Hilda Neihardt
Hilda Neihardt (Bancroft (Nebraska), 6 desimber 1916 – Coatesville (Indiana), 27 desimber 2004) wie in Amerikaansk abbekate en publisiste fan mingd Deensk-Dútsk etnysk komôf. Hja wie de dochter fan dichter en etnolooch John G. Neihardt, dy't hja holp by it skriuwen fan syn ferneamde boek Black Elk Speaks, oer de fizioenen fan 'e foaroansteande Lakota-medisynman Swarte Wapity (Black Elk). Letter ûntjoech hja har ta promoatster fan it wurk fan har heit.
Hilda Neihardt | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hilda Neihardt Petri | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 desimber 1916 | |
berteplak | Bancroft (Nebraska) | |
stoarn | 27 desimber 2004 | |
stjerplak | Coatesville (Indiana) | |
etnisiteit | Deensk Dútsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | abbekate | |
aktyf as | assistinte fan John G. Neihardt |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeNeihardt waard yn 1916 berne yn Bancroft, yn 'e Amerikaanske steat Nebraska, as de dochter fan dichter, skiedkundige en etnolooch John G. Neihardt en dy syn frou Mona Martinsen. Yn 1920 ferhuze hja mei har âlden nei Branson, yn it Ozark-berchtme fan 'e steat Missoury, en letter nei Springfield en nei St. Louis. Mei fyftjin jier holp Neihardt har heit as 'offisjeel waarnimmer' by dy syn petearen mei Swarte Wapity, in foaroansteande medisynman fan 'e Lakota-Yndianen. De fizioenen en oare ferhalen fan Swarte Wapity (Black Elk) soene letter de basis foarmje foar har heite boek Black Elk Speaks, dat útkaam yn 1932.
Hilda Niehardt genoat har oplieding oan 'e pleatslike kweekskoalle yn Springfield en studearre dêrnei oan it Wayne State College yn Wayne (Nebraska). Se rûne har stúdzje ôf mei in bachelortitel oan 'e Universiteit fan Nebraska-Lincoln. Neitiid wurke se ferskate jierren op it Switserske konsulaat yn St. Louis, foar't se yn 1944 tsjinst naam yn it frouljuskorps fan it Amerikaanske Leger. Hja wie û.m. legere yn Pasco, yn Washington, dêr't se as loftferkearsliedster fungearre. Op 4 april 1944 troude Neihardt mei Albert J. Petri, mei wa't se trije bern krige, Gail, Robin en Coralie. (Soan Robin naam letter Neihardt har famkesnamme oan as syn efternamme en brûkte 'Petri' as syn middelnamme.)
Yn 1960 sette Neihardt mei 44 jier útein mei in stúdzje rjochten oan 'e Universiteit fan Missoury, dy't se yn 1963 bekroande mei in masterskip yn 'e rjochten. Neitiid wie se de earste froulike abbekaat dy't in praktyk hie yn sintraal Missoury. Hja wenne doedestiden yn Columbia, dêr't se in krúsjale rol spile by de oankeap fan lân foar de stifting fan it Steatspark Rock Bridge.
Nei't se mei pinsjoen gien wie, ûntjoech Neihardt har ta in net wurch te krijen promoatster fan it wurk fan har heit. Dêrta redigearre se û.m. de blomlêzings The End of the Dream and Other Stories en The Giving Earth. Teffens skreau se sels it boek Black Elk Speaks and Flaming Rainbow, dêr't se har persoanlike oantinkens yn optekene oan sawol har heit as de grutte medisynman. Fierders hie se mei Lori Utrecht de redaksje oer de útjefte Black Elk Lives: Conversations with the Black Elk Family, en skreau se ek The Broidered Garment: The Love Story of Mona Martinsen and John G. Neihardt, oer har âlden. Mei Black Elk Lives wûn se yn 2001 de Nebraska Book Award yn 'e kategory non-fiksje. Yn 2004 waard har noch in earedoktoraat taparte troch it Wayne State College. Neihardt ferstoar op 27 desimber 2004, yn 'e âlderdom fan 88 jier, yn Coatesville yn Indiana.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |