Content-Length: 199994 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Sharon_Tate

Sharon Tate - Wikipedy Springe nei ynhâld

Sharon Tate

Ut Wikipedy
Sharon Tate
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sharon Marie Tate Polanski
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 jannewaris 1943
berteplak Dallas (Teksas)
stoarn 9 augustus 1969
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Frânsk
Ingelsk
   Switserdútsk
jierren aktyf 19611969
offisjele webside
www.sharontate.net

Sharon Tate (folút: Sharon Marie Tate; Dallas, 24 jannewaris 1943Los Angeles, 9 augustus 1969) wie in Amerikaansk aktrise en model. Fan it begjin fan 'e 1960-er jierren ôf ferskynde se in reklamespotsjes en hie se lytse gastroltsjes yn tillefyzjesearjes oant se úteinlik bekend waard mei rollen yn 'e films Valley of the Dols en The Fearless Vampire Killers. Tate troude mei de Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski. Se wie acht en in heale moanne swier doe't se yn 'e nacht fan 8 op 9 augustus 1969 mei fjouwer oaren fermoarde waard troch leden fan 'e Manson Family, de sekte om searjemoardner Charles Manson hinne.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tate waard yn jannewaris 1943 berne yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Hja wie de âldste fan trije dochters yn 'e húshâlding fan kolonel Paul James Tate, in ofsier yn it Amerikaanske Leger, en dy syn frou Doris Gwendolyn Willett. Tate wie fan mingd etnysk komôf, mei Frânsk, Ingelsk en Switserdútsk bloed. Om't har heit geregeldwei oerpleatst waard, groeiden sy en har susters op ferskate plakken op; tsjin 'e tiid dat Tate sechstjin jier wie, hie se yn seis ferskillende stêden wenne, en se gie op fjouwer ûnderskate plakken nei de middelbere skoalle: yn Pasadena (Teksas), Richland (Washington), El Paso (Teksas) en Vicenza yn Itaalje. It gefolch wie dat se der muoite mei hie om freonskippen oan te hâlden. As famke wie se, neffens har neiste famyljeleden, wat bleu en ûntbriek it har oan selsfertrouwen. Doe't se folwoeksen wie, waard har bleuens faak misynterpretearre as ôfhâldichheid oant men better mei har yn 'e kunde kaam.

Yn har teenagejierren begûn Tate har yn te skriuwen foar skientmewedstriden. Sa wûn se yn 1959 de Miss Richland-ferkiezing. Se spriek doe har bedoeling út om yn 1960 mei te dwaan oan 'e Miss Washington-wedstryd foar fammen út 'e hiele steat Washington, mar ear't dat syn beslach krije koe, waard har heit oerpleatst nei in Amerikaanske legerbasis yn Itaalje en ferfear de húshâlding nei Verona. Dêr kaam Tate foar it earst yn kontakt mei de filmyndustry doe't fuortby de film Hemingway's Adventures of a Young Man opnommen waard, mei Paul Newman yn 'e haadrol. Tate gie mei in tal freonen nei de filmset om te sjen wat der te sjen wie en de hiele groep waard sjartere as figuranten. Ien fan 'e akteurs, de jonge Richard Beymer, liet syn each op Tate falle en makke in praatsje mei har. Sy beiden krigen in skoft ferkearing en Beymer fitere Tate oan om in karriêre as aktrise nei te stribjen

Sharon Tate mei Jack Palance op 'e set fan Barabbas (1961).

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1960 waard Tate troch sjonger Pat Boone oannommen om mei him te ferskinen yn in ôflevering fan it tillefyzjeprogramma The Pat Boone Chevy Showroom, dy't opnommen waard yn Feneesje. Letter dat jiers, doe't de sandalefilm Barabbas, mei Anthony Quinn, yn 'e neite fan Verona filme waard, makke Tate har filmdebút yn in hiel lyts roltsje. Dêrmei makke se yndruk op akteur Jack Palance, al wie har roltsje te lyts om wier har talint te hifkjen. Hy beävensearre in audysje yn Rome foar har, dy't lykwols nearne ta late. Dêrop kearde de doe santjinjierrige Tate allinne werom nei de Feriene Steaten, sabeare om fierder te learen, mar eins seach se om nei wurk as aktrise. Doe't har mem Doris, út noed om it wolwêzen fan har dochter, der psychysk suver oan ûndertroch gie, kearde Tate werom nei Itaalje.

Nei't de de hiele húshâlding yn 1962 wer nei de Feriene Steaten weromkeard wie, gie Tate út 'e hûs en sette se har nei wenjen yn Los Angeles. Dêr naam se kontakt op mei Harold Gefsky, de ympressario fan Richard Beymer, dy't har wol fertsjintwurdigje woe. Hy besoarge har wurk as model yn advertinsjes en reklamespotsjes en yn 1963 brocht er har yn 'e kunde mei Martin Ransohoff, de direkteur fan tillefyzjestudio Filmways, dy't har in kontrakt foar sân jier oanbea. Hy joech har yn 'e folgjende jierren gastrollen yn tillefyzjesearjes as Mister Ed en The Man from U.N.C.L.E. en in weromkearende rol yn fyftjin ôfleverings fan The Beverly Hillbillies.

Sharon Tate op in publisi-teitsfoto foar Eye of the Devil (1966).

Yn dy tiid gie Tate om mei de Frânske akteur Philippe Forquet, mei wa't se har yn 1963 ferloofde. Harren relaasje, dy't stoarmeftich wie, rûn lykwols yn 1964 op 'e klippen. Dat jiers mette se Jay Sebring, in eardere matroas, dy't himsels fêstige hie as ien fan 'e liedende hierstylisten fan Hollywood. Se krigen in relaasje en hy die har in houliksoansiik, mar dat sloech se ôf.

Nei't Tate yn 1964 om 'e nocht audysje dien hie foar rollen yn The Cincinnati Kid (as tsjinspylster fan Steve McQueen) en yn The Sound of Music (foar de fertolking fan 'Liesl'), besoarge Ransohoff har lytse roltsjes yn twa films dy't er sels produsearre: The Americanization of Emily en The Sandpiper. Yn it neijier fan 1965 krige se einlings in haadrol: yn 'e film Eye of the Devil, mei as tsjinspilers û.o. David Niven en Deborah Kerr. Nei de opnamen, dy't yn Londen plakfûnen, omskreau Niven har as "in grutte ûntdekking".

Moeting en relaasje mei Polanski

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tate bleau neitiid yn Londen omhingjen, dêr't se yn 'e kunde kaam mei de Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski. Letter wiene se it der beide oer iens dat it bepaald gjin leafde op it earste gesicht west hie. Polanski risselwearre om 'e film The Fearless Vampire Killers te meitsjen, dêr't Ransohoff as ko-produsint by belutsen wie. Polanski woe de readhierrige Ingelske aktrise Jill St. John foar de haadrol hawwe, mar Ransohoff stie derop dat er earst Tate in kâns joech. Polanski joech ta dat sy akseptabel wie as se in reade prúk droech. De opnamen fûnen plak yn Itaalje, dêr't Tate har nuttich makke as tolk, om't se fanwegen de jierren dy't se yn dat lân wenne hie, floeiend Italjaansk spriek. As perfeksjonistyske regisseur hie Polanski net folle geduld mei de net bot ûnderfûne Tate. Sels spile er ek in rol yn 'e film, dy fan in naïve jongeman dy't in relaasje krige mei Sarah Shagal, it personaazje fan Tate.

Sharon Tate yn Eye of the Devil (1966).

Geandewei de opnamen rekke Polanski fan Tate yn 'e besnijing. Se krigen in relaasje en nei't de opnamen dien wiene, loek Tate yn syn Londenske appartemint by him yn. Jay Sebring reizge nei Londen, dêr't er bûge of barste Polanski moetsje woe. Hoewol't syn freonen letter seine dat er der stikken fan wie dat Tate him foar in oare man oan 'e dyk set hie, rekke er befreone mei Polanski en bleau er oant syn dea Tate har nauste fertrouling. Polanski sei letter dat Sebring eins in iensume en isolearre siel wie, dy't him en Tate as syn iennichste famylje beskôge.

