Bert Tinge (Aldehaske, 1937- Zevenhuizen, 11 july 2024) [1] wie in Fryske sjonger, multy-ynstrumintalist producer en lietsjeskriuwer.

Bert Tinge
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bert Tinge
berne 1937
berteplak Aldehaske
stoarn 11 july 2024 (86 jier)
stjerplak Zevenhuizen
wurkpaad
sjongtaal Frysk, Nederlânsk, Grinslânsk
grutste hit(s) clublieten sc Heerenveen en FC Groningen, Ajax wint de wereldcup

Tinge groeide op yn in húshâlding fan njoggen, ûnder de reek fan Sportpark Noard, it destiidske Hearrenfeanstadion. Syn grutte pasje, neist fuotbal en yn it bysûnder Abe Lenstra, wie muzyk. Ein jierren fyftich rjochte hy de band De Specials op, dêr 't hy yn 1969 mei 'Tomaatjes' in Top 40-hit skoarde. In pear jier letter skreau hy foar de Drintske formaasje Marietje ('Want In Het Bos Daar Zijn De Jagers'), wat in nûmer-1-notearring oplevere yn de Hitparade.

De Specials waard sûnt de sechstiger jierren populêr yn benammen de noardlike provinsjes. Ek as solist hat er it nedige wurk ôflevere, wêrûnder it Frysktalige album In Mûdhûn yn 'e Reinwettersbak mei nûmers as It Aldershûs, Ik kom út Fryslân en Simmer 2000. Hy trede ek op mei/as Duo De Blaaspijpjes, Hollandse Nieuwe en De Flipperkoning en ûnder de namme Antonio Gomez Fernandez. Tinge spile tromboane yn Big Band '67. Ein jierren 60 wurke Tinge in oantal jierren gear mei sjonger Peter Koelewijn.

Tinge song ek Fryske lietsjes as It jonkje en Wrâld fan goud. Yn 2011 waard er opnij aktyf mei syn band De Specials.

Lietsjeskriuwer

bewurkje seksje

As beropsmuikant hied er in feilleas gefoel foar wat it grutte publyk oanspruts. Doe't Nederlân op sportgebiet hieltiten súksesfoller waaard, skreau hy earst 'Ard, die heeft de Wereldcup' oer reedrydleginde Ard Schenk en letter, op deselde meldij, it nûmer 'Ajax wint de wereldcup' foar fuotbalklup AFC Ajax) wat fuort in grutte hit waard. Ek 'Heya Jan Bols' kaam út syn koker. t Geeft allemaal niks' wáard in karnavalskreaker yn 1974.

Fierders levere er teksten oan ûnder mear it Apollo Trio en de Ariba's.

Tinge wie ek producer, arranzjeur en eigener fan de Special Sound Recording Studio en fan it Special Sound label. Bert Tinge is in broer fan sjonger Emanuel (Menno) Tinge.

Fan it jild dat hymei syn hits fertsjinne hie, kocht Tinge in wenhûspleats yn it Grinslanner Zevenhuizen. Yn 2011 ferhuze er fan De Like nei Zevenhuizen dêr't er yn de buert fan FC Groningen-foarsitter Renze de Vries kaam te wenjen. De Vries fûn dat FC Groningen nei de degradaasje yn 1974 wol een opkikker brûke koe en frege Tinge om in clubliet te skriuwen. Syn 'Laat Ons Weer Eens Juichen' út 1974 skreau Tinge by gelegenheid fan de 250ste wedstryd fan fuotballer Hugo Hovenkamp. It wurdt sjoen as it (offisjeuze) clubliet fan FC Groningen. Sa waard it yn 2021 troch de fans fan FC Groningen keazen as grutste FC-hit fan alle tiden.[2]

Grif it meast kurieuze út syn grutte muzykkarriêre wie it feit dat hy ferantwurdlik wie foar it clubliet fa twa rivalisearjende clubs: Neist FC Groningen (Laat ons weer een juichen) ek It Hearrenfean. It clubliet fan It Hearrenfean ûntstie op min ofte mear deselde wize. Foarsitter Riemer van der Velde, dy 't hy noch koe út syn jeugd, fûn in soad lietsjes oer It Hearrenfean te âldfrinzich, en it Fryske folksliet krekt wer te grut foar de club. Doe betocht Tinge op syn fersyk 'Ús Hearrenfean'. 'Oan de kant, ik moat nei it stadion.’ Sa giet de earste sin fan it offisjeuze clubliet fan It Hearrenfean, dat troch Tinge skreaun en sjongd waard. It wie in pakkend begjin, ek al omdat dêrfoar in koart seis sekonden duorjend yntro fan it Fryske folksliet oan foarôf giet.

It late yn 2015 ta grutte opskuor doe't fans fan FC Groningen Tinge syn komôf ûntdutsen. Harren clubliet, skreaun troch in Fries? Dat koe net wier wêze! Op sosjale media krige Tinge de wyn fan foaren. It wie foar Tinge tige simpel, neffens syn soan. ‘Heerenveen wie syn jeugdleafde, FC Groningen syn grutte leafde. Hy hat as Fries sechtich jier yn de provinsje Grinslân wenne. Oant de jierren njoggentich spile It Hearrenfean earste divyzje. Oant dy tiid hoechde je noch hielendal net te kiezen.’

Eins wiene dy sportive meisjongers hielendal syn smaak net, sei syn soan letter. ‘Mar ja, as beropsmuzikant wie hy ek ûndernimmer. De kachel moast brâne.’ Boppedat koed er it goed. Doe't FC Groningen yn 2015 de KNVB-beker wûn, ferstomme by supporters al gau de lilkens oer syn Frysk komôf en waard it liet troch de fans keazen as grutste FC Groningen-hit oer alle tiden. Moannenlang waard it nei de bekerwinst noch op it kariljon fan de Martinitoer spile. Ek Ús Hearrenfean groeide út ta in klassiker; it liet waard yn it Abe Lenstra Stadion lange tiid as goaltune brûkt.

Singles
  • Is er dan niemand (die er iets aan doet) / Mijn zoon (CNR 145 171, 1985)
  • Niets meer te zeggen / Voorbij (Special Sound 4880, 1984)
  • Hoe kon dit ons gebeuren / Mijn hele leven (Special Sound 4728, 1983)
  • Zaltbommel / Wanner kom ons troudag, Gertie (Special Sound / Dureco 4763, 1983)
  • De ster / Verliefd, verloren (Special Sound 46 28 / Artone ART 25 035, 1982)
  • Lekker flipperen / Ik zie de zon (CNR 144 813, 1981)
  • Ik maak het helemaal vandaag / Zeg nog niet tot ziens (Telstar 3305 TF, 1981)
  • Hoera, je bent deejay! / waar komt dat konijn vandaan? (Telstar 1981, 1974)
CD
  • In mûdhûn yn 'e reinwettersbak (PRCD 200011, 2000)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Bert Tinge (86) overleden, de muzikant die clublied voor zowel sc Heerenveen als FC Groningen maakte, Omrop Fryslân
  2. 'n Beeld – Bert Tinge, dekrantnieuws.nl, 15 juny 2021
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy