In senaat is in soarte fan folksfertsjintwurdiging, dy't faak it hegerhûs fan it twakeamerich parlemint foarmet. De namme komt fan it Latynske senatus en giet werom op 'e Romeinske Senaat, de folksfertsjintwurdiging yn 'e Romeinske Republyk en letter ek yn it Romeinske Ryk, al hie it orgaan doe net folle macht mear. It wurd senatus komt fan senex, dat "âldere" of "âldste" (yn 'e sin fan "wize") betsjut (ferlykje 'senior', dat fan deselde woartel komt). In lid fan in senaat wurdt in senator neamd. Sokken soene, alteast fan âlds, de wizere lju of persoanen mei mear ûnderfining wêze fan in maatskippij of in hearskjende maatskiplike klasse.

De Tsjechyske Senaat yn sitting yn it Wallenstein Paleis yn Praach.
Dizze side giet oer it type folksfertsjintwurdiging. Foar oare betsjuttings, sjoch: senaat (betsjuttingsside).

Tsjintwurdich hawwe in protte lannen noch in senaat, lykas Belgje, Brazylje, Frankryk, Itaalje, Meksiko en Tsjechje. De bekendste senaat is de Amerikaanske Senaat, it hegerhûs fan it Amerikaanske Kongres. Guon lannen hawwe wol in senaat, mar neame dy net sa. Yn Nederlân hjit de senaat bgl. de Earste Keamer fan 'e Steaten-Generaal, yn it Feriene Keninkryk is de senaat it House of Lords en yn Dútslân is it de Bundesrat. Moderne senaten tsjinje oer it algemien om wetten dy't oannommen binne troch de oare keamer fan 'e folksfertsjintwurdiging (it legerhûs), noch ris op 'e nij te besjen en te toetsen oan 'e grûnwet.

De leden fan 'e senaat, de senators, wurde faak by ferkiezings keazen troch it elektoraat, mar it komt ek foar dat se as sadanich oansteld wurde troch it steatshaad of it regear, dat se it senatorskip ervje fan harren heit of in oar famyljelid of dat se op in oare wize oan harren posysje komme. Yn Nederlân is it bgl. sa dat de leden fan 'e Earste Keamer keazen wurde troch de leden fan 'e Provinsjale Steaten, dy't sels keazen binne troch it elektoraat. (Dat is wat men in yndirekte of trepte ferkiezing neamd.) De sitten fan it Britske hegerhûs wurde tradisjoneel beset troch leden fan 'e adel (dy't in sit ervje of taparte krije troch yn 'e adelstân ferheft te wurden) en biskoppen fan 'e Anglikaanske Tsjerke (dy't in sit oernimme fan harren foargongers).

De measte senaten hawwe asymmetrysk foech yn ferliking mei de respektivelike legerhuzen. Dat betsjut dat se spesjale funksjes ferfolje, lykas it oanstellen fan funksjonarissen op wichtige politike (en yn 'e Feriene Steaten ek rjochterlike) posysjes, of it oannimmen fan spesjale wetten. Oan 'e oare kant hawwe de measte senaten mar beheind foech om wetsfoarstellen tsjin te kearen of te feroarjen dy't al troch it byhearrende legerhûs goedkard binne. Sels as in senaat in wetsfoarstel ôfwiist, kin it legerhûs dat feto faak ûngedien meitsje, mitsdat dêrfoar in beskate (faak twatrêde) mearderheid bestiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy