Content-Length: 96553 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Yndianereservaat

Yndianereservaat - Wikipedy Springe nei ynhâld

Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Lânkaart fan it Buro fan Yndiaanske Saken, dêr't alle Yndianereservaten yn 'e Feriene Steaten op werjûn binne.

In Yndianereservaat, fan it Ingelske Indian reservation (yn 'e Feriene Steaten) of Indian reserve (yn Kanada), faak koartwei in reservaat neamd, is in stik lân dat reservearre is (dêrfandinne de namme) foar de lânseigen befolking fan Noard-Amearika, te witten de Yndianen, en yn noardlik Kanada ek wol de Inûyt.

Sûnt it begjin fan 'e kolonisaasje fan Noard-Amearika troch de Jeropeänen waard de Yndianen lân ûntnadere troch de kolonisten. Soks barde soms mei ynstimming fan beide partijen, troch it sluten fan in ferdrach, mar yn 'e regel waard de lânseigen befolking op 'e iene of oare manear twongen om syn lân op te jaan en te ferhúzjen. Al yn 1658 waard dêrby it earste reservaat stifte, mar oer it algemien wie der doedestiden earder sprake fan deportaasje nei de noch wylde gebieten yn it westen. Uteinlik, doe't ek it hiele westen kolonisearre rekke, besochten de Amerikanen en Kanadezen yn 'e njoggentjinde iuw om alle Yndianen op te bergjen yn reservaten. It reservaatlân wie ornaris it minste, ûnfruchtberste en ôfhandichste gebiet dat der wie, sadat hjoed de dei noch altyd de grutste reservaten te finen binne yn berch- en woastyngebieten.

Yn 'e reservaten wiene de Yndianen, fral yn 'e Feriene Steaten, yn 't earstoan folslein ôfhinklik fan 'e itensbedieling troch de oerheid. Yn 'e Feriene Steaten hie it Buro fan Yndiaanske Saken, in ynstelling fan 'e federale oerheid dy't oprjochte wie yn 1824, sizzenskip oer de reservaten. Troch in protte ynkompetinsje en korrupsje binnen dat ynstitút brieken der yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw grutskalige hongersneden út ûnder de Yndianen.

Letter waard der in belied fan assimilaasje folge, wêrby't it de bedoeling wie dat de Yndianen úteinlik folslein opgean soene yn 'e Westerske, Amerikaanske kultuer, en dat de reservaten dan opheft wurde kinne soene. Hoewol't de measte Yndianen har oarspronklik tsjin 'e ferballing nei de reservaten ferset hiene, besochten harren neikommelingen yn 'e tweintichste iuw fûleindich de opheffing tsjin te kearen. De reden dêrfoar wie, dat de Yndianen tsjin dy tiid binnen de grinzen fan harren reservaten beskate rjochten bemachtige hiene, dy't se kwytreitsje soene as de reservaten opheft waarden. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e tweintichste iuw fûn der in weroplibbing fan 'e ûnderskate Yndiaanske kultueren plak, en doe waard it de Amerikaanske en Kanadeeske oerheden sa njonkelytsen dúdlik dat har assimilaasjebelied op 'e non rûn. Sûnt is men ta in positivere wurdearring fan 'e Yndiaanske identiteit kommen, wêrby't soms sels ophefte reservaten wer op 'e nij ynsteld wurde.

Reservaten yn 'e Feriene Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane yn 'e Feriene Steaten tsjintwurdich twa soarten reservaten: federale reservaten en steatsreservaten. Steatsreservaten wurde net erkend troch de federale oerheid, mar inkeld troch de steat wêryn't se lizze. De ynwenners fan sokke reservaten hawwe net folle mear rjochten as de oare ynwenners fan deselde steat. Federale reservaten falle noch altyd ûnder it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), dat ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken. Alle 326 federale reservaten mei-inoar beslane likernôch 227.000 km² lân. Der binne tolve reservaten dy't grutter binne as de lytste Amerikaanske steat, Rhode Island. It grutste reservaat is it Navaho Yndianereservaat, dat him útstrekt oer dielen fan Arizona, Nij-Meksiko en Utah, en dat yn grutte ferlykber is mei de steat West-Firginia. Lang net alle 567 federaal erkende stammen (tribes) hawwe in eigen reservaat, al beskikke de measten sûnder reservaat wol oer 'beheargebiet' dat ûnderbrocht is by it BIA, en eins op itselde delkomt, al mei it foar de wet gjin reservaat hjitte. Fierders beskikke guon stammen oer mear as ien reservaat, wylst oaren in reservaat diele.

De reservaten dy't ynsteld wurde troch of erkenning genietsje fan it BIA falle streekrjocht ûnder de Amerikaanske federale oerheid, om't de federaal erkende stamme-organisaasjes dy't sokke reservaten yn besit hawwe, ûnder de Amerikaanske Grûnwet as soevereine naasjes beskôge wurde. Dat betsjut dat de wetjouwing fan 'e steaten binnen de grinzen wêrfan't sokke reservaten lizze, net jildich is op it grûngebiet fan it reservaat. Mei't de measte steaten gokken ferbean of alteast oan bannen lein hawwe, hawwe in protte stammen kasino's op har reservaatlân boud, dêr't se goed oan fertsjinje. Guon Amerikaanske stammen binne dêrtroch tige wolfarrend wurden. Mear ôfhandich leine reservaten hawwe lykwols faak net of lang net safolle profitearje kinnen fan sokke foardielen. Benammen yn 'e steppe- en woastyngebieten fan 'e Grutte Flakten en it Amerikaanske Súdwesten libje sadwaande noch altyd in protte Yndianen ûnder de earmoedegrins en moatte bestean fan seizoenswurk en sosjale útkearings.

Reservaten yn Kanada

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Kanada binne de reservaten folle lytser as yn 'e Feriene Steaten, mar binne der ek folle mear, likernôch 2.300, dy't mei-inoar in oerflak fan 28.000 km² hawwe. Krekt as yn 'e Feriene Steaten hawwe guon stammen (bands) mear as ien reservaat (wat yn Kanada earder regel as útsûndering is), wylst oaren in reservaat diele. Kanada hat ek ûnbewenne reservaten, dy't troch in stikmannich stammen dield wurde as jachtgrûn of fiskplak. Bestjoerlik falle de reservaten yn Kanada ûnder it Ministearje fan Lânseigen Befolking en Noardlike Untwikkeling.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side en ûnder: References en Further reading, op dizze side.










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Yndianereservaat

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy