Seal (hynsteriden)
In seal of sadel is in ûnderstypjende struktuer foar in berider of in oare lading, dy't in ryd- of lêstdier op 'e rêch bûn wurdt troch ûnder de bealch lâns in búkrym oan te heljen. It bekendste soarte seal is it rydseal dat ûntwurpen is foar hynders, mar dêrnjonken besteane der ek paksealen foar bgl. hynders, mûldieren, ezels en lama's, en spesjalisearre rydsealen foar oarsoartige bisten, lykas ezels, kamielen en jaks. By it beriden soarget it seal behalven foar it ûnderstypjen fan 'e berider ek foar in kjessen tusken de lichemsdielen fan 'e berider en it ryddier, dêr't beide baat by hawwe. It is ûnbekend wannear't de minske foar it earst begûn is mei it brûken fan de iene of oare soarte fan rydkjessen, mar it tinken is dat it moderne seal him oarspronklik ûntjûn hat út in tekken dy't mei koarden teplak holden waard.
Hjoed oan 'e dei besteane der withoefolle ferskillende soarten sealen, allinnich al foar it beriden fan hynders. Dêrfan komme it dressuerseal (of Ingelsk seal), dat brûkt wurdt foar hynstesport, en it (Amerikaanske) westernseal, bekend fan cowboys en rodeo's, it measte foar. It westernseal is eins de bekendste fertsjintwurdiger fan in kategory dy't it feedriuwersseal of stock saddle hjit, en dêr't bygelyks ek it Australyske feedriuwersseal ta heart. Njonken de normale foarm fan dizze sealen, mei in stive en hurde sealboom, dy't stevigens oan it seal jout, besteane der fan sawol dressuersealen as westernsealen ek fleksibele, boomleaze farianten.
Foar froulju wie foarhinne it amazôneseal of damesseal yn gebrûk, dat ûntwurpen wie sadat men mei de skonken oan deselde kant fan it hynder ride koe. De reden dêrfoar wie dat it foar froulju ûnfatsoenlik beskôge waard om 'e skonken te sprieden en oerskrank op it hynder te sitten, en teffens wie it ûnpraktysk mei de lange rokken dy't eartiids troch froulju droegen waarden. Pas geandewei de tweintichste iuw, doe't froulju broeken begûnen te dragen, rekke it amazôneseal út 'e moade. Noch wer in oar seal is it springseal, dat brûkt wurdt troch springruters. Fierders hie foarhinne de kriichsmacht faak in selsûntwurpen seal yn gebrûk foar de kavalery, lykas yn it gefal fan it Amerikaanske Leger it McCellan-seal, en itselde gou en jildt noch hieltyd foar plysje te pearde. Yn Aazje en Noard-Afrika hat it seal him op folslein eigen wizen ûntjûn, resultearjend yn û.m. it Arabyske seal en de kura, it Japanske seal.
In seal wurdt yn it Westen meast makke fan lear (al wurdt tsjintwurdich foar guon ûnderdielen ek keunststof brûkt), mar foar Aziatyske sealen waard ek in protte gebrûk makke fan hout yn kombinaasje mei lear. In seal bestiet út[1] 'e sealboom, dy't yn 'e lingterjochting troch de midden rint (d.w.s. lykop geand mei de wringe fan it ryddier). De boom is by dressuersealen justjes krommich, en stekt foar en efter de sit fan 'e ruter wat omheech; dy beide parten wurde oantsjut as de foar- en de efterboom. De romte ûnder de foarboom is de sealkeamer. By westernsealen binne de foar- en efterboom folle heger yn ferhâlding mei it sitplak fan 'e ruter, en wurde se oantsjut as de foar- en efterbôge fan 'e sealbôge. De foarbôge einiget by sokke sealen yn in útstykjende punt, de sealknop (dêr't cowboys by it fangen fan fee har lasso omhinne fêstsette). It diel fan it seal ûnder de sit fan 'e ruter hjit it sealkjessen. De ôfhingjende learene flap dêr't de ruter mei de knibbels en de binnenkant fan 'e boppeskonken tsjinoan drukt, is it switblêd. Dêroerhinne hinget de yn hichte ferstelbere stiichbûgelrym, mei oan 'e útein de stiichbûgel, dêr't de ruter syn foet yn set. It seal wurdt op in hynder (of oar ryddier) fêstset troch de sealrym, búkrym of singel ûnder de bealch fan it bist troch fêst te gaspjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.
|