Content-Length: 109241 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Sinclair_Lewis

Sinclair Lewis - Wikipedy Springe nei ynhâld

Sinclair Lewis

Ut Wikipedy
Sinclair Lewis yn 1914
Hûs fan syn jonkheit

Harry Sinclair Lewis (Sauk Centre, 7 febrewaris 1885 - Rome, 10 jannewaris 1951) wie in Amerikaansk skriuwer en sjoernalist. Yn 1930 wie er de earste Amerikaan dy't de Nobelpriis foar de Literatuer wûn.

Lewis wie noch jong doe't er al in deiboek byhâlde. Doe't er 13 jier wie besocht er fergees om fuort te rinnen om mei te fjochtsjen yn de Spaansk-Amerikaanske Oarloch. As jongkeardel al besocht er syn sosjale idealen wier te meitsjen. Mei 23 jier stoppe er mei syn stúdzje en waard portier fan de Helicon House Colony, in utopysk sosjalistyske mienskip, stichte fan Upton Sinclair. Neidat in grutte brân it pân ferneatige hie, waard er frij sjoernalist yn New York, mar hy kin dêr benei net troch de tiid komme. Yn 1907 besiket er wurk te krijen by de kanaalbou yn Panama, mar ek dat mislearret him. Yn 1908 studearre er dochs noch ôf oan Yale-universiteit en hellet er syn B.A.-graad.

Lewis de skriuwer makke yn it earstoan romantyske gedichten en ferhalen. Yn 1912 publisearre er syn earste wurk, it jongesboek Hike and the Aeroplane ûnder it pseudonym Tom Graham. Lewis wie in sterke persoanlikheid, dy't altyd ûnderweis wie, hiel Amearika as sjoernalist trochkrúst hat en jierrenlang yn Jeropa wenne hat. Lewis hie bot krityk op de Amerikaanske selsfoldienens, dat him op in soad miskenning en fijânskip kaam te stean. Hy boaske twaris, mei Grace Livingston Hegger en letter mei Dorothy Thompson, mar beide houliken rûnen op 'e non. Ien fan syn twa soannen sneuvele yn de Twadde Wrâldkriich. Alkohol spile in wichtige rol yn syn libben. Hy stoar iensum en allinne yn 1951 in Rome oan in hartkrupsje dy't ûntstien wie troch syn alkoholisme.

  • Hike and the Aeroplane (1912) (jongesboek, ûnder skûlnamme Tom Graham)
  • Our Mr. Wrenn (1914)
  • The Trail of the Hawk (1915)
  • Tennis As I Play It (1915), ghostwriter foar Maurice McLoughlin[1]
  • The Innocents (1917)
  • The Job (1917)
  • "The Willow Walk" (1918) (koart ferhaal)
  • Free Air (1919)
  • Main Street (1920)
  • Babbitt (1922)
  • Arrowsmith (1925)
  • Mantrap (1926)
  • Elmer Gantry (1927)
  • The Man Who Knew Coolidge (1928)
  • Dodsworth (1929)
  • Ann Vickers (1933)
  • Work of Art (1934)
  • It Can't Happen Here (1935)
  • Jayhawker (1935) (toanielstik)
  • Selected Short Stories (1935)
  • "Little Bear Bongo" (1936) (koart ferhaal)
  • The Prodigal Parents (1938)
  • Bethel Merriday (1940)
  • Gideon Planish (1943)
  • Cass Timberlane (1945)
  • Kingsblood Royal (1947)
  • The God-Seeker (1949)
  • World So Wide (1951) (postúm)
  • 1957: P.H. Ritter jr., Sinclair Lewis, Hasselt: Heideland
  • 1961: M.Schorer, Sinclair Lewis: An American life, New York
  • 1993: Glen A.Love, Babbitt: An American life, New York

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing

  1. Pastore, Stephen R., Sinclair Lewis: A Descriptive Bibliography, New Haven, YALEbooks, 1997, sd.323-5.








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Sinclair_Lewis

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy