Content-Length: 136129 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Grotten_fan_Lascaux

Grotten fan Lascaux - Wikipedy Springe nei ynhâld

Grotten fan Lascaux

Ut Wikipedy
Grotten fan Lascaux
De ferneamde grotskildering fan in oerokse yn 'e oarspronklike grot fan Lascaux.
De ferneamde grotskildering fan in oerokse yn 'e oarspronklike grot fan Lascaux.
lokaasje
lân Frankryk
regio Nij-Akwitaanje
departemint Dordonje
plak Montignac
koördinaten 45°03′13″ N 1°10′12″ E
hichte 77 m
bysûnderheden
type plak grot
diel fan prehist. lokaasjes en beskildere
   grotten yn de Vézèredelling
skiednis
tiidrek 15.000 f.Kr.10.000 f.Kr.
archeology
ûntdutsen 1940
ûntdekker Marcel Ravidat
eigendom Frânske oerheid
tagonklikheid beheind
mon. status Wrâlderfgoed (1979)
monumintnû. UNESCO-folchnû. 85
offisjele webside
www.lascaux.culture.fr
lânkaart
Grotten fan Lascaux (Frankryk)
Grotten fan Lascaux
Lokaasje yn Frankryk.

De Grotten fan Lascaux (Frânsk: Grotte de Lascaux; útspr.: [las'ko], likernôch: "las-koo") foarmje in kompleks fan ûnderling ferbûne grotten yn 'e delling fan 'e rivier de Vézère, by it doarp Montignac, yn it departemint Dordonje yn it súdwesten fan Frankryk. De grotten binne ferneamd om't der yn 1940 mear as 600 prehistoaryske grotskilderings op 'e wanden en plafons ûntdutsen waarden, wêrfan't de âldsten datearje fan 17.000 jier lyn en de jongsten fan 12.000 jier lyn. De ôfbyldings stelle foar it meastepart grutte bisten foar dy't yn 'e lêste iistiid rûnom yn Jeropa foarkamen. De Grotten fan Lascaux binne de rykst beskildere grotten dy't oant no ta lykfolwêr op 'e wrâld ûntdutsen binne, en geane troch foar de 'Sikstynske Kapel fan 'e Paleolityske Keunst'. Yn 1979 waard it grottekompleks opnommen yn 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO as ûnderdiel fan 'e 'prehistoaryske lokaasjes en beskildere grotten yn de Vézèredelling'.

Op 12 septimber 1940 hie de achttjinjierrige monteur Marcel Ravidat (1923-1995) út Montignac frij fan syn wurk. Hy gie mei syn hûn Robot út te kuierjen yn in bosk op 'e lofterigge fan 'e rivier de Vézère. Op in plak dêr't koartby yn in stoarm in beam omwaaid wie, foel Robot yn in gat. Ravidat helle syn maten Jacque Marsal, Georges Agnel en Simon Coencas op en mei-inoar giene se it gat yn. Se ûntdutsen in 15 m djippe skacht, wêrfan't se mienden dat it de legindaryske geheime tunnel nei it deunby leine lângoed Lascaux wie.

In grotskildering út 'e Grotten fan Lascaux mei ôfbyldings fan oeroksen, hynders en harten.

Doe't Ravidat-en-dy de skacht delgien wiene, bliek dy lykwols út te kommen yn in grutte grot fan 20 by 8 m en in hichte fan 7 m. By it ljocht fan in lytse oaljelampe dy't se by har hiene, seagen se op 'e wanden ôfbyldings yn reade, giele, brune en swarte kleuren. Ravidat-en-dy beseften dat se in bysûndere ûntdekking dien hiene, en besleaten dy foarearst geheim te hâlden. Se kamen de oare deis werom mei bettere lampen en fûnen noch in skacht. Nei trije dagen beloeken se de pleatslike skoalmaster, harren âlde ûnderwizer Léon Laval, yn 'e ûntdekking.

Op 21 septimber 1940 brochten de fjouwer jonges in troch Laval optrommele delegaasje fan wittenskippers nei de grot ta, ûnder wa abt Henri Breuil en konservator Denis Peyrony fan it Prehistoarysk Museum yn Les Eyzies-de-Tayac-Sireuil. Breuil sette fuortendaliks útein mei it neitekenjen fan 'e grotskilderings. (Guon fan syn sketsen wurde hjoed de dei brûkt as stúdzjemateriaal fanwegen de ekstreme degradaasje fan in protte fan 'e grotskilderings.)

Fierdere skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grotten fan Lascaux waarden op 14 july 1948 iepensteld foar besichtiging troch it publyk. In yngeand argeologysk ûndersyk sette yn 1949 útein. Tsjin 1955 wiene de grotskilderings al sichtber skansearre rekke troch de koalstofdiokside, waarmte, fochtigens en oare fersmoargings dy't produsearre waarden troch 1.200 besikers deis. De tastân fan 'e lucht yn 'e grotten boaze oan, en skimmel en koarstmoassen begûnen de wanden fan 'e grotten te oerwoekerjen. Sadwaande waard yn 1963 besletten en slút de grotten ôf foar it publyk. Neitiid waarden de grotskilderings restaurearre en op deistige basis kontrolearre. Inkeld tafersjochhâlders en argeologen mochten de grotten noch yn.

Yn 2008 waard swarte skimmel yn 'e grotten ûntdutsen, en yn jannewaris fan dat jier waarden de grotten op lêst fan 'e Frânske autoriteiten foar in fearnsjier sletten foar eltsenien, wittenskippers en tafersjochhâlders ynbegrepen. Ien persoan mocht eltse wike ien kear tweintich minuten lang de grot yn om 'e klimatologyske omstannichheden yn 'e rekken te hâlden. Neitiid mochten noch mar inkele wittenskiplike ekspêrs yn 'e grotten wurkje, en dàt inkeld in pear dagen yn 'e moanne. Yn 2009 waard bekendmakke dat de sitewaasje mei de skimmel stabilisearre wie. It krewearjen om 'e swarte skimmel fan 'e wanden te ferwiderjen hat lykwols laat ta dûnkere ferkleurings dy't de pigminten fan 'e skilderings bliuwende skea tabrocht hawwe.

In grotskildering út 'e Grotten fan Lascaux fan in tarpan (in wyld hynder).

Yn 2011 liek de skimmel weromdreaun te wurden troch in bykommend, noch stranger konservaasjeprogram. As ûnderdiel dêrfan krige it grottekompleks in eigen krêftich klimatisearringssysteem, dat de temperatuer, de luchtfochtigens en it koalstofdioksidegehalte fan 'e lucht yn 'e grotten keunstmjittich gelyk hâldt. It moast ek de yntroduksje fan baktearjes yn 'e grotten foarkomme. Nettsjinsteande dat waard yn maaie 2018 in nije soarte pûdsjeswam yn 'e grotten ûntdutsen, dy't foartiid noch neitiid earne oars oantroffen is. Dêrom waard er troch mykologen nei de grotten ferneamd as de Ochroconis lascauxensis.

Grotskilderings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grotskilderings fan Lascaux hawwe benammen gruttere bisten as ûnderwerp dy't yn 'e lêste iistiid rûnom yn Jeropa foarkamen. Dêrby giet it om wisinten, oeroksen, harten, wolhierrige noashoarnen, hynders en rindieren. De skilderings en de (ierd)kleuren wiene oant 1940 goed bewarre bleaun. In protte fan 'e ôfbyldings hawwe flakken dy't hielendal ynkleure binne, wylst oaren útfierd binne as krêftige linetekenings.

De hjoeddeistige (ôfsletten) tagong ta de Grotten fan Lascaux.

'Galeryen' yn 'e grotten dy't in beskate kontinuïteit fan ûnderwerp of kontekst suggerearje, krigen nei de ûntdekking in eigen namme, krekt as de ferskillende romten fan it grottestelsel. Sa binne der de 'Grutte Seal fan 'e Bollen', de 'Beskildere Galery', de 'Trochgong', de 'Skacht', it 'Skip', it 'Koer' en de 'Keamer fan 'e Kateftigen'. De grotskilderings fan Lascaux datearje fan 17.000 oant 12.000 jier lyn en hearre dêrmei ta it let-paleolityske tiidrek fan 'e Magdelénynkultuer. Dy kultuer is ferneamd nei de Grot fan La Madeleine, dy't ek yn 'e Dordonje leit.

De konservearringsproblematyk fan 'e orizjinele grotskilderings fan Lascaux hat laat ta de kreaasje fan sekuere replika's.

Lascaux II is in eksakte replika fan 'e 'Grutte Seal fan 'e Bollen' en de 'Beskildere Galery', dy't oarspronklik fan 1972 ôf tentoansteld waard yn it Grand Palais yn Parys. Fan 1983 ôf is Lascaux II te sjen yn in keunstmjittige grot op likernôch 200 m ôfstân fan 'e wiere Grotten fan Lascaux. It is in kompromis om 'e grotskilderings oan it publyk sjen te litten en dochs de orizjinelen te beskermjen tsjin fierdere skea. In folslein oersjoch fan 'e skilderings yn 'e Grotten fan Lascaux is in pear kilometer fierderop te sjen, yn it Centre de l'Art Préhistorique yn it Parc du Thot.

In grotskildering út 'e Grotten fan Lascaux dêr't in reuzehart (no útstoarn) mei ôfbylde is.

Lascaux III is in rige fan fiif eksakte reproduksjes fan 'e grotskilderings út it 'Skip' en de 'Skacht' dy't sûnt 2012 de wrâld rûn reizge binne om kennis oer de Grotten fan Lascaux te fersprieden.

Lascaux IV is in nije kopy fan alle beskildere dielen fan 'e Grotten fan Lascaux, wêrby't ek digitale technology yn 'e útstalling yntegrearre is. Sûnt desimber 2016 is dizze gruttere en sekuerdere replika te sjen yn it nije museum Centre International de l'Art Pariétal. Dat is foar in budget fan 57 miljoen nei in ûntwerp fan it Noarsk-Amerikaanske arsjitekteburo Snøhetta yn in heuvel útgroeven dy't útsjocht oer it doarp Montignac.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Grotten_fan_Lascaux

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy