Content-Length: 106543 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Samuel_Taylor_Coleridge

Samuel Taylor Coleridge - Wikipedy Springe nei ynhâld

Samuel Taylor Coleridge

Ut Wikipedy
Samuel Taylor Coleridge (1795)

Samuel Taylor Coleridge (Ottery St Mary, Devonshire, 21 oktober 1772Highgate, Londen, 25 july 1834) wie in Ingelsk Romantysk dichter, literêr kritikus en filosoof, dy't mei syn freon William Wordsworth de Romantyske beweging yn Ingelân stifte. Hy wurdt rekkene ta de saneamde Lake Poets en is faaks it meast ferneamd fan de gedichten The Rime of the Ancient Mariner en Kubla Khan, en syn grutte proazawurk Biographia Literaria. Syn kritiken, benammen oer William Shakespeare, hiene in soad ynfloed, en hat sines dien by de yntroduksje fan de Dútske idealistyske filosofy yn de Ingelsktalige kultuer. Hy hie ek grutte ynfloed, fia Emerson, op it Amerikaansk transendintalisme.

Goleridge hie syn hiele folkwoeksen libben lang te lijen fan oanfallen fan eanst en depresje; der wurdt wol tocht dat hy in bipolêre steuring hie, in syktebyld dat doetiids noch net beskreaun wie.[1] Coleridge syn minne sûnens soe ûntstien wêze kinne út in oanfal fan reumatyske koarts en oare oandwanings út syn bernetiid. Hy waard behannele mei laudanum, wat laat hat ta in libbenlange opiumferslaving.

  • The Fall of Robespierre, 1794, mei Robert Southey
  • Poems on Various Subjects, 1796
  • The Watchman (polityk tydskrift), 1797
  • Lyrical Ballads (mei William Wordsworth), 1798
  • Dejection: An Ode, 1802
  • The Friend, 1809-10
  • Remorse (Tragödie), 1813
  • Christabel; Kubla Khan, a Vision; The Pains of Sleep, 1816
  • Biographia Literaria, 1817
  • Sibylline Leaves (sammele gedichten), 1817
  • Aids to Reflection, 1825
  • Poetical Works, 1828
  • On the Constitution of the Church and State, 1829
  • Table Talk, 1836 (postúm)
  • The Rime of the Ancient Mariner 1798

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Samuel Taylor Coleridge fan Wikimedia Commons.
Wikiboarne De folseine tekst op Wikiboarne as Author:Samuel Taylor Coleridge.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jamison, Kay Redfield. Touched with Fire: Manic-Depressive Illness and the Artistic Temperament. Free Press (1994.), 219–224.








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Samuel_Taylor_Coleridge

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy