Springe nei ynhâld

Aldskoat

Ut Wikipedy
Aldskoat
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 1.525 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade 8451
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 56' N 5° 56' E
Offisjele webside
www.aldskoat.nl
Kaart
Aldskoat (Fryslân)
Aldskoat
Lokaasje Aldskoat yn Fryslân
Kaart
Lokaasje Aldskoat (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean.

Aldskoat, koartwei ek Skoat, is in doarp yn 'e gemeente It Hearrenfean. It doarp leit besuden de plakken It Hearrenfean en It Oranjewâld en efkes beëasten Nijskoat. It oanswettende buorskip Annebuorren falt kadastraal ûnder it doarp.

It net troch It Hearrenfean anneksearre part fan it doarp hat 1.525 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De âlde beneaming foar it plak is Scoete of Scote. De namme ferwiist nei 'skoat', in heger útstekkend stik lân. It ûntstean hat te krijen mei in hege sânrêch yn it lânskip oan de bochtige Tsjonger dy’t de boel ek wolris ûnder wetter sette.

Om 1200 hinne wurdt dêr in kleaster stifte by in ienfâldige brêge oer de Tsjonger. Melchior de Grutte wie it lêste haad fan it kleaster. Oant de reformaasje yn 1580 stie der ek in hospitaal fan de Dútske Oarder. Aldskoat hat al sûnt 1305 in tsjerke. Yn 1610 waard de âlde tsjerke ferfongen troch in nije tsjerke mei in sealtektoer.

Nei 1408 sprekke se fan Old Schooten, wat letter Aldskoat wurden is. Sûnt de midsiuwen wie it doarp it sintrum fan Skoatterlân, alhoewol’t it gemeentehûs fan Skoatterlân oant de opheffing fan dy gemeente yn it tichtbylizzende It Hearrenfean stie.

De tsjerke fan 1610.

Eartiids waard It Hearrenfean Skoatteruterbuorren neamd, wat oanjout dat Aldskoat wichtiger wie as It Hearrenfean. Oant likernôch 1750 waard der ek rjocht sprutsen yn it doarp en setele de gritenijrie yn Aldskoat. Grytman Menno Coehoorn fan Scheltinga ferhûze yn 1750 de rieds- en rjochtsittingen fan "De Drie Pilaren" nei It Hearrenfean. Yn 'e selde tiid waard ek de âlde tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke.

Grut Feanwyk

Fan 'e bûtenpleatsen Grut en Lyts Feanwyk is Grut Feanwyk yn 1901 ferboud ta it steatlike gebou fan de Julia Jan Wouters-stifting. Lyts Feanwyk is yn 2007 ôfbrutsen. It Woutersberchje is der noch.

De kearn fan it âlde doarp wurdt foarme troch it krúspunt fan de noard-súd as (Marktwei en Wolvegeasterwei) en de east-westas. Dy lêste bestiet út de yn it westlik gedielte fan it doarp begjinnende Peperstraat en de Skoatterlânskewei (dy't trochrint oant it doarp Donkerbroek yn Eaststellingwerf).

Oan 'e súdkant fan 'e Peperstrjitte wie in kolfbaan. By de ynfiering fan strjitnammen yn 'e jierren 1950 waard de Piperstrjitte by fersin Kolfbaan neamd, in fout dy't oant no ta altyd noch net wersteld is. De Kolfbaan waard om 1960 hinne beboud mei trije rigen ienfâldige simplekshuzen.

Benammen fytsfabryk Batavus en fetsmelterij Smilde hawwe in soad wurkgelegenheid jûn.

Yn 'e jierren 1950 ûntstie tusken Aldskoat en Nijskoat in yndustryterrein en yn 'e selde tiid waard Rykswei 32 oanlein, dy’t it doarp krekt eastlik fan 'e Nederlânsk Herfoarme tsjerke trochsnie. Hielendal yn 'e geast fan dy tiid waard de âlde doarpskearn mei yngong fan 1 jannewaris 1965 by it haadplak It Hearrenfean foege ûnder de namme It Hearrenfean-Súd. Allinne Annebuorren bleau bûten skot. De bewenners wienen dêr net gelokkich mei, sa die ek bliken yn 1996, doe't der fûl aksje fierd waard om de doarpsstatus werom te krijen.

Yn 2003 krige it doarp de âlde namme Aldskoat werom. De bedriuwen, dy't yntusken op it eardere doarpsgebiet boud wiene, bleaune lykwols ûnder It Hearrenfean fallen.

Doarpsgrinzen Aldskoat.

It Skoatterhûs is it multyfunksjonele sintrum fan it doarp. It doarp hat in Pleatslik Belang en de doarpskrante hjit Skoatter Doarpsnijs.

Sionstsjerke

Yn 2023 waard bekend dat it Bernesintrum Skoatterwiis fanwegen it sakjende tal bern sletten wurde moast.[3]

De Trije Pilaren.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969* 1973* 2005 2006 2007 2008 2010
Ynwenners 452 903 1044 1272 222 196 1498 1484 1513 1496 1512
Jier 2022
Ynwenners 1.485

* Anneksaasje fan doarpsgebiet troch It Hearrenfean.
Boarne 1840: Plaatsengids.nl.

  • Op Twadde Pinksterdei is de Skoattermerk. Fanâlds waarden der in soad hynders ferhannele. De jiermerk bestiet al sûnt 1576 en is de âldste fan Noard-Nederlân.
  • Begjin novimber: Spûketocht
Skoatterlânskewei.

De strjitten fan Aldskoat.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Wenwiken fan It Hearrenfean

De Heide | De Greiden | De Ikkers | Hearrenfean-Midden | Hearrenfean-Noard | Nijehaske | Skoatterwâld

Oanswettende buorskippen & doarpen
Aldskoat (1965-2003 Hearrenfean-Súd) | It Mar | It Oranjewâld | Nijskoat

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy