Sarajevo (ferâldere Serajewo, Serajevo, Sarajewo) is de haadstêd en grutste stêd fan Bosnje en Herzegovina. De stêd leit foar in part yn de Federaasje fan Bosnje en Herzegovina (kanton Sarajevo) en foar in oar part yn de Servyske Republyk.

Sarajevo
Bestjoer
Lân Bosnje en Herzegovina
Boargemaster Ivo Komšić
Sifers
Ynwennertal 369.534 (2013)
Oerflak 141,5 km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 43° 52' N, 18° 25' E
Offisjele webside
www.sarajevo.ba
lizzing Sarajevo
De Baščaršija (it âlde sintrum) yn Sarajevo
Hillich Hert-katedraal
universiteitsbibleteek yn septimber 1996

De stêd waard yn 1461 stifte troch de Ottomanen. Yn 1914 spile de stêd in grutte rol yn de wrâldskiednis, troch de moard op aartshartoch Frans Ferdinand dy't hjir begongen waard en dy't de Earste Wrâldoarloch ynliede. Santich jier letter wie de oandacht fan de wrâld wer rjochte op Sarajevo: yn 1984 waarden de Olympyske Winterspullen hjir hâlden. Tusken 1992 en 1995, yn de Bosnyske Oarloch, waard Sarajevo swier bombardearre troch Bosnysk-Servyske troepen.

De stêd waard yn it ferline ek wol it Europese Jeruzalim neamd, troch de ideale kombinaasje fan east en west en it freedsum neist elkoar libjen fan Joaden, kristenen en moslims.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Sarajevo leit flak by de geometryske midden fan Bosnje en Herzegovina. It grutste part fan de stêd is boud yn de Sarajevo-delte: in lytse delte fan 500 meter boppe seenivo, mids bergen. De stêd hat net folle hichteferskillen, mar sommige gebieten yn it Easten binne frijwat heuveleftich.

De rivier de Miljacka trochkrúst de stêd fan east nei west. De boarne fan de rivier de Bosna leit flak by Ilidža, in stedsje yn de omjouwing fan Sarajevo.

Sarajevo leit mids fiif bergen dy't diel útmeitsje fan de Dinaryske Alpen: in berchtme dat troch Kroaasje, Bosnje en Herzegovina en Montenegro rint. Dizze bergen binne yn alfabetyske folchoarder:

  • Bjelašnica: 2067 meter
  • Igman: 1502 meter
  • Jahorina: 1913 meter
  • Trebević: 1627 meter
  • Treskavica: 2088 meter

Sarajevo is yn polityk opsicht de wichtichste stêd fan Bosnje en Herzegovina. It is de haadstêd fan it lân, en fan de Bosniak-Kroatyske Federaasje (ien fan de twa sub-entiteiten fan it lân). Fierders wurdt ek it kanton Sarajevo bestjoerd út de stêd Sarajevo wei. De stêd Sarajevo is de iennige stêd yn it lân dy't út ferskillende dielgemeenten bestiet. Al is Sarajevo dan de haadstêd fan it lân, soks hat net altiten sa west. Travnik hat koarte tiid haadstêd west fan Bosnje, mar waard net lang dêrnei wer ûnder Sarajevo setten, wêrtroch 't de stêd wer syn status as haadstêd werom krige.


 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Sarajevo

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy