Union Gap (Washington)
Union Gap | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Yakima County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6047 (2010) | |
Oerflak | 13,11 km² | |
Befolkingsticht. | 462,3 / km² | |
Hichte | 300 m | |
Oar | ||
Stifting | 1883 | |
Postkoade | 98901, 98903 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
[1] |
Union Gap is in stêd yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 6047 ynwenners. It plak leit fuort besuden Yakima en is part fan Grutter Yakima.
Yn 1883 waard op dit plak Yakima City stifte. Doe't it Noard Pasifysk Spoar yn 1884 it plak foarby gie mei it oanlizzen fan it spoar, waarden 100 hûzen mei rôlers lutsen troch hynders 5 km benoarden ferhûze. Op dat plak ûntstie North Yakima. Yn 1918 waard dat ferneamd yn Yakima, en it âlde stee waard Union Gap. Union Gap is in foarstêd fan Yakima wurden.
It grutte winkelsintrum wêr grutte winkels lykas Sears, Lowe's, Macy's, Costco en noch stikmannich mear lytsere winkels.
De rykswegen 97 en Yntersteat 82 rinne by it plak lâns.