Tate kearde yn 1966 werom nei de Feriene Steaten foar de rol fan Malibu yn 'e film Don't Make Waves, mei Tony Curtis. Dy film wie bedoeld om te profitearjen fan 'e populariteit dy't strânfilms doedestiden hiene, yn kombinaasje mei muzyk fan bands as The Beach Boys. Tate har personaazje, dat troch filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer oanpriizge waard as "Malibu, Keninginne fan 'e Brâning", droech de hiele film net folle mear as in bikiny. Tate wie teloarsteld oer de rol en fertroude oan in ferslachjouwer ta dat Don't Make Waves "in ferskriklike film" wie. Noch de filmkritisy, noch de bioskoopbesikers moasten der folle fan hawwe.

Sharon Tate yn Valley of the Dolls (1967).

Polanski kaam oer nei de Feriene Steaten, dêr't er foar Paramount Pictures de film Rosemary's Baby meitsje soe, basearre op 'e roman fan Ira Levin mei deselde namme. Hy sei letter dat er eins Tate yn 'e haadrol fan Rosemary hawwe wollen hie, mar om't er in relaasje mei har hie, fûn er it net fatsoenlik om har sels foar dy rol foar te stellen. Hy hope mar dat in oar har namme neame soe, mar dat barde net. Ynstee waard Mia Farrow yn dy rol cast. Tate besocht de set fan Rosemary's Baby gauris en waard dêr fotografearre troch it tydskrift Esquire. De resultearjende fotoreportaazje smiet sawol foar harsels as foar de film in protte fergese publisiteit op. Noch mear opsjen joech it artikel dat yn maart 1967 oer har yn it neakenblêd Playboy ferskynde, mei dêrby seis foar in part neakene foto's fan har dy't Polanski nommen hie.

Trochbraak en erkenning

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tate har trochbraak kaam doe't se ien fan 'e haadrollen spile yn Valley of the Dolls, de ferfilming fan 'e bestseller mei deselde namme fan Jacqueline Susann. Har tsjinspylsters yn 'e film wiene Patty Duke, Barbara Parkins en Susan Hayward. Der bestiene hege ferwachtings om 'e film hinne dy't in protte publisiteit opsmieten, en Tate wie bliid mei in promininte rol dy't har karriêre fierder helpe koe. Mar oan Polanski bychte hja op dat hja noch oer it boek, noch oer it skript mocht. Op 'e set waard Tate, neffens har biograaf Greg King, oanhâldend "as in ymbesyl" behannele troch regisseur Mark Robson, mar tsjin Polanski soe Robson letter sein hawwe dat se "in geweldige takomst" as aktrise hie. By fraachpetearen joech Tate sels oan dat se har wol wat identifisearje koe mei har personaazje yn 'e film, Jennifer North, in aspirearjend aktrise dy't inkeld om har lichaamlike skientme bewûndere wurdt.

Sharon Tate tutet Roman Polanski yn The Fearless Vampire Killers (1967).

Yn 1967 kaam einlings The Fearless Vampire Killers út yn in troch de studio montearre ferzje dêr't Polanski fan walge. De film flopte yn 'e bioskopen, en Tate har oandiel yn 'e film waard fierhinne negearre, of it moast wêze dat der wat oer har neakensênes opmurken waard.

Eye of the Devil kaam koarte tiid letter út, en krige in lauwe ûntfangst fan 'e filmkritisy. Ek dy film die it min yn 'e bioskopen. Neffens The New York Times wie Tate har "om kâld fan te wurden prachtige mar útdrukkingsleaze optreden" ien fan 'e mar in pear hichtepunten fan 'e film. Om Eye of the Devil oan te priizgjen waard in koarte dokumintêre mei in spyldoer fan fjirtjin minuten oer Tate makke, dy't All Eyes on Sharon Tate hiet. Dêryn wie se te sjen yn ferskate sênes út 'e film, mar ek dûnsjend yn nachtklubs en by it besykjen fan ferskate besjensweardichheden yn Londen. Der siet ek in koart fraachpetear mei har yn, wêryn't se oer har ambysjes as aktrise sei: "Ik hâld mysels net foar de gek. Ik kin my sels net yn in toanielstik fan Shakespeare sjen." As har ynfloeden neamde se Faye Dunaway en Catherine Deneuve.

Letter yn 1967 kaam Valley of the Dolls út, en de resinsjes wiene frijwol allegearre negatyf. Ferskaten, wêrûnder dy yn The Hollywood Reporter en it artikel fan Roger Ebert yn 'e Chicago Sun-Times wiene posityf oer Tate (Ebert neamde har "in wûnder om te oanskôgjen), mar koene neat mei de film as gehiel.

Sharon Tate en Roman Polanski by harren trouwen op 20 jannewaris 1968.

Ein 1967 giene Tate en Polanski werom nei Londen, dêr't se bot yn 'e publisiteit fan 'e Britske rabbersblêden stiene. Se trouden yn Londen op 20 jannewaris 1968. Neffens in artikel yn The Sunday Times woe Tate graach in tradisjeel houlik hawwe, mar Polanski wie in grut foarstanner fan in iepen relaasje en woe syn omslaan mei oare froulju net opjaan. Hy kwalifisearre Tate har hâlding dêrfoaroer as "Sharon har grutte frustraasje", mar brocht har yn 't sin dat se ûnthjitten hie om net te besykjen him te feroarjen. Tsjin 'e skriuwer fan it artikel, Peter Evans, sei Tate: "We hawwe in goede regeling. Roman liicht my foar en ik bear dat ik him leau." Oan 'e oare kant stimulearre Polanski Tate o sa yn it hawwen fan in eigen karriêre.

Yn 1968 gie it stel nei Los Angeles, dêr't se al rillegau ûnderdiel waarden fan in maatskiplik fermidden fan súksesfolle jongerein út 'e filmyndustry, dêr't ek Warren Beatty, Jacqueline Bisset, Joan Collins, Mia Farrow, Jane Fonda, Peter Fonda, Steve McQueen, Joanna Pettet en Peter Sellers ta hearden. Guon âldere filmstjerren, lykas Yul Brynner, Kirk Douglas, Henry Fonda en Danny Kaye, muzikanten as Jim Morrison en Michelle Phillips en Mama Cass Elliot fan The Mamas & the Papas, en muzykprodusint Terry Melcher en syn freondinne Candice Bergen makken der ek diel fan út. Jay Sebring wie suver net by Polanski en Tate wei te slaan, en oare freonen dêr't se gauris mei oploeken, wiene Polanski syn jeugdmaat Wojciech Frykowski en dy syn freondinne Abigail Folger, de dochter en erfgenamte fan kofjemagnaat Peter Folger.

De Polanski's ferbleaune earst in pear moannen yn it hotel Chateau Marmont, oan Sunset Boulevard, foar't se ein 1968 in hûs oan Summit Ridge Drive yn Beverly Hills betrieken, dat se fan Patty Duke hierden. Harren wente siet faak smoarfol wyldfrjemden en Tate beskôge dat as in utering fan 'e "frije tiidgeast" fan 'e 1960-er jierren. Har goede freondinne Leslie Caron sei dat se de Polanski's te goed fan fertrouwen fûn "op it domdryste ôf", en dat se derfan skrokken wie dat alderhanne slach folk samar by harren yn en út rinne koe.

Sharon Tate mei Vittorio Gassman op in publisiteitsfoto foar The Thirteen Chairs (1969).

Yn 'e simmer fan 1968 spile Tate by de opnamen fan 'e komeedzjefilm The Wrecking Crew de rol fan Freya Carlson, in knoffelige spionne dy't in romantyske relaasje kriget mei haadrolspiler Dean Martin. Se die har eigen stunts en learde dêrfoar fjochtsport fan 'e Hongkongske akteur en fjochtsportekspêr Bruce Lee. De film wie in súkses en brocht Tate einlings en te'n lêsten erkenning. Martin woe in ferfolchfilm meitsje mei himsels en Tate yn 'e haadrollen. Om dyselde snuorje hinne waard Tate foar har rol yn Valley of the Dolls nominearre foar de Golden Globe foar nije stjer fan it jier. Ferskate oare prizen griep se krekt nêst. Foar har folgjende film twong se in salaris fan $150.000 ôf.

Op 't lêst fan 1968 rekke Tate yn ferwachting. Op 15 febrewaris 1969 kochten Polanski en sy de filla op 10050 Cielo Drive yn Hollywood, dêr't earder Terry Melcher en Candice Bergen wenne hiene. Se hiene dêr sadwaande ferskate kearen west en Tate beskôge it as har "leafdeshûs". Yn harren nije wente giene de Polanski's troch mei it jaan fan feesten foar grutte groepen freonen, dêr't bytiden ek wer wyldfrjemden op ôfkamen. Tate fleure op fan 'e geunstige publisiteit dy't se krige troch it súkses fan The Wrecking Crew en se keas The Thirteen Chairs út as har folgjende filmprojekt, benammen om't har dat de kâns bea om mei Orson Welles te wurkjen, dy't har tsjinspiler wêze soe. Yn maart 1969 reizge Tate nei Itaalje foar de opnamen fan dy film, wylst Polanski weromgei nei Londen foar syn nije film The Day of the Dolphin. Wylst sy beiden fuort wiene, trieken Frykowski en Folger yn it hûs oan Cielo Drive.

Sharon Tate yn 1969.

Nei't de opnamen fan The Thirteen Chairs klear wiene, joech Tate har yn Londen by Polanski. Yn harren appartemint yn Belgravia posearre se foar fotograaf Terry O'Neill foar in kasuele, húshâldlike fotoreportaazje, lykas by it iepenjen fan kado's foar har oankommende poppe. Ek posearre se foar in glamourfotoreportaazje yn it tydskrift Queen. Ein july fear se op it lúkse passazjiersskip de Queen Elizabeth 2 fan Southampton nei New York, om dêr it fleantúch nei Los Angeles te nimmen. Polanski soe dêr op 12 augustus ek komme, rom op 'e tiid foar de datum dat Tate útrekkene wie. Hy hie Frykowski en Folger frege om oant syn komst by har yn 'e filla oan Cielo Drive te bliuwen.

De Wikipedy hat ek in side Tate-LaBianca-moarden.

Op freed 8 augustus krige Tate de aktrise Joanna Pettet op besite. Se skille dy deis mei Polanski en har jongere suster Debra, en gie dy jûns mei Jay Sebring, Wojciech Frykowski en Abigail Folger út te iten yn it El Coyote Cafe, wêrnei't se omtrint 22.30 oere wer thús wiene. Koart nei midsnacht, op 'e iere moarn fan 9 augustus krongen trije leden fan 'e Manson Family, de binde anneks sekte fan Charles Manson, de filla oan Cielo Drive binnen. Dat wiene Charles Watson ("Tex"), Patricia Krenwinkel ("Katie") en Susan Atkins ("Sadie"), wylst in fjirdenien, Linda Kasabian, op 'e útkyk stie.

It grêf fan 'e famylje Tate op it Holy Cross Cemetery yn Culver City, dêr't behalven Tate ek har ûnberne soan Paul Richard Polanski, har mem Doris Tate en har jongste suster Patti Tate begroeven lizze.

De oare moarns waarden de libbenleaze lichems fan Tate, Sebring, Frykowski, Folger en in Steven Parent ûntdutsen troch de húshâldster Winifred Chapman. Tate en Sebring waarden oantroffen yn 'e wenkeamer, mei in lang tou om 'e hals dêr't se mei oaninoar fêstsieten. Frykowski en Folger leine op it gazon oan 'e foarkant fan it hûs. Parent siet yn syn auto op 'e oprit. Allegearre wiene se ombrocht mei in grut tal messtekken, útsein Parent, dy't deasketten wie. Tate wie 16 kear delstutsen, en de patolooch-anatoom stelde fêst dat fiif fan 'e stekwûnen elts allinnich al deadlik west hiene.

De plysje naam de iennichste oerlibbene yn 't ferhear. Dat wie William Garretson, de hûswarder, dy't yn it gasteferbliuw wenne, op in koarte ôfstân fan 'e eigentlike filla. Hy ferklearre dat Parent him de foargeande jûns om 23.30 oere hinne besocht hie, en koarte tiid letter wer ôfset wie. Sels hied er neat fan alle trelit murken. Mei't der neat wie dat op syn belutsenens wiisde, waard er troch de plysje frijlitten. Pas yn septimber waarden guon leden fan 'e Manson Family arrestearre foar misdriuwen dy't neat mei de Tate-moarden te krijen hiene, wêrnei't de plysje úteinlik ûntdiek dat sy skuldich wiene oan 'e moarden. Neffens de dieders wiene de identiteit fan Tate en har freonen net it motyf, mar it adres; Manson hie nammentlik kunde oan muzykprodusint Terry Melcher, dy't earder yn itselde hûs wenne hie. De trije dieders fan 'e moarden op Tate-en-dy ferdwûnen libbenslang yn 'e sel.

Yn in bekentenis oan in selgenoate yn it Sybil Brand Ynstitút, dêr't se wie foar psychologyske beoardieling, sei Susan Atkins dat sy dejinge wie dy't Sharon Tate fermoarde hie. Yn lettere ferklearrings oan har abbekaat, ofsier fan justysje Vincent Bugliosi en foar de sjuery joech Atkins lykwols oan dat Tate fermoarde wurden wie troch Tex Watson. Dyselde hold lykwols út dat Atkins wol deeglik de moardneresse fan Tate wie en Bugliosi en de sjuery leauden him. Yn syn autobiografy út 1978 skreau Watson lykwols dat hysels Tate deastutsen hie en dat Atkins har nea oanrekke hie. Om't er wist dat Atkins dochs net leaud waard troch de sjuery, hied er by syn berjochting besocht in legere straf te krijen troch har de skuld foar de dea fan Tate op 'e lea te skowen.

Polanski waard fan it grousum barren op 'e hichte steld en hy reizge halje-trawalje nei Los Angeles. Tate waard op woansdei 13 augustus beïerdige op it Holy Cross Cemetery yn Culver City, mei har ûnberne soan Paul Richard Polanski yn har earms. Sebring waard dyselde deis begroeven, koart nei Tate, sadat de djipdrôven beide útfearten besykje koene. Yn itselde grêf as Tate waard yn 1992 ek har mem Doris begroeven, dy't oan in harsenstumor beswiek nei't se jierrenlang kampanje fierd hie tsjin 'e frijlitting foar goed gedrach fan 'e moardners fan har dochter. Neitiid naam har jongste dochter Patti Tate dat wurk oer, en doe't dy yn 2000 oan boarstkanker stoar, kaam ek sy yn itselde grêf te rêsten. Dêrnei waard it aktivisme foar de rjochten fan Tate en fan slachtoffers yn it algemien oernommen troch de trêde suster, Debra Tate.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1961 Barabbas patrysjer yn Atene net fermeld op 'e ôftiteling
1962 Hemingway's Adventures of a Young Man   burlesque-artyste   net fermeld op 'e ôftiteling
1963 The Wheeler Dealers ? lyts roltsje
1964 The Americanization of Emily moai famke net fermeld op 'e ôftiteling
1965 The Sandpiper moai famke net fermeld op 'e ôftiteling
1966 Eye of the Devil Odile de Caray
1967 All Eyes on Sharon Tate harsels koarte dokumintêre foar de promoasje fan Eye of the Devil
1967 The Fearless Vampire Killers Sarah Shagal
1967 Don't Make Waves Malibu
1967 Valley of the Dolls Jennifer North nom. Golden Globe foar de meast ûnthjittende nijynkommelinge
1968 Rosemary's Baby feestgongster net fermeld op 'e ôftiteling
1968 The Wrecking Crew Freya Carlson
1969 The Thirteen Chairs Pat ek bekend as 12+1; postúm útkommen
1970 Ciao, Federico! harsels postúm útkommen
tillefyzje
1963 The Beverly Hillbillies Mary gastrol; ôfl. Elly Starts School
1963 Mister Ed tillefoansintraliste gastrol; ôfl. Love Thy New Neighbor
1963 Mister Ed matroazefamke gastrol; ôfl. Ed Discovers America
1963–1965 The Beverly Hillbillies Janet Trego weromkearende rol; 15 ôfl.
1965 The Man from U.N.C.L.E. psycho-terapeute gastrol; ôfl. The Girls of Nazarone Affair

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Sharon_Tate

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy