Springe nei ynhâld

Albany (New York)

Ut Wikipedy
Albany
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat New York
County Albany
Sifers
Ynwennertal 97.856↑ (2010)
Oerflak 56 km²
Befolkingsticht. 2.119 / km²
Stêdekloft 857.592
Hichte 0-99 m
Oar
Stifting 1614
Tiidsône East (EST) (UTC-5)
Simmertiid (UTC-4)
Koördinaten
Offisjele webside
Webside Albany NY
Albany yn Albany County yn de steat New York
Kaart fan Albany, 1695

Albany is de haadstêd fan de Amerikaanske steat New York. De stêd leit yn it easten fan de steat yn Albany County, dêr't it ek it haadplak fan is. Albany leit benoarden fan de stêd New York, op it plak dêr't de rivieren de Mohawk en de Hudson by elkoar komme.
Albany hie yn 2006 93.963 ynwenners. In part fan de State University of New York is der festige.

Albany ûntstie yn 1647 by it troch de Nederlanners yn 1624 stichte Fort Oranje, dat Fort Nassau ferfange moast. It fort wie in hannelspost dêr't fral beverpelzen fan de ynlânske befolking ynkocht waarden. De stêd hiet yn 't earstoan Beverwijck en wie de twadde stêd fan Nij-Nederlân nei Nij-Amsterdam. De stichter wie Brant fan Slichtenhorst. Yn 1660 hie de stêd 1050 ynwenners. De twa wichtichste strjitten hieten de Handelaersstraet (no Broadway) en de Jonckheerstraet (no State Street). De stêd hie ringsom in houten palissade.

Yn 1664 ferôveren de Ingelsken it gebiet. Se doopten it fort om yn Albany, ta eare fan de Hartoch fan Albany, de lettere kening Jakobus II fan Ingelân. Yn 1797 waard Albany de haadstêd fan de steat New York.


Berne yn Albany

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy