1498
Appearance
Iuwen: | 10e | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e iuw | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e |
Jierren: | 1493 | 1494 | 1495 | 1496 | 1497 | 1498 | 1499 | 1500 | 1501 | 1502 | 1503 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder | 1498 MCDXCVIII |
Ab urbe condita | 2251 |
Armeenske kalinder | 947 ԹՎ ՋԽԷ |
Etiopyske kalinder | 1490 – 1491 |
Hebriuwske kalinder | 5258 – 5259 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1553 – 1554 |
- Shaka Samvat | 1420 – 1421 |
- Kali Yuga | 4599 – 4600 |
Iraanske kalinder | 876 – 877 |
Islamityske kalinder | 903 – 903 |
Juliaanske kalinder |
1498 MCDXCVIII |
Sineeske kalinder | 4194 – 4195 甲巳 – 乙午 |
1498 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Juliaanske kalinder foar 1498.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 13 april - Yn Fryslân wurdt de stêd Dokkum troch it leger fan Albrecht fan Saksen beset.
- 30 april - Yn Snits wurde troch fertsjintwurdigers fan de Skieringers en Albrecht fan Saksen it Ferdrach fan Snits tekene. Dat ferdrach markearet de ein fan de Fryske frijheid en it begjin fan de Saksentiid yn Fryslân.
- 10 juny - Yn de Slach by Laaksum wurdt it grutte leger fan Fetkeapers út de Sânwâlden ferslein troch in lyts leger fan Albrecht fan Saksen.
- 18 septimber - Vasco da Gama komt werom fan syn reis nei Foar-Ynje yn Lissabon
- De ûntdekkingsreizger Vasco da Gama út Portegal fart om Afrika hinne nei Ynje.
- Tredde reis fan Kolumbus nei de Nij Wrâld (oant 1500) wêrby’t hy de kust fan Fenezuela berikt.
- Kening Karel VIII stjert sûnder bern en Anna fan Bretanje wertrout mei Loadewyk XII dy’t se 2 dochters skinkt.
- Keizer Maksimiliaan skinkt hartoch Albrecht fan Saksen it lienhearskip fan it oarspronklike Fryslân as ûnderpân foar in liening fan 300.000 gûne. Hjirmei giet de Fryske Frijheid foargoed ferlern en begjint foar Fryslân in perioade fan fersnippering en politike ûndergeskiktheid
- 23 oktober - It belis fan Ljouwert
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 6 april - Giovanni de' Medici, († 1526)
- 15 novimber - Eleonore fan Eastenryk, aartshartoginne fan Eastenryk, prinsesse fan Spanje en keninginne fan Portegal en Frankryk († 1558)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 7 april - kening Karel VIII fan Frankryk (* 1470)
- 23 maaie - Girolamo Savonarola, op de brânsteapel terjochtsteld
- 23 augustus - Elisabeth fan Spanje, Prinsesse fan Spanje, keninginne fan Portegal (as oantroude, net as foarstinne út eigen rjocht) (* 1470)
Jierren: | 1493 | 1494 | 1495 | 1496 | 1497 | 1498 | 1499 | 1500 | 1501 | 1502 | 1503 |
Iuwen: | 10e | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e iuw | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|