Dokumint
In dokumint is in samling gegevens fêstlein op in gegevensdrager[1]. Dat kin yn skriftlike foarm wêze op papier of digitaal, mar ek op bygelyks in mikrofiche.
Foarbylden fan dokuminten binne berte-akte’s, nota’s (bygelyks in nota romtlike oardering), sikehûsdossiers, beswierskriften, politike programs, en sels lochboeken, deiboeken, syllabus en reisferslaggen. Yn de earste beskavings waarden ek obelisken fan politike boadskippen foarsjoen.
Yn wittenskiplik ûndersyk waard in dokumint faak as ynformaasjeboarne neamd. Skaaimerk foar dysoarte ynformaasjeboarne is dat der troch de bank nommen gjin publike bestimming oan dizze samling gegevens sit.
It wurd dokumint wurdt ek brûkt om in bestân mei oan te tsjutten yn de burometafoar dy’t gebrûklik is by de grafyske brûkersynterface fan kompjûters. De grûnlizzer foar in klassifikaasjesysteem foar dokuminten is Paul Otlet.
It produsearjen fan de ynhâld fan in dokumint wurdt skriuwen neamd.
Standerdisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn oparbeidzjen mei de oerheid, it bedriuwslibben en opliedingsynstituten is troch it Nederlânske Normalisaasje-ynstitút, in noarm opsteld foar it yndielen en útwurkjen fan dokuminten, de NEN 3126. Yn dy noarm binne foarskriften jûn oangeande [2]:
- De skaaimerken fan it dokumint: dat giet oer it oanjaan fan identiteit fan it dokumint lykas de titel, skriuwer, datum en plak fan meitsjen, en spesifike oantsjuttings lykas konsept of kopy of betroulik of geheim.
- De redaksjonele yndieling: dat giet oer it oanbringen fan ûnderskied yn de tekst troch it brûken fan haden, yndielingstekens en fariaasjes yn de skriuwwize.
- De typografyske yndieling: dat giet oer de typografyske saken fan setspegel of side-layout, marzjes, rigelnûmering, rigelôfstân en lêstekens oant noaten, ferwizingstekens en tabellen en figueren.
- Grutheden en ienheden: oer it brûken fan symboalen en ienheden yn benammen formules.
- Tallen en jildbedraggen: oer de skriuwwize fan ferskate soarten tallen, lykas jildbedraggen, telefoannûmers.
Fierder hat de noarm noch in haadstik wijd oan ûnderskrift en oan brieven.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |