6 desimber
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 desimber | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 |
<< | Desimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | 31 | |||||
2024 |
6 desimber is de 340e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 341e). Der folgje noch 25 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
6 desimber is it eins Sinteklaas, de namdei fan 'e hillige Nikolaas fan Myra (hoewol't it Sinteklaasfeest, mei pakjesjûn, de jûns fan tefoarren fierd wurdt).
Foarfallen
bewurkje seksje- 1196 - Hollân en Fryslân wurde teheistere troch de Sint Nikolaasfloed. It risseltaat fan dizze stoarm wie in ôfslach fan de feangebieten yn West Fryslân en in fergrutting fan de Waadsee en de Sudersee.
- 1877 - Thomas Edison makket de earste lûdsopname.
- 1906 - De Britske oerheid ferlient selsbestjoer oan de eardere boererepublyk Transfaal.
- 1917 - Finlân ferklearret him ûnôfhinklik fan Ruslân.
- 1942 - De RAF bombardearret de Philipsfabriken yn Eindhoven om de levering fan guod oan de Dútsers stagnearje te litten.
- 1957 - De earste poging fan de Feriene Steaten om in keunstmoanne te lansearjen mislearret, wêrby't it lansearplatfoarm opblaasd wurdt.
- 1976 - De Nederlânske oarlochsmisdiediger Pieter Menten wurdt tichtby Surich arrestearre, tankzij it speurwurk fan sjoernalist Hans Knoop.
- 1991 - Under it Belis fan Dubrovnik berikke de artillerybesjittings fan 'e Kroätyske havenstêd troch it Joegoslavyske leger in hichtepunt.
Berne
bewurkje seksje- 1421 - kening Hindrik VI fan Ingelân († 1471)
- 1792 - kening Willem II fan de Nederlannen († 1849)
- 1801 - Hearke Tjerks Witteveen (Sterke Jerke), Frysk fjildwachter en sterke man († 1890)
- 1849 - August von Mackensen, Dútsk militêr († 1945)
- 1879 - Rudolf Gundersen, Noarsk reedrider († 1946)
- 1888 - Meint Wiegersma, Frysk ûnderwizer, geakundige en natoerbeskermer († 1984)
- 1896 - Ira Gershwin, Amerikaansk tekstskriuwer († 1983)
- 1916 - Hilda Neihardt, Amerikaansk abbekate en publisiste († 2004)
- 1920 - Dave Brubeck, Amerikaansk jazzpianist en komponist († 2012)
- 1923 - Giovanni Narcis Hakkenberg, Nederlânsk marinier en ridder yn de Militêre Willems-Oarder († 2013)
- 1929 - King Moody, Amerikaansk akteur († 2001)
- 1933 - Henryk Górecki, Poalsk komponist († 2010)
- 1947 - Henk van Woerden, Nederlânsk skilder en skriuwer († 2005)
- 1954 - Tjitse Smeding, Frysk trainer-pikeur († 2010)
- 1961 - Rieks van der Velde, Nederlânsk komponist, arranzjeur en dirigint
- 1969 - Alyssa Alps, Amerikaansk neakenmodel
- 1970 - Gina Wild, Dútsk pornoaktrise en mainstream-aktrise
- 1972 - Brittany O'Connell, Amerikaansk pornoaktrise
- 1982 - Alberto Contador, Spaansk hurdfytser
Ferstoarn
bewurkje seksje- 345 of 352 - Nikolaas fan Myra (Sinteklaas), Gryksk biskop (* ±270)
- 1185 - Alfûns I fan Portegal (* 1109)
- 1562 - Jan van Scorel, Nederlânsk keunstskilder (* 1495)
- 1672 - Joan Leonardsz Blasius, Nederlânsk skriuwer en dichter (* 1639)
- 1879 - Marten Jans van Houten, Frysk evangelist en mystikus (* 1801)
- 1881 - Wieger Hendrikus Idzerda, Frysk politikus (* 1816)
- 1968 - Sybrandus Johannes Fockema Andreae, Frysk argivaris en bestjoerder (* 1904)
- 1988 - Roy Orbison, Amerikaansk muzikant (* 1936)
- 2005 - Charly Gaul, Lúksemboarchsk hurdfytser (* 1932)
- 2007 - Henri Debehogne, Belgysk astronoom (* 1928)
- 2017 - Johnny Hallyday, Frânsk sjonger en akteur (* 1943)
- 2017 - Leonard George, Kanadeesk akteur (* 1946)
29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 desimber | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|