Content-Length: 75087 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Trickster

Trickster - Wikipedy Springe nei ynhâld

Trickster

Ut Wikipedy
Rein de Foks, in literêre foarm fan 'e trickster, yn in berneboek út 1869, troch Michel Rodange.

De trickster is yn 'e mytology en yn 'e stúdzje fan folkloare en religy in snoad, slûchslim en faak grappich personaazje dat beskikt oer in hege mjitte fan yntellekt of geheime kennis. It kin in godheid, healgod, geast, minske of ferminsklike bist wêze, en as er gjin godheid is, docht er him gauris dochs as sadanich foar. Hjirby giet it almeast om in manlik personaazje, mar tricksters kinne ek froulik wêze, en faak binne se bi- of transseksueel. Yn elts gefal kinne tricksters werom kennen wurde oan it feit dat se har nea oan 'e regels hâlde, en likemin oan 'e jildende sosjale noarmen en wearden. De Ingelske standertterm 'trickster' waard yn 1885 spesifyk foar dit soarte fan personaazje yn 'e wittenskip yntrodusearre troch de argeolooch en etnolooch Daniel G. Brinton. 'Trickster' soe yn aldendeisk Frysk oerset wurde kinne as "grapmakker" of "skarlún", al ferliest men dêrby in grut part fan 'e (wittenskiplike) betsjutting.

Tricksters komme foar yn myten fan oer de hiele wrâld. Foarbylden fan bekende tricksters binne Set yn 'e Egyptyske, Prometeus yn 'e Grykske, Loki yn 'e Germaanske en Coyote yn 'e Yndiaanske mytology. In ferlykber figuer yn 'e literatuer (eins dus net in trickster, mar in sljochtwei skarlún) is Rein de Foks. Tricksters soargje foar in dualisme yn 'e wrâld, meast net in dualisme fan goed en kwea, mar ien fan oarder en gaos. Yn 'e troch in god of de goaden, of ek wol de minsken, oardere wrâld brekt er troch dy oarder hinne, en komt sa foar dat de wrâld te statysk wurdt om him noch oan feroarings oanpasse te kinnen.

Yn in protte myten ferfollet de trickster sadwaande de rol fan twadde skepper fan 'e wrâld of fan in part fan 'e wrâld, wêrby't er it wurk fan 'e heechste god bedjert en ferantwurdlik is foar de yntroduksje fan alle ellinde (pine, sykte, dea, ensfh.). Yn 'e skeppingsmyte fan it joadendom en it kristendom komt ek in trickster foar; dêr is er de slange, dy't, troch Adam en Eva fan harren seksualiteit bewust te meitsjen, de ferdriuwing út 'e Hof fan Eden en dêrmei alle ellinde yn 'e wrâld feroarsaket (Genesis 3).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor's Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • ――, Die Religion in Geschichte und Gegenwart: Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.

Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Trickster

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy