Davis jr. (1861-1933) en Thomas Glenn (1870-1875), wêrfan't de lêste al mei fiif jier stoar.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1861 wie Sturgis mei de rang fan majoar befelhawwer fan Fort Smith, yn Arkansas, doe't de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) útbriek. Yn augustus 1861 naam er ûnder de Slach by Wilson's Creek, yn Missoury, op in krityk punt yn 'e fjildslach it befel oer de Noardlike troepen oer doe't brigadegeneraal Nathaniel Lyon sneuvele. Yn maart 1862 waard er foar syn koelbloedich yngripen mei weromwurkjende krêft nei de deis fan 'e slach, 10 augustus, befoardere ta brigadegeneraal.

Nei't er in hoart by de ferdigeningsliny om Washington, D.C. hinne tsjinne hie, waard Sturgis tafoege oan it Noardlike Leger fan de Potomac, fan generaal John Pope, dat yn noardlik Firginia tsjin 'e Súdliken focht. Dy oerpleatsing kaam foar him krekt te let om noch diel te nimmen oan 'e Twadde Slach by Bull Run. Sturgis krige it befel oer de 2e Difyzje fan it Amerikaanske IXe Korps, en focht yn dy hoedanichheid yn 'e slaggen by South Mountain, Antietam en Fredericksburg.

Yn 1863 waard er mei it IXe Korps nei it westen ta stjoerd, en neitiid hied er dêr in stikmannich relatyf ûnbelangrike kommando's yn Tennessee en Mississippy. Teffens tsjinne er in skoftke as kommandant fan 'e kavalery fan it militêre Departemint fan de Ohio. Yn juny 1864 litte Sturgis in ferneatigjende nederlaach tsjin 'e Súdlike generaal Nathan Bedford Forrest yn 'e Slach by Brice's Crossroads, yn Mississippy. Der waard in formeel ûndersyk nei dat treffen ynsteld, en de útkomst wie kritysk oer de beslissings dy't Sturgis nommen hie. Dêrmei waard syn karriêre ûnder de Boargeroarloch effektyf beëinige, hoewol't er yn maart 1865 noch befoardere waard ta generaal-majoar foar syn optreden ûnder de Slach by Fredericksburg.

Nei-oarlochske tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard Sturgis fanwegen it oerskot oan ofsieren dat ûntstie troch de ôfslanking fan it Amerikaanske Leger yn fredestiid, yn rang weromset nei luitenant-kolonel. Hy waard oansteld as ûnderbefelhawwer fan it Amerikaanske 6e Kavaleryrezjimint, en op 6 maaie 1869 waard er befoardere ta kolonel mei it befel oer it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Neitiid wied er jierrenlang yn detasjearre tsjinst fan syn rezjimint, earst yn Fort Leavenworth, yn Kansas, en letter yn St. Louis, yn Missoury. Yn dy tiid naam syn ûnderbefelhawwer, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, it befel oer de 7e Kavalery waar.

Sturgis wie sadwaande net oanwêzich doe't it 7e Kavaleryrezjimint op 25 juny 1876 ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 in ferpletterjende nederlaach litte yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, tsjin in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Fiif fan 'e tolve kompanjyen fan it rezjimint waarden by dat treffen oan 'e lêste man ta útrûge, en ûnder de deaden wie behalven de dryste Custer en Sturgis syn âldste soan, twadde luitenant James G. Sturgis, dy't ûnderbefelhawwer fan E Kompanjy wie ûnder Algernon Smith.

Neitiid naam Sturgis yn oktober 1876 it befel oer de 7e Kavalery wer yn eigen hân, mei as syn nije ûnderbefelhawwer luitenant-kolonel Elmer Otis. Hy fierde it rezjimint yn 1877 oan yn 'e Nez Persé-Oarloch, yn Idaho en westlik Montana. Dêrby wachte er de Nez Persé fan Opperhaad Joseph op doe't se út 'e wyldernis fan it Nasjonaal Park Yellowstone te foarskyn kamen, mar de Yndianen diene in skynoanfal dêr't se Sturgis mei foar it lapke holden en ûntwieken him om harren flecht nei de Kanadeeske grins fuort te setten. Sturgis helle de Nez Persé rillegau wer yn, mar yn 'e Slach by Canyon Creek wiene se him op 'e nij te fluch ôf, ek al beskikte er oer in nûmerike oermacht fan twa tsjin ien.

Fan 1881 oant 1885 tsjinne Sturgis as gûverneur fan it United States Soldier's Home, in feteranetehús, yn Washington, D.C. Op 11 juny 1886 gied er mei pinsjoen, wêrnei't er him nei wenjen sette yn St. Paul, yn Minnesota. Dêr kaam er trije jier letter, yn 1889, yn 'e âlderdom fan 67 jier, te ferstjerren. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington. De stêd Sturgis, yn Súd-Dakota, is nei him ferneamd. Syn twadde soan, dy't ek Samuel D. Sturgis hiet, wie in generaal fan it Amerikaanske Ekspedysjeleger oan it Westfront, yn 'e Earste Wrâldoarloch. En dy syn soan, Sturgis syn pakesizzer, dy't ek al Samuel D. Sturgis hiet, wie in Amerikaansk generaal yn 'e Twadde Wrâldoarloch, en tsjinne fan 1953 oant 1956 as befelhawwer fan it korps sjeny fan it Amerikaanske Leger.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Samuel_D._Sturgis_(1822-1889)

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy