Content-Length: 158602 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Yntelliginsje

Yntelliginsje - Wikipedy Springe nei ynhâld

Yntelliginsje

Ut Wikipedy
In (Ingelsktalige) skematyske werjefte fan 'e ferskillende aspekten fan yntelliginsje.

Yntelliginsje (fan it Latynske intelligentia) is in begryp út 'e psychology dat yn 'e algemiene sin omskreaun wurde kin as it fermogen om op direkte of yndirekte wize ynformaasje op te nimmen en dy ynformaasje om te setten yn permaninte kennis, dy't letter beskikber is om brûkt te wurden yn tapaslike sitewaasjes. Yntelliginsje is in ûnderdiel fan jins persoanlikheid. Guon minsken hawwe mear yntelliginsje as oaren, sadat se bgl. makliker in taal of wiskunde leare kinne as oaren. Dêrby spylje maatskiplike eftergrûn, opfieding, oplieding en kultuer lykwols in wichtige rol. Oanberne yntelliginsje dy't sterk op ien beskaat mêd konsintrearre is, wurdt ek wol oantsjut as bejeftigens of in talint. Der wurdt almeast wittenskiplik ûndersyk dien nei yntelliginsje by de minske, mar it is ek waarnommen yn net-minsklike bisten en, neffens guon ûndersikers, yn planten. Yntelliginsje yn masines (kompjûters) wurdt keunstmjittige yntelliginsje neamd.

Neiere omskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de term 'yntelliginsje' wurdt in mentale eigenskip beskreaun mei in protte ferskillende funksjes, lykas:

Minsklike yntelliginsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Algemiene omskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minsklike yntelliginsje kin omskreaun wurde as de yntellektuële fermogens fan in beskate minske, dy't karakterisearre wurde troch yngewikkelde kognitive prestaasjes en hege nivo's fan motivaasje en selsbewustwêzen. Yntelliginsje makket it foar minsken mooglik om dingen te ûnthâlden en dy letter te brûken yn nije sitewaasjes dy't oerienkomsten fertoane mei eardere ûnderfinings. Dit is in kognityf proses, dat minsken it fermogen jout om te learen, te begripen, ideeën te foarmjen en te riddenearjen. Se kinne dêrtroch patroanen werkenne, ideeën en problemen befiemje, problemen oplosse en taal brûke om mei oaren te kommunisearjen. In grut diel fan wat hjir opneamd is, jildt ek foar net-minsklike bisten.

Ferskillende soarten yntelliginsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minsklike yntelliginsje wurdt metten mei it yntelliginsjekosjint, it IQ. It idee dêrefter is dat der mar ien soarte fan yntelliginsje bestiet, sadat dy by alle persoanen troch de tapassing fan in test maklik metten wurde kin. Der besteane lykwols ek in teoryen, dy't oan it begjin fan 'e tweintichste iuw troch Amerikaanske psychologen as Louis Leon Thurstone, Raymond Bernard Cattell en Joy Paul Guilford ûntwikkele waarden, dat der ferskate ûnôfhinklike foarmen fan yntelliginsje njonkeninoar besteane. Sa makke Cattell ûnderskie tusken floeibere yntelliginsje en kristallisearre yntelliginsje, begripen dy't min ofte mear oerienkomme mei ynsjoch basearre op abstrakt tinken en ynsjoch basearre op ûnderfining. In oare Amerikaanske psycholooch, Robert Sternberg, oppenearre letter it idee dat der trije foarmen fan yntelliginsje wiene: analytske, syntetyske (of kreätive) en praktyske yntellinginsje. Howard Gardner, in tiidgenoat en lânsman fan Sternberg, woe inkeld sprekke fan 'yntelliginsjes' (meartal), om't er sân feardichheden ûnderskate dêr't minsken yntelligint yn wêze kinne: taal, wiskunde, muzyk, ynterminsklike relaasjes, romtlike oriïntaasje, lichemsbehearsking en selskennis.

De hjoeddeistige psychology erkent oer it algemien trije soarten yntelliginsje, of oars sein: trije komponinten fan yntelliginsje:

  • analytyske yntelliginsje: it fermogen ta abstrakt, logysk en koherint riddenearjen en it omgean mei eat dat men noch net earder ûnderfûn hat, bgl. troch de analyze fan nije ynformaasje;
  • praktyske yntelliginsje: it fermogen om problemen op te lossen yn aldendeiske sitewaasjes thús en op it wurk;
  • emosjonele yntelliginsje: it beskikken oer selsbewustwêzen, selskennis en empaty mei oaren, dus it jin ferpleatse kinnen yn 'e posysje en de gedachten fan in oar.

Om't analytyske yntelliginsje it soarte yntelliginsje is dat nedich is om op skoalle goed prestearje te kinnen, wurdt yn tradisjonele IQ-tests allinnich (of frijwol allinnich) dat soarte yntelliginsje metten. De Amerikaanske psycholooch Daniel Goleman hat dêrom in eigen 'EQ-test' ûntwikkele om emosjonele yntelliginsje teste te kinnen.

Oarsprong fan minsklike yntelliginsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane trije teoryen oer de oarsprong fan minsklike yntelliginsje. Neffens ien fyzje is yntelliginsje wat dat oanberne is (nature), of bestiet der alteast in oanberne potinsjeel ta yntelligint hâlden en dragen. In twadde fyzje wol hawwe dat eltsenien mei itselde potinsjeel ta yntelligint hâlden en dragen berne wurdt, mar dat it ferskil ta it ûntjaan fan dy potinsje him sit yn 'e opfieding (nurture) dy't men kriget. In trêde teory leit de klam op 'e prestaasjes fan in persoan: prestearret hy of sy heech, dan is hy of sy (tige) yntelligint; binne de prestaasjes min, dan ûntbrekt it oan yntelliginsje. Dizze lêste teory wurdt noch gauris tapast yn it ûnderwiis, mar giet folslein foarby oan oare faktoaren, lykas in gebrek oan motivaasje, dat ek liede kin ta lege prestaasjes.

Yntelliginsje en maatskiplike posysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut ûndersiken blykt dat minsken mei in hege yntelliginsje trochinoar in bettere maatskiplike posysje en in heger ynkommen hawwe as minsken mei in lege yntelliginsje. Neffens beskate stúdzjes is it sels sa dat it maatskiplik fermidden dêr't immen út komt minder wichtich is foar it berikken fan in hege maatskiplike posysje as jins yntelliginsje.

Yntelliginsje en etnisiteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kontroversjeel ûnderwerp is it mooglike ferbân (korrelaasje) tusken yntelliginsje en etnisiteit. Yn 'e Feriene Steaten blike yn standerdisearre IQ-testen swarten nammentlik trochinoar 15 punten leger te skoaren as blanken. Ek binne der ferskillen ûntdutsen tusken de IQ's fan minsken fan dy beide rassen en mongoloïde persoanen fan Eastaziatysk komôf (d.w.s etnyske Sinezen, Koreänen en Japanners). Dêrby blieken swarten op 'e nij it leechst te skoaren, wylst de Aziaten trochinoar fierwei it heechste IQ hiene.

It saneamde rasse-yntelliginsjedebat, dat troch sokke útslaggen ûntstien is, giet benammen oer de fraach ynhoefier't de oantoande ferskillen ta te skriuwen binne oan oanberne biologyske faktoaren of oan opfiedingskundige faktoaren, lykas fieding, ûnderwiis en bleatstelling oan tillefyzje en sosjale media. Ek is der krityk kommen op 'e metodyk fan sokke ûndersiken en oangeande de eventuële kulturele befoaroardieldheid (cultural bias) fan IQ-tests. In ferskynsel dat de útkomsten fan sokke ûndersiken mooglik beynfloedzje kin, is it stereotype threat-effekt, oftewol in negative ferwachting oer de prestaasjes fan (yn dit gefal) swarten, dy't yn 't foar al bestiet by alle belutsenen.

Yntelliginsje en genetyske oanlis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut desennia fan wittenskiplik ûndersyk op dit mêd is fêst kommen te stean dat de yntelliginsje sa't dy metten wurdt mei IQ-tests fierhinne in genetysk bepaalde eigenskip is. Dat betsjut dat in part fan 'e sprieding fan behelle skoares by yntelliginsjetests by groepen yndividuën taskreaun wurde kin oan 'e ynfloed fan genen dy't yntelligint hâlden en dragen mooglik meitsje. Dat wol net sizze dat boppesteande ek jildt foar elts ôfsûnderlik yndividu binnen sa'n groep. Algemien wurdt no oannommen dat it feilich is om te stellen dat it genetysk bepaalde part 40% oant 80% fan 'e ferskillen yn 'e skoares ferklearje kin. Yn relatyf homogene populaasjes lykas de Nederlânske sit dat persintaazje deunby de 80%.

As men fan 'e âlden fan in grutte groep bern de skoares ken dy't se behelle hawwe op in IQ-test, kin men foar harren bern (as groep) in gemiddelde skoare ferwachtsje dy't yn 'e buert leit fan dy fan 'e âlden. Mar foar yndividuële bern jildt dat net. Dy kinne like yntelligint wêze as harren âlden, dêryn mear op 'e heit as op 'e mem lykje of oarsom, folle yntelliginter wêze as allebeide of folle minder yntelligint wêze as allebeide. Der bestiet ommers noch 20% oant 60% ynfloed op it foarkommen fan yntelliginsje dy't net út genetyske oanlis ferklearre wurde kin. De kâns dat bern kwa yntelliginsje op harren âlden lykje sille, is wol grutter as de kâns dat dat net it gefal is. Oan 'e oare kant sille bern fan âlden dy't allebeide in tige hege yntelliginsje hawwe, trochinoar minder yntelligint as dy âlden wêze, wylst bern fan âlden mei in tige lege yntelliginsje trochinoar yntelliginter wêze sille as harren âlden. Dat wurdt troch psychologen it regresje-effekt neamd.

Dat in soad bern op it mêd fan yntelliginsje op harren âlden lykje, komt net inkeld troch genetyske oanlis, mar ek troch in oare wichtige faktor: it om-en-by. De âlden skeppe ommers foar harren bern de omkanten dêr't hja yn libje troch it plak dêr't se wenje, de steat fan earmoede of rykdom dêr't se yn ferkeare en troch it maatskiplik fermidden dêr't se ta hearre. Ek beynfloedzje se sterk de motivaasje fan harren bern. As it wier is dat oanhâldende bleatstelling oan nije ideeën by bern yntelliginsje stimulearret (wat net wis is mar wol yn 'e reden leit), dan sille bern út rikere fermiddens, dy't in protte reizgje en fan hûs út geduerich mei literatuer, keunst en oare foarmen fan kultuer yn oanrekking komme, in gruttere kâns hawwe op in hege yntelliginsje as bern dy't grut wurde yn in efterstânswyk, dy't nea nei it bûtenlân op fakânsje geane en dêr't it yn 'e hûs inkeld oer fuotbal giet.

Yntelliginsje en leeftyd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yntelliginsje foarmet in wichtich ûnderdiel fan 'e minsklike kognysje. By it âlder wurden fan folwoeksenen feroaret stadichoan it patroan fan kognitive fermogens. Dat proses wurdt ek wol oantsjut as kognitive ferâldering. Dêrby nimme it fermogen ta abstrakt tinken en fral ek de faasje fan 'e tinkprosessen ôf. De Amerikaanske psycholooch Raymand Bernard Cattell neamde dat aspekt de fluïde yntelliginsje. Soks komt dúdlik ta utering yn yntelliginsjetests, wat de reden is dat standerttests, lykas de Wechsler Adult Intelligence Scale (WAIS) dit leeftydsbûne effekt korrizjearje troch gebrûk te meitsjen fan noarmtabellen dy't leeftydsgroepspesifyk binne. Oan 'e oare kant nimt tagelyk de yntelliginsje op basis fan ûnderfining (wat Cattell kristallisearre yntelliginsje neamde) krekt ta. Yn 'e folksmûle wurdt soks oantsjut mei de ûnwittenskiplike beneaming wiisheid: "wiisheid komt mei de jierren".

Yntelliginsje en sekse

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By tradisjonele yntelliginsjetests docht almar wer bliken dat de fariânsje (oftewol fariaasjebreedte) by jonges en manlju justjes grutter is as by famkes en froulju. Dat betsjut dat as men yn in normaalferdieling fan yntelliginsjeskoares de metten skoares fan beide geslachten gearfoeget, der oan 'e beide úteinen fan 'e ferdieling mear jonges en manlju sitte as famkes en froulju. Der binne dus mear manlike heechbejeftigen, mar ek mear manlike leechbejeftigen.

Der besteane ek ferskillen tusken jonges en manlju oan 'e iene kant en famkes en froulju oan 'e oare kant op it mêd fan ûnderdielen fan 'e yntelliginsje. Dêrby moat oantekene wurde dat it om trochsneed prestaasjes giet, dy't dus neat sizze oer yndividuële prestaasjes fan 'e leden fan 'e seksen. Famkes en froulju binne yn it foardiel as it giet om sprutsen en skreaune taal, lêzen ynbegrepen. In ferklearring dêrfoar wurdt socht yn it feit dat by manlju de taalfunksjes almeast inkeld troch de lofterharsenshelte oanstjoerd wurde, wylst by froulju beide harsenshelten derfoar ynset wurde. Dêr stiet wer foaroer dat jonges en manlju trochinoar minder muoite hawwe mei it oplossen fan yn wurden opstelde riddenearsommen. In foarbyld is: "Jantsje hat twa dropkes. Se hat ien dropke minder as Klaske. Hoefolle dropkes hat Klaske?" Mear famkes as jonges litte har yn 'e war bringen troch it wurd "minder" en antwurdzje dan "ien".

Jonges en manlju binne better yn romtlike oriïntaasje. As der yn yntelliginsjemjittings testen opnommen binne dêr't dat in rol yn spilet, behelje sy dêrom oer it algemien in bettere skoare. Dat soe ek ferklearje kinne wêrom't jonges en manlju trochinoar better binne yn it oplossen fan geometryske figueren. Mar op 'e bekende non-ferbale test fan Raven (de Raven Progressive Matrizetest), dy't foarhinne ûnder mear by de tsjinstkeuring brûkt waard, wurde ynternasjonaal dan wer gjin ferskillen fêststeld yn 'e prestaasjes tusken de beide geslachten.

Dierlike yntelliginsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't ûndersyk nei yntelliginsje him benammen op minsken talein hat, binne der ek wittenskippers dy't besocht hawwe yntelliginsje fan bisten te ûndersykjen. Dêrby giet it sawol om 'e yntelliginsje fan in beskate bistesoarte as in ferliking fan 'e (trochsneed) yntelliginsje fan ferskillende soarten. Om yntelliginsje by bisten te mjitten, wurde oan testeksimplaren ferskate problemen foarlein wêrby't de ûndersikers it probleemoplossend fermogen fan dy bisten mjitte kinne. Om 'e testbisten te motivearjen om mei te wurkjen oan it ûndersyk, hat it probleem dat oplost wurde moat yn 'e regel te krijen mei it besetten fan lekker iten.

Net-minsklike bisten dy't gauris ta it ûnderwerp fan sokke ûndersiken makke wurde, binne apen, en dan yn 't bysûnder minskapen (lykas sjimpansees, bonobo's en gorilla's), mar ek hûnen, dolfinen, oaljefanten en yn mindere mjitte pappegaaien, rotten en ravens. Dat binne allegear bisten mei in hegere as normale yntelliginsje, rekkene neffens it diereryk. Ek wurdt wol ûndersyk dien nei yntelliginsje by inketfisken. Dat binne fierwei de yntelligintste wringeleazen (benammen de oktopussen), ek al hawwe se in radikaal oar senuwsysteem as wringedieren.

Plantaardige yntelliginsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon wittenskippers wolle hawwe dat (beskate) planten ek as yntelligint klassifisearre wurde moatte, op grûn fan harren fermogen om harren morfology, fysiology en fenotype oan te passen om fuortbestean en fuortplanting te bewissigjen. In tsjinargumint is datoangeande it feit dat mei it begryp yntelliginsje oer it algemien ek it oanmeitsjen, behâlden en oproppen fan oantinkens bedoeld wurdt. As dy definysje akseptearre wurdt, soe it de keunstmjittige yntelliginsje fan robots en kompjûters omfetsje, mar de poer automatyske sintúch-reäksje-refleksen dy't foarkomme by in protte plantesoarten útslute. It is lykwols sa dat (guon) planten ek it fermogen hawwe om positive en negative ûnderfinings op te slaan en dêrfan te 'learen'. Fierders kinne se kommunisearje, akkuraat harren omstannichheden berekkenje troch komplekse koste-bate-analyzes, en op strak behearske wize reägearje om 'e negative effekten op harsels te beheinen fan ferskate eleminten yn har om-en-by.

Keunstmjittige yntelliginsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keunstmjittige yntelliginsje (gauris ôfkoarte ta AI, fan artificial intelligence) is in oantsjutting dy't sawol fan tapassing is op 'e yntelliginsje fan masines as de tûke fan 'e ynformatika dy't him derop taleit om sokke masines te kreëarjen. Om (keunstmjittich) yntelligint neamd te wurden, moat in systeem it fermogen hawwe om eksterne data op korrekte wize te ynterpretearjen, fan sokke data te learen, en it learde te brûken om spesifike doelen te berikken troch fleksibele adaptaasje oan 'e nije sitewaasjes. Anno 2019 is keunstmjittige yntelliginsje allinnich noch berikt op beskate mêden, lykas spultsjes, krúswurdpuzels, optyske karakterwerkenning en inkele algemienere terreinen lykas selsridende auto's. Algemiene keunstmjittige yntelliginsje (d.w.s. keunstmjittige yntelliginsje op alle mêden tagelyk) hat men noch net witten te berikken en wurdt beskôge as in lange-termyndoel fan it ûndersyk nei keunstmjittige yntelliginsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Yntelliginsje

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